Sabah al-Achmed al-Djaber al-Sabah

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sabah al-Achmed al-Djaber al-Sabah
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker
POTD-September-5-2018 (cropped).jpg
echte namme صباح الأحمد الجابر الصباح‎
Ṣabaḥ al-Aḥmed al-Ǧabr
   al-Ṣabaḥ
nasjonaliteit Flag of Kuwait.svg Koeweitsk
bertedatum 16 juny 1929
berteplak Koeweit-Stêd (Koeweit)
stjerdatum 29 septimber 2020
stjerplak Rochester (Minnesota)
dynasty Hûs fan Sabah
etnisiteit Flag of the Arab League.svg Arabysk
reg. identiteit Flag of Kuwait.svg Koeweitsk
emir fan Koeweit
regear 20062020
foargonger Saäd al-Salim al-Sabah
opfolger Nawaf al-Achmed al-Djaber
   al-Sabah
premier fan Koeweit
amtsperioade 20032006
foargonger Saäd al-Salim al-Sabah
opfolger Nasser Mohammed al-Achmed
   al-Sabah
Koeweitsk minister fan Bûtenlânske Saken
en fise-premier fan Koeweit
amtsperioade 19631991
19922003
Koeweitsk pleatsferfangend
minister fan Finânsjes
amtsperioade 19651967

Sjeik Sabah al-Achmed al-Djaber al-Sabah (Arabysk: صباح الأحمد الجابر الصباح‎, sekuere transliteraasje: Ṣabaḥ al-Aḥmed al-Ǧabr al-Ṣabaḥ), ek bekend as Sabah IV, (Koeweit-Stêd, 16 juny 1929Rochester (Minnesota), 29 septimber 2020) wie emir fan Koeweit fan 2006 oant syn ferstjerren yn 2020. Foartiid hied er al in reputaasje fêstige as in betochtsum diplomaat doe't er minister fan Bûtenlânske Saken en letter premier fan Koeweit wie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sabah waard yn 1929 berne yn Koeweit-Stêd as de fjirde soan fan sjeik Achmed al-Djaber al-Sabah en dy syn frou Mûnira Otman Hamad al-Ajar al-Saïd. Hy wie in telch út it Hûs fan Sabah fan 'e emirs fan Koeweit, in funksje dy't syn heit Achmed fan 1921 oant 1950 beklaaide. Sabah genoat syn oplieding yn Koeweit fan priveelearaars.

Politike karriêre en regear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sabah tsjinne fan 1963, twa jier nei't Koeweit ûnôfhinklik wurden wie fan it Feriene Keninkryk, oant 1991 en fan 1992 oant 2003 as minister fan Bûtenlânske Saken fan Koeweit. Fan 1965 oant 1967 wied er ek pleatsferfangend minister fan Finânsjes. Yn 'e krapoan fjirtich jier dat er minister fan Bûtenlânske Saken wie, boude Sabah in reputaasje op as betochtsum en kundich diplomaat. Hy bemiddele tusken Pakistan en Bangladesj, tusken Turkije en Bulgarije, tusken Palestina en Jordaanje, tusken ûnderskate faksjes yn 'e Libaneeske Boargeroarloch, en tusken de Arabyske Golfsteaten en Iraan.

Yn augustus 1990 gied er mei de rest fan it Koeweitske regear yn ballingskip yn Saûdy-Araabje doe't Koeweit beset waard troch Irak. In jongere broer fan him, sjeik Fahad al-Achmed al-Djaber al-Sabah, in ofsier by de Koeweitske kommando's, kaam by de ynvaazje om yn 'e striid tsjin 'e Irakezen yn 'e Slach om it Dasmanpaleis. Nei de befrijing fan Koeweit yn 'e Earste Golfoarloch, begjin 1991, wie Sabah ferantwurdlik foar it weropbouwen fan 'e ynternasjonale relaasjes fan syn lân.

De emir fan Koeweit foàr Sabah, Djaber al-Achmed al-Sabah, wie in healbroer fan him. Dyselde beneamde him yn july 2003 ta premier fan Koeweit. Nei it ferstjerren fan Djaber, op 15 jannewaris 2006, waard er opfolge troch syn kroanprins, sjeik Saäd al-Salim al-Sabah. De Nasjonale Assimblee ornearre lykwols dat de krebintige Saäd net sûn genôch wie foar de funksje fan emir. Wat him krekt mankearre is noch altyd net dúdlik; yn 'e media giene geroften dat er oan 'e sykte fan Alzheimer litte of op oare wize slim yn 'e minnichte rekke wie. Men wie it der oer it algemien oer iens dat er alteast in diel fan 'e tiid net it fermogen hie om te praten. Nei in machtsstriid binnen de keninklike famylje waard Saäd op 24 jannewaris, nei acht dagen oan it bewâld west te hawwen, twongen ta abdikaasje. Foar him yn it plak waard op 29 jannewaris Sabah as emir ynsward.

Under syn regear loste Sabah yn maart 2008 en jitris yn 2012 in krisis tusken it regear en it parlemint op troch it parlemint te ûntbinen. Op it mêd fan 'e bûtenlânske polityk sette er syn belied fan bemiddeling tusken stridende partijen fuort. Sa fungearre er yn 2016 as gasthear foar de troch de Feriene Naasjes fasilitearre ûnderhannelings tusken de foaroanlju fan 'e stridende partijen yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch.

Doe't yn juny 2017 de Katareeske Diplomatike Krisis útbriek tusken Katar oan 'e iene kant en Saûdy-Araabje en syn bûnsgenoaten oan 'e oare kant (om't Katar net nei it Saûdyske pipen dûnsje woe), stelde Koeweit him ûnder lieding fan Sabah neutraal op. De emir besocht om 'e nocht te bemiddeljen tusken Katar oan 'e iene kant en Saûdy-Araabje en de Feriene Arabyske Emiraten oan 'e oare kant. Fierders wie Sabah ek yngeand behelle yn 'e opfang fan flechtlingen yn it Midden-Easten dy't út harren wenkriten ferdreaun wiene troch de Syryske Boargeroarloch. Under syn lieding skonk Koeweit dêrfoar $800 miljoen. Foar dy ynset waard Sabah yn novimber 2014 troch de Feriene Naasjes de Humanitêre Medalje fan 'e Ynternasjonale Organisaasje foar Migraasje (IOM) takend.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sabah wie troud mei Fatûwah bint Salman al-Sabah, dy't yn 1990 kaam te ferstjerren. Mei har hied er fjouwer bern, ûnder wa syn soan Nasser Sabah al-Achmed al-Sabah.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn lêste jierren rekke it mei de sûnens fan Sabah yn it neigean. Nei moannen yn it sikehûs lein te hawwen yn 'e Amerikaanske Mayoklinyk yn Rochester, yn Minnesota, kaam er dêre op 29 septimber 2020 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 91 jier. It Koeweitske regear kundige dêrop fjirtich dagen fan nasjonale rou ôf. Sabah waard opfolge as emir troch syn jongere healbroer Nawaf al-Achmed al-Djaber al-Sabah.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.