Springe nei ynhâld

Rhona Mitra

Ut Wikipedy
Rhona Mitra
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRhona Natasha Mitra
nasjonaliteit Britsk
berne9 augustus 1976
berteplakLonden (Ingelân)
etnisiteit Bingaalsk
Iersk
jierren aktyf1995 – no
offisjele webside
Rhona Mitra yn 'e IMDb

Rhona Mitra (soms misstavere as Rona Mitra; folút: Rhona Natasha Mitra; Londen, 9 augustus 1976) is in Britsk aktrise, model en sjongster fan mingd Bingaalsk-Iersk etnysk komôf. Hja waard bekend doe't hja ein 1990-er jierren it Lara Croft-model wie. Neitiid sette se útein mei in karriêre as aktrise, wêrby't se û.m. op 'e tillefyzje te sjen wie yn searjes as Party of Five, The Practice, Boston Legal, Strike Back, The Last Ship en Supergirl. Ek spile se yn films as Beowulf (1999), Doomsday en Underworld: Rise of the Lycans.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rhona Mitra waard yn 1976 berne yn 'e Londenske wyk Paddington, as de dochter fan 'e plastysk sjirurch Anthony Mitra, dy't in etnyske Bingalees út Yndia is, en dy syn frou Nora Downey, wa har famylje út Ierlân stammet. Mitra hat twa bruorren: Jason, dy't twa jier âlder is, en Guyan, dy't jonger as har is en as skriuwer wurket foar Lonely Planet en The Sunday Times.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mitra, dy't al fan bern ôf oan as model aktyf wie, waard oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren útkeazen om 'e libbene ferpersoanliking te wurden fan it populêre personaazje Lara Croft, út it fideospultsje Tomb Raider. Dat wie foar't aktrise Angelina Jolie dy rol op har naam yn 'e beide Tomb Raider-films (2001 en 2003). Mitra tsjinne as Lara Croft fan 1997 oant 1998, doe't se opfolge waard troch Nell McAndrew. Dêrnei besocht Mitra in karriêre as sjongster fan 'e grûn te krijen, mar dat slagge net.

Mitra hie har earste filmrol as in groupie yn Eddie Izzard: Glorious, út 1997, wylst se al yn 1995 har debút op 'e tillefyzje makke hie yn in ôflevering fan 'e searje Ghost Busters of East Finchley. Yn 1999 wie se mei Chistopher Lambert te sjen yn Beowulf, en datselde jiers krige se in weromkearende rol yn it lêste seizoen fan 'e Amerikaanske dramasearje Party of Five, as Holly Marie Beggins, de geheime leafde fan haadrolspiler Scott Wolf. Fan 2003 ôf spile se twa seizoenen lang Tara Wilson yn 'e rjochtbankdramasearje The Practice en de spin-off dêrfan, Boston Legal. Yn 2004 hie se haadrollen yn 'e film Highwaymen en de minysearje Spartacus, wylst se yn 2005 te sjen wie yn 'e searje Nip/Tuck.

Yn 2008 hie Mitra de haadrol yn 'e science fiction-aksjefilm Doomsday, as majoar Eden Sinclair, wylst se yn 2009 yn 'e fantasyfilm Underworld: Rise of the Lycans it personaazje Sonja spile: de dochter fan 'e machtige fampier Viktor, dy't fereale rekket op in wearwolf. Under de opnamen fan dy lêste film rekke Mitra ferslingere oan it dragen fan har lange fampierhoektosken, dy't se ek ynhold as dat net hoegde om't se op 'e bylden dochs net te sjen wiene. Hja sei: "Ik die dy hoektosken op 'e earste dei yn, en hie it gefoel dat ik se altyd al hawwe moatten hie; hiel nuver. Dat ik hold se yn salang't we mei de film oan 'e gong wiene, by myn dialooch en al."

Rhona Mitra yn 2007.

Mitra spile yn 2010 yn 'e skrillerfilm Stolen, mei û.m. James Van Der Beek. Yn 2012-2013 fertolke se yn it trêde en fjirde seizoen fan 'e aksjesearje Strike Back: Project Dawn de rol fan majoar Rachel Dalton, wêrby't se aktrise Amanda Mealing ferfong. Fan 2014 oant 2015 hie Mitra yn 'e post-apokalyptyske dramasearje The Last Ship de rol fan dokter Rachel Scott. Yn 2017 spile se Charlotte yn it fjirde seizoen fan The Strain. Yn 2018 waard se cast as Mercy Graves yn 'e searje Supergirl.

studio-albums
  • 1998 – Come Alive
  • 1999 – Female Icon
singles
  • 1997 – Getting Naked
Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1995Ghostbusters of East FinchleyCassgastrol; ôfl. 1.5
1996The BillSarah Wickesgastrol; ôfl. Outer
1997Lust for Gloriousla Dame Françaisetillefyzjefilm
1997The Man Who Made Husbands Jealous  Flora Seymourminysearje
1999–2000Party of FiveHolly Marie Begginsweromkearende rol; 12 ôfl.
2000Secret Agent ManLacey Sullivangastrol; ôfl. Supernaked
2000–2001Gideon's Crossingdokter Alejandra Ollie Kleinfêste rol; 20 ôfl.
2003–2004The PracticeTara Wilsonfêste rol; 22 ôfl.
2004SpartacusVariniaminysearje
2004Boston LegalTara Wilsonfêste rol; 20 ôfl.
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise (2006)
2005Nip/TuckKit McGrawweromkearende rol; 5 ôfl.
2010Stargate UniverseCommander Kivaweromkearende rol; 3 ôfl.
2010The GatesClaire Radclifffêste rol; 13 ôfl.
2012Crisis PointCameron Graingertillefyzjefilm
2012–2013Strike Backmajoar Rachel Daltonfêste rol; 14 ôfl.
2014–2015The Last Shipdokter Rachel Scottfêste rol; 23 ôfl.
2017The StrainCharlotteweromkearende rol; 4 ôfl.
2018SupergirlMercy Gravesweromkearende rol; 4 ôfl.
films
1997Eddie Izzard: Gloriousgroupiedirekt-op-fideo útbrocht
1997A Kid in Aladdin's PalaceSjeherazadedirekt-op-fideo útbrocht
1998Croupierfanke mei joint
1998Monk DawsonMollie Jolliffe
1999How to Breed GibbonsJulietkoarte film
1999BeowulfKyra
2000Hollow Manbuorfrou fan Sebastian
2000Get CarterGeraldine
2002Ali G IndahouseKate Hedges
2002Sweet Home AlabamaTabatha Wadmore-Smith
2003The Life of David GaleBerlin
2003Stuck on Youseksy frommeske op bushalte  
2004HighwaymenMolly Poole
2006SkinwalkersRachel Talbot
2007The Number 23Laura Tollins
2007ShooterAlourdes Galindo
2008DoomsdayEden Sinclair
2009Underworld: Rise of the LycansSonjaas ferfangster fan Jázmin Dammak, dy't deselde rol yn 'e earste film spile
nom. Scream Award foar bêste aktrise
2009Separation CityKatrien Becker
2009StolenBarbara Adkins
2010Reuniting the RubinsAndie Rubin
2014The LoftAllison Vanowen
2016Hard Target 2Sofiadirekt-op-fideo útbrocht
2018Game Over, Man!Erma
2018The FightAmanda Chadwick
2020ArchiveSimone
2020Skylinesdr. Mal
2022The Other MeMartha
2022Prisoners of ParadiseBetty
2023Hounds of WarCaterina Murino
fideospultsjes
1997Tomb Raider IILara Croftlive-actionpromoasjemodel

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.