Springe nei ynhâld

Kolibrys

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kolibry)
Kolibrys
Ferskate kolibrysoarten dy't yn Trinidad en Tobago foarkomme.
Ferskate kolibrysoarten dy't yn Trinidad en Tobago foarkomme.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:toersweleftigen (Apodiformes)
famylje:kolibrys (Trochilidae)
Vigors, 1825

Kolibrys (Trochilidae) binne in famylje fan fûgels út 'e oarder toersweleftigen (Apodiformes). De famylje bestiet út mear as 300 soarten. De measte soarten komme foar yn Súd-Amearika. It oarsprongsgebiet (genesintrum) fan 'e kolibry's leit dêr grif ek.

De mantsjekolibry is bûnt, meastal metaalgrien kleure, mei in glânzjend reade, blauwe of smaragdgriene kielkleur. It wyfke is ûnopfallend kleure.

De snaffel is in wichtich skaaimerk foar de soartenyndieling. By de swurdkolibry (Ensifera ensifera) is de snaffel hast like lang as it liif dat 10 sm lang is. Mar de Ramphomicron microrhynchum hat mar in snaffeltsje fan 5 mm. De Eutoxeres hawwe in sterk nei ûnderen bûge snaffel en de sabelsnaffelkolibry (Avocettula recurvirostris) hat in snaffel dy't oan de top nei boppen ta bûge is. Elke snaffel is op in bepaalde blomfoarm spesjalisearre, wêrtroch't gjin konkurrinsje tusken de kolibry-soarten optreedt. Elke kolibry hat in spesjaal pûdsje yn 'e nekke dêr't nektar yn opslein wurdt. As de wjukken nei foaren bewege, beweecht it pûdsje nei efteren. Sa kin de kolibry syn kop yn lykwicht hâlde as hy fret.

Tusken de soarten kommme grutte ferskillen yn gewicht foar. De lytste (bijkolibry, Mellisuga helenae) waacht 1,8 gram. De yn Noard-Amearika meast foarkommende kolibry (robynkielkolibry, Archilochus colubris) waacht ûngefear 3 gram en is 7,6 sm grut.

Kolibrys kinne oant 15 jier âld wurde en komme elk jier werom op itselde plak. As it te kâld wurdt, trekke se nei súdliker streken.

De kolibry hat in lange snaffel, dêr't hy mei yn de kroanbuis fan de blom komme kin. Om by de nektar te kinnen moat hy syn tonge útrôlje. De punt fan 'e tonge is spliten en hat de foarm fan in strieke. Hjirtroch kin hy by nektar komme dêr't sels ynsekten net by kinne. De blommen hawwe in tige lange kroanbuis en hawwe har foar de bestowing oanpast oan 'e kolibry en de kolibry oan 'e blommen. Om it foar dizze fûgel ekstra oantreklik te meitsjen is der in soad nektar oanwêzich. Kolibrys hawwe in sterke foarkar foar oranje en reade blommen.

Drinkende Anna-kolibry.

De kolibry kin mei sûkerwetter byfuorre wurde. Eartiids waard in reade floeistof tafoege, tsjintwurdich is de foerhâlder fan plastic en is de foet, dêr't it foerwetter yn sit, read kleure. De iepeningen fan 'e foerbuiskes binne sa lyts dat der gjin ynsekten by kinne en allinnich de snaffel fan 'e kolibry der trochhinne kin.
Sommige soarten ite ek ynsekten. De kolibry moat de hiele dei ite om genôch enerzjy te krijen. Sels as it reint bliuwt de kolibry trochfleanen, mar kin dan minder fretten fine omdat in soad blommen har by rein slute. Wannear't it langer as in wike oanhâldend reint, stjerre in soad kolibrys troch gebrek oan fiedsel.
De kolibry sliept allinnich nachts. Yn 'e sliep sakket de lichemstemperatuer in pear graden om enerzjy te besparjen. Fergelykber mei de wintersliep by bearen.

De kolibry kin troch de tige snelle wjukslach yn 'e loft stil hingjen bliuwe (15 oant 80 slaggen per sekonde, ôfhinklik fan de grutte fan 'e fûgel). Troch de snelle wjukslach kin de kolibry as ienige fûgel ek efterút fleane. Se kinne sels rjocht omheech en rjocht omleech fleane. De 'helikopter' ûnder de fûgels. Dizze manier fan fleanen freget lykwols in soad enerzjy dy't krigen wurdt út 'e sûkers dy't yn 'e nektar sitte.
De universiteit fan Kalifornje ûndersocht [1] de snelheid fan 'e (mantsjes) Anna-kolibry (Calypte anna) yn in dûkflecht. Dat barde mei in kamera dy't 500 frames per sekonde makket. Der waard mjitten dat se per sekonde 385 kear harren eigen lichemslingte ôflizze (in strieljager hellet 150 kear, mar is op 'en doer uteraard sneller). By it ôfremjen, dat mei it sprieden fan de wjukken bart, ûntstiet der in druk fan njoggen kear de swiertekrêft. In minske soe by dizze druk bûten westen reitsje.

De kolibry libbet op in soad ferskillende plakken, der binne by dy't op iepen plakken libje, gebieten mei in soad sinne en yn 'e woastyn, mar ek kolibrys dy't yn it kâlde heechberchtme libje, of yn it tropysk reinwâld of oare fochtige streken. Se komme allinnich foar yn Amearika, mar dan wol oer it hiele kontinint, fan Alaska oant yn Fjoerlân.

De kolibry leit yn twa dagen twa relatyf grutte, wite aaien dy't nei 14-19 dagen útkomme. De jongen wurde yn 3-4 wiken mei ynsekten en nektar fuorre troch de mem. Dizze fuorret oant 140 kear deis de jongen, wêrby't de lange snaffel djip yn it bekje fan it jong stutsen wurdt. De heit fersoarget it nêst net en soarget ek net foar it grutbringen fan 'e jongen. Hy ferdigenet wol it territoarium tsjin binnenkringende soartegenoaten. Omdat kolibrys in soad frette moatte, binne de jongen altiten ûnbewekke en se binne faak in proai fan oare bisten lykas rôffûgels, katten en slangen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nu.nl