Ronald Giphart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ronald Giphart
Livro preto.svg skriuwer
Ronald Giphart yn 2007.
Ronald Giphart yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ronald Edgar Giphart
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 17 desimber 1965
berteplak Doardt (Súd-Hollân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
non-fiksje, deiboek, kollumns,
senario's
bekendste
  wurk(en)
Ik Ook van Jou
Phileine Zegt Sorry
Ik Omhels Je met Duizend Armen
Der Is Gjin Dêr, Dêre
prizen Gouden Ezelsear 1993
C.C.S. Crone-priis 2004
jierren aktyf 1992 – no
offisjele webside
www.giphart.nl

Ronald Giphart (folút: Ronald Edgar Giphart; Doardt, 17 desimber 1965) is in Nederlânsk skriuwer, publisist, kollumnist, senarioskriuwer en presintator. Hy is benammen bekend wurden fan 'e romans Ik Ook van Jou, út 1992, en Phileine Zegt Sorry, út 1996. Yn 2003 skreau er it nasjonaal boekewikegeskink, de kontroversjele novelle Gala. Yn Fryslân makke er dêrnjonken noch namme troch yn datselde jier in koarte novelle yn it Frysk út te bringen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ronald Giphart waard yn 1965 berne yn it Súdhollânske Doardt, as de soan fan húsfêstingsamtner Giphart en dy syn frou Wijnie Jabaaij, dy't letter foar de PvdA yn 'e Twadde Keamer komme soe. Giphart wie ien fan twa bern; syn suster is de skriuwster en sjongster Karin Giphart. Doe't syn âlden yn 1976 skieden, ferfear Giphart mei alve jier mei syn heit nei Soest, dêr't er fierder opgroeide. Yn 1987 ferhuze er nei Utert, dêr't er op syn twaentweintichste úteinsette mei in stúdzje Nederlânske taal- en letterkunde, dy't er lykwols yn it trêde jier ôfbriek. Hy fûn dêrnei wurk as nachtportier, en begûn te skriuwen as (nachtlik) tiidferdriuw.

Yn 1992 debutearre Giphart mei de roman Ik Ook van Jou, dy't in trochslaand súkses waard. Dat wie it begjin fan syn karriêre as skriuwer, wêrby't er noch ferskate oare romans skreau dy't it bysûnder goed diene, mei as bekendsten Phileine Zegt Sorry (1996) en Ik Omhels Je met Duizend Armen (2000). Dy beide boeken waarden letter ferfilme, krektlyk as Ik Ook van Jou. Yn 2003 waard er frege om it nasjonaal boekewikegeskink te skriuwen; dat waard de novelle Gala, dy't nochal wat opskuor feroarsake yn literatuerminnend Nederlân: guon kristlike boekhannels wegeren nammentlik it geskink út te jaan fanwegen de godslasterlike taal en it deryn foarkommen fan oerhoer en bedragerij. De Bond tegen het Vloeken protestearre dêr ek tsjin, en hie fierders beswier tsjin 'e sênes dy't as kwetsende foar de islaam beskôge waarden.

Datselde jiers (2003) kaam der fan Giphart by útjouwerij Steven Sterk in koarte novelle yn it Frysk út, ûnder de titel Der Is Gjin Dêr, Dêre. Dat boekje, wêrfan't it ferhaal by Wâldsein op 'e Sleattemer Mar spilet, foel der sa goed yn dat der in twadde printinge fan komme moast. Behalven romans en novelles skreau Giphart ek ferskate bondels koarte ferhalen en in pear itensiedersboeken, en publisearre er fierders boeken en artikels oer literatuer, fuotbal en himsels (syn deiboek fan 2001). Foar guon publikaasjes brûkte er it pseudonym Arnold Hitgrap (wat in anagram fan syn wiere namme is).

Njonken syn skriuwkarriêre wie Giphart wurksum as redakteur fan it literêre tydskrift Zoetermeer en as haadredakteur fan Rails, it blêd fan 'e NS. Fierders hat er kollems yn 'e Volkskrant en yn it tydskrift KijK. Yn 'e polityk wied er yn 2000 aktyf as listtriuwer foar de lokale partij Leefbaar Utrecht. Tegearre mei kollega-skriuwer Joost Zwagerman makke Giphart yn 1998 in literêre teätershow, Hamerliefde, dy't yn 2000 ferlinge wurde moast fanwegen duorjend súkses. Yn it seizoen 2005/2006 stied er op 'e planken mei Bart Chabot en Martin Bril, yn it programma Giphart en Chabot met Bril. Teffens is Giphart foarsitter fan 'e sjuery fan 'e Grutte Jongereinliteratuerpriis. Ta einbeslút presintearre er yn 2003 it literêre programma Vereeniging Het Volk Is Gansch de Taal (tegearre mei Martine Tanghe), by de NPS en de Flaamske stjoerder Canvas, en hied er yn 2007 de talkshow GiG – Giphart in Gesprek by de regionale stjoerder RTV Utert. Giphart is sûnt 1997 troud en hat twa soannen en in dochter.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans en novelles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1992 – Ik Ook van Jou
  • 1993 – Giph
  • 1995 – De Beste Schrijver van Nederland (mei Bert Natter)
  • 1996 – Phileine Zegt Sorry
    • Flag of Germany.svg Dútske oersetting: Der Volltreffer (fert. Jörg Schilling en Rainer Täubrich, 1999)
    • Flag of Italy.svg Italjaanske oersetting: Phileine Chiede Scusa (fert. Claudia Di Palermo en Alessandra Corda, 2002)
  • 1998 – Frühstück No Future (mei Gérard van Kalmthout)
  • 1999 – De Voorzitter: Episodische Novelle (novelle)
  • 2000 – Ik Omhels Je met Duizend Armen
    • Flag of Germany.svg Dútske oersetting: Ich Umarme Dich Vieltausendmal (fert. Rolf Erdorf, 2001)
  • 2001 – Ten Liefde!
  • 2003 – ... (inkeld yn 'e Fryske oersetting ferskynd)
  • 2003 – Gala (novelle; boekewikegeskink)
  • 2005 – Troost
    • Flag of Germany.svg Dútske oersetting: Heiß (fert. Judith Dörries, 2006)
    • Flag of Italy.svg Italjaanske oersetting: Troost (fert. Claudia Di Palermo, 2006)
  • 2007 – Zeven Jaar Goede Seks (novelle; spesjaal skreaun foar it tydskrift Viva, ek útbrocht as podcast)
  • 2010 – IJsland
  • 2019 - Alle tijd (roman)

Ferhalebondels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1995 – Het Feest der Liefde
  • 1996 – Kinky: Spannende Verhalen over Vreemde Verlangens (blomlêzing mei û.o. wurk fan Giphart sels)
  • 1996 – Moeders: Verhalen van Hun Zonen (ferhalebondel gearstald en ynlaat troch Giphart)
  • 1999 – Willem de Dikke: De Wondere Avonturen van Onze Kroonprins (mei Bert Natter)
  • 2009 – Mijn Vrouw & Andere Stukken
  • 2010 – De Blinde Reiziger
  • 2012 – De Wake (trije lange ferhalen, wêrfan't ien yn 2013 yn stripfoarm útjûn is troch Nanne Meulendijks)

Oare publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1993 – Kwadraats Groot Literair Lees Kijk Knutsel en Doe Vakantieboek (mei Eric de Koning en Bert Natter)
  • 1997 – De Ontdekking van de Literatuur (mei Bert Natter)
  • 1998 – Planeet Literatuur
  • 1999 – De Liefde Die Feyenoord Heet (mei Peter Blokdijk en Rob van Scheers)
  • 2003 – Heldinnen (mei fotograaf Eric van den Elsen)
  • 2007 – Het Leukste Jaar uit de Geschiedenis van de Mensheid: Persoonlijke Kroniek 2001 (deiboek)
  • 2008 – Keukenprins: 100 Dagen Lezen en Schrijven over Eten
  • 2010 – Eten, Drinken en Slapen (mei Jonnie Boer en Sergio Herman)

Senario's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.