Springe nei ynhâld

Romantyske film

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Romantyske aksjefilm)
Clark Gable en Vivien Leigh yn Gone with the Wind (1939).

De romantyske film is in sjenre fan films dêr’t romantyk yn sintraal stiet, ornaris yn 'e foarm fan 'e leafde tusken twa persoanen.

De plot fan in romantyske film giet yn 'e regel mank mei hertstocht en oare sterke emoasjes, en mei de siiktocht nei de wiere leafde. Om dy te berikken moatte obstakels oerwûn wurden, dy't bestean kinne út bygelyks finansjele problemen, psychologyske swierrichheden, in sykte, diskriminaasje of famyljeleden dy't op 'e relaasje tsjin binne. Ek wurde faak spannings út it aldendeiske libben, ferlieding (of oerhoer) en eventuële problemen op it mêd fan kompatibiliteit (oft men byinoar past) yn 'e plot behelle. Oare tema's dy’t gauris beljochte wurde, binne leafde op it earste gesicht, leeftydsferskillen, platoanyske leafde, obsessive leafde, ûnbeäntwurde leafde, ferbeane leafde en destruktive leafde. Men kin romantyske films beskôgje as in foarm fan eskapisme foar it filmpublyk, benammen as de haadpersoanen úteinlik alle obstakels oerwinne en de film mei in ôfslutende pea einiget yn in happy end, wêrnei't se, lykas yn mearkes, 'noch lang en gelokkich' libje.

Romantyske dramafilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske dramafilm of it romantysk drama is de poerste foarm fan 'e romantyske film. Yn sokke films wurdt op earnstige wize yn byld brocht hokker obstakels oft de djippe en wiere leafde tusken twa minsken opkeare. De filmmuzyk wurdt faak brûkt om 'e gemoedstastân fan 'e haadpersoanen wer te jaan. Romantyske dramafilms hawwe lang net altyd in happy end, mar einigje ynstee net selden mei it ferstjerren fan ien fan 'e beide haadpersoanen. Foarbylden binne: An Affair to Remember (1957), Atonement (2007), The Bridges of Madison County (1995), Brokeback Mountain (2005), Casablanca (1942), Dark Victory (1939), The English Patient (1996), Last Tango in Paris (1972), Love Story (1970), Memoirs of a Geisha (2005), An Officer and a Gentleman (1982), Sommersby (1993), Titanic (1997) en The Way We Were (1973).

Histoaryske romantyske film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske romantyske film is yn prinsipe itselde as de romantyske dramafilm, mar it ferhaal is yn sokke films tsjin in histoaryske eftergrûn pleatst. Foarbylden binne: Doctor Zhivago (1965), Gone with the Wind (1939), Sommersby (1993), Titanic (1997) en Wuthering Heights (1939).

De chickflick is in subsjenre fan 'e romantyske film dat rjochte is op in froulike doelgroep. Hoewol't in protte oare romantyske films ek op in yn haadsaak froulik publyk rjochte binne, is dat ornaris net it wichtichste skaaimerk fan sa'n film. Boppedat is it sa dat in chickflick net needsaaklikerwize in romantyske film hoe't te wêzen. Foarbylden fan (romantyske) chickflicks binne: Dear John (2010), Dirty Dancing (1987), The Notebook (2004), Romeo + Juliet (1996), Sleepless in Seattle (1993) en A Walk to Remember (2002).

Romantyske aksjefilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske aksjefilm kombinearret romantyk mei it aksjesjenre. Foarbylden binne: The Bounty Hunter (2010), Killers (2010), Knight and Day (2010), Mr. and Mrs. Smith (2005) en This Means War (2012).

Romantyske fantasyfilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske fantasyfilm kombinearret romantyk mei fantasy. In foarbylden binne: The Adjustment Bureau (2011), Ghost (1990) en Der Himmel über Berlin (1988).

Romantyske komeedzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske komeedzje of romcom is in subsjenre fan 'e romantyske film dat romantyk kombinearret mei komeedzje. Sokke films hawwe in lichthertige, fermaaklike plot en geane der yn 'e regel fan út dat wiere leafde alles oerwinne kin. Sadwaande einigje romantyske komeedzjes hast altyd mei in happy end. Foarbylden fan sokke films binne: 50 First Dates (2004), Annie Hall (1977), As Good as It Gets (1997), Four Weddings and a Funeral (1994), Harold and Maude (1971), Love Actually (2003), Maid in Manhattan (2002), Moonstruck (1987), Notting Hill (1999) en When Harry Met Sally... (1989).

Romantyske filmmusical

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske filmmusical is in romantyske film yn 'e foarm fan in musical, wêrby't it ferhaal dus út en troch ûnderbrutsen wurdt mei muzyk en dûns. Sokke films kinne romantyske dramafilms wêze, lykas: The Sound of Music (1965) en West Side Story (1961), mar ek romantyske komeedzjes, lykas Lady and the Tramp (1955) en Grease (1978).

Romantyske science fiction-film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske science fiction-film kombinearret romantyk mei science fiction. In foarbylden binne Eternal Sunshine of the Spotless Mind (2004) en Passengers (2016).

Romantyske skriller

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romantyske skriller of romantyske thriller kombinearret romantyk mei it skrillersjenre. Foarbylden binne: The Adjustment Bureau (2011), The Bodyguard (1992), The Phantom of the Opera (2004), The Tourist (2010), Unfaithful (2002) en Wicker Park (2004).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.