Saya Song
Saya Song | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
berne | 26 april 1986 | |
berteplak | Seoel (Súd-Koreä) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2015 – no | |
offisjele webside | ||
Saya Song op Twitter |
Saya Song, echte namme ûnbekend (Seoel, 26 april 1986), is in Súdkoreaansk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2015 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.
Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Song waard yn 1986 berne yn 'e Súdkoreaanske haadstêd Seoel. Se emigrearre as bern mei har âldelju nei de Feriene Steaten, dêr't se fierder opgroeide yn 'e steat Michigan. Yn 2015, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se yn 2019 yn mear as santich ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, New Sensations, Devil's Film en Wicked Pictures. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Third Degree Films, Metro en Girlfriends Films. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros en Reality Kings.
Under har karriêre hat Song gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Mick Blue, James Deen, J-Mac, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Bruce Venture en Mark Wood. Njonken har aktearwurk is Song ek aktyf as neakenmodel en hat se foar ferskate neakenblêden posearre.
Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Saya Song is mongoloïde, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg, en in natuerlike cupmaat 32B.
Song hat in grut tal tatoeaazjes, wêrûnder in hibiskusblom mei in kolibry op har rjochterearm; in Amerikaanske mies en in roas op har lofterside; in ingel op har rjochterskouderblêd; twa stjerren (yn totaal fjouwer) oan wjerskanten fan har ûnderrêch; in fee op har rjochterheup; in fallende stjer op har rjochterheup; de tekst "lucky" op har ûnderbúk; it katsje fan Hello Kitty yn har nekke; in gimeara op har lofterboppeskonk; en in ûnbeskaat ûntwerp oan 'e binnenkant fan har lofterankel. Fierders hat Song in noaspiercing (troch it noasskud) en dêropta stretchings troch beide earlellen.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (in) Saya Song op Twitter
- (in) Biografy en filmografy fan Saya Song yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Saya Song yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Saya Song op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |