Seif Sharif Hamad

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Seif Sharif Hamad
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Seif Sharif Hamad.jpg
echte namme Seif Sharif Hamad
nasjonaliteit Flag of Tanzania.svg Tanzaniaansk
bertedatum 22 oktober 1943
berteplak op Pemba (Sansibar)
etnisiteit Flagge fan de Swahily.PNG Swahily
partij Civic United Front (CUF)
fise-presidint fan Sansibar
amtsperioade 20102020
foargonger (amt bestie net)
opfolger noch ûnbekend
foarsitter fan de Algemiene Gearkomste
fan de UNPO
amtsperioade 19972001
foargonger Erkin Alptekin
opfolger John J. Nimrod
premier fan Sansibar
amtsperioade 19841988
foargonger Ramadani Baki
opfolger Omar Ali Juma
lid fan it Sansibareeske Legerhûs
amtsperioade 19801988
lid fan it Tanzaniaanske Parlemint
amtsperioade 19771980
Sansibareesk minister fan Underwiis
amtsperioade 19771980

Seif Sharif Hamad (op Pemba (Sansibar), 22 oktober 1943) is in Tanzaniaansk politikus en aktivist fan etnysk Swahily-komôf. Hy sette syn politike karriêre yn 'e 1970-er jierren útein en tsjinne û.m. as lid fan it nasjonale parlemint fan 'e Feriene Republyk Tanzania en it parlemint fan 'e autonome republyk Sansibar, en teffens as minister. Fierders wied er fan 1984 oant 1988 premier fan Sansibar. Nei't er ein jierren tachtich mei spul út 'e regearingspartij Chama cha Mapinduzi (CCM) setten wie, rjochte er mei oare ûntefreden Sansibarezen it Civic United Front (CUF) op, dat him ûntjoech ta de wichtichste opposysjepartij op Sansibar. Nei jierren fan politike striid kaam der yn 2010 in gearwurking mei de CCM ta stân, dy't de foarming fan in Sansibareesk koälysjeregear mooglik makke wêryn't Hamad it amt fan fise-presidint beklaait.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hamad waard yn 1943 berne op it eilân Pemba, yn wat doe noch it Sultanaat Sansibar wie. Fan 1950 oant 1957 gied er nei de legere skoalle yn Uondwe en letter nei de Wete Boys School, beide op Pemba. Fan 1958 oant 1963 genoat er middelber ûnderwiis oan 'e King George VI Memorial Secondary School yn 'e stêd Sansibar op it eilân Sansibar.

Nei't er yn desimber 1963 foar syn eineksamens slagge wie, woe Hamad studearje, mar dêrfan waard er wjerholden om't er nedich wie om it amtlike apparaat fan Sansibar draaiende te hâlden nei't it steatsje dyselde moanne ûnôfhinklik wurden wie. Doe't in moanne letter, yn jannewaris 1964, nammentlik in bloedige steatsgreep plakfûn wêrby't de lêste sultan ôfset waard en in revolúsjonêr-marksistysk regear oan 'e macht kaam, hie dat nammentlik in massale eksodus fan it Britske koloniale bestjoer as gefolch.

De gearfoeging fan it lytse Sansibar mei it folle gruttere Tanganjika ta de nije Feriene Republyk Tanzania, yn april 1964, brocht gjin ferbettering yn dy sitewaasje, dat Hamad waard oansteld om les ta jaan oan ferskate middelbere skoallen. Pas yn 1972 koed er úteinsette mei in stúdzje politikology oan 'e Universiteit fan Dar es Salaam, dy't er yn 1975 foltôge mei it beheljen fan in bachelortitel.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, gie Hamad de polityk yn, wêrby't er lid waard fan 'e Chama cha Mapinduzi (CCM), de "Partij fan 'e Revolúsje", dat doedestiden de iennichste tastiene politike partij yn Tanzania wie. Fan 1977 oant 1980 tsjinne er dêrby as minister fan Underwiis yn 'e autonome republyk Sansibar, wylst er yn dyselde snuorje lid fan it Tanzaniaanske nasjonale parlemint wie. Fierders wied er fan 1977 oant 1987 lid fan it Sintraal Komitee en it Nasjonaal Utfierend Komitee fan 'e CCM. Fan 1980 oant 1989 siet er yn it Sansibareeske parlemint, en fan 1982 oant 1987 stied er oan it haad fan it departemint fan Ekonomyske Planning fan 'e CCM. Fan 6 febrewaris 1984 oant 22 jannewaris 1988 tsjinne er as premier fan Sansibar.

Nei't er spul krigen hie mei guon oare foaroansteande CCM-leden, waard Hamad yn jannewaris 1988 út 'e bestjoersorganen fan 'e partij en út syn funksje as premier set. Yn maaie fan dat jier waard him fierders syn partijlidmaatskip ûntnommen, wat betsjutte dat er ek automatysk syn parlemintssit yn it legerhûs fan Sansibar ferlear, om't doedestiden inkeld leden fan 'e CCM parlemintariër wêze koene. Seis oare partijleden dielden Hamad syn lot. In jier letter, yn maaie 1989, waard er oppakt en op beskuldiging fan ûntfrjemding fan geheime regearingsdokuminten nei it tichthûs ta stjoerd. Neitiid waard er goed twa jier lang, oant novimber 1991, fêstholden as politike finzene.

Doe't Tanzania yn 1992 in mearpartijestelsel ynfierde, rjochte Hamad mei ferskate oare eardere CCM-leden in eigen politike partij op, it Civic United Front (CUF), dat him geandewei de jierren njoggentich ûntjoech ta de wichtichste opposysjepartij yn Sansibar, mei benammen in grutte oanhing op Hamad syn thúseilân Pemba. De earste nominaal frije ferkiezings yn Tanzania fûnen plak yn 1995. Dêrby wie Hamad kandidaat foar it presidintskip fan 'e autonome republyk Sansibar, mar hy waard mei 50,24% fan 'e stimmen tsjin 49,76% ferslein troch de CCM-kandidaat en sittend presidint Salmin Amour. Ynternasjonale waarnimmers stelden oansjenlike ûngeregeldheden by de ferkiezings fêst, en it CUF wegere de útkomst te erkennen.

Hamad (rj.) mei CUF-lid Ibrahim Lipumba, yn 2003.

Yn 1991 hie it CUF foar Sansibar oansluting socht by de UNPO, de ynternasjonale organisaasje foar folken en naasjes dy't net fertsjintwurdige binne yn 'e Feriene Naasjes. Fan 1997 oant 2001 wie Hamad de foarsitter fan 'e Algemiene Gearkomste fan 'e UNPO.

By de ferkiezings fan 2000 wie Hamad fannijs de kandidaat fan it CUF, en naam er it op tsjin Amani Abeid Karume fan 'e CCM. Diskear ferlear Hamad mei 32,96% fan 'e stimmen (tsjin 67,04% foar Karume). Waarnimmers hiene lykwols gjin goed wurd foar de ferkiezings oer, en stelden grutskalige stimbusfraude en wiidfersprate yntimidaasje fan opposysjeleden en kiezers troch de plysje fêst. It Britske Mienebêst omskreau de ferkiezings op Sansibar as "a shambles" ("in soadsje" of "in wanfertoaning"). De resultearjende folksprotesten waarden bloedich ûnderdrukt doe't oerheidstroepen yn jannewaris 2001 it fjoer iepenen op demonstranten. Dêrby kamen 35 minsken om it libben en rekken 600 oaren ferwûne. Neitiid ûntflechten in protte Sansibarezen op fiskersboaten Tanzania en sochten beskûl yn 'e buorlannen.

Under ynternasjonale druk ûnderhannelen de CCM en it CUF neitiid mei-inoar. Sadwaande sleaten se foarôfgeande oan 'e ferkiezings fan 2005 in akkoart dat bedoeld wie om in werhelling fan setten foar te kommen. De measte ôfsprutsen herfoarmings waarden lykwols net ymplemintearre troch it Sansibareeske regear. By de ferkiezings fan 30 oktober 2005 waard Hamad op 'e nij ferslein troch Karume, diskear mei 46,07% fan 'e stimmen tsjin 53,18%. It CUF lei him dêr net by del en wegere de útkomst te erkennen. Ynternasjonale waarnimmers stelde op 'e nij slimme ûngeregeldheden fêst, en de Feriene Steaten besleaten dêrom de presidinsjele ynauguraasje fan Karume te boykotten. Wat de útslach fan 'e parlemintsferkiezings oanbelange, dy fertoanden fan 1995 ôf oanhâldend inselde byld, mei it CUF as oerwinner op Pemba en it CCM mei de mearderheid op it gruttere en tichterbefolke eilân Sansibar.

Yn 2009 gie Hamad op inisjatyf fan Karume in dialooch mei de presidint oan, dy't ta fermoedsoening liede moast. Dat wie de earste kear yn 'e skiednis fan Sansibar dat twa lieders streekrjocht mei-inoar yn diskusje gien wiene mei as doel om in duorjende frede op 'e Sansibareilannen te beävensearjen. Yn july 2010 waard de Sansibareeske befolking by in referindum it útstel foar de foarming fan in regear fan nasjonale ienheid troch de CCM en it CUF foarlein, dat de Sansibarezen mei in oerweldigjende mearderheid goedkarden. Yn novimber fan datselde jier fûnen de earste presidintsferkiezings yn Sansibar plak dy't troch ynternasjonale waarnimmers as freedsum en earlik ornearre waarden. De CCM-kandidaat Ali Mohamed Shein wûn mei 50,1% fan 'e stimmen, wylst Hamad 49,1% fan 'e kiezers foar him wist te winnen. Neitiid waard Hamad oansteld as de earste fise-presidint fan Sansibar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.