Ransdoarp
Ransdoarp Ransdorp | ||
Ransdoarp, july 2005. De houten huzen binne skaaimerkend foar it gebiet: troch't se lichter binne as huzen fan stien, sakje se minder gau fuort yn 'e sloppe feanboaiem. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Amsterdam | |
Stedsyndieling | Lanlik Noard | |
Gemeente-yndieling | Amsterdam-Noard | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 315 (2024)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 1028 | |
Netnûmer | 020 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 24' NB, 4° 60' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing Ransdoarp yn 'e gemeente Amsterdam |
Ransdoarp (Nederlânsk: Ransdorp) in in doarp yn Lanlik Noard. Lanlik Noard is in wyk yn it stedsdiel Amsterdam-Noard, yn de gemeente Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân.
It doarp hat ferskate ryksmonuminten en hat in beskerme doarpsgesicht. Ransdoarp is bekend om de stompe toer fan de tsjerke.
Al iuwenlang is melkfeehâlderij de haadaktiviteit yn Ransdoarp. Oant de 20e iuw gie de farkse molke mei molkbargen nei Amsterdam om it dêr hûs-oan-hûs te ferkeapjen.
Ransdoarp foarmet tegearre mei Durgerdam en Holysleat in ûnderdiel fan in stiltmegebiet. Dat is in gebiet foar fyts- en kuierrekreaasje. De âlde doarpskearnen en it iepen karakter fan it plattelânsgebiet meitsje it ta in kultuerhistoaryske publykslûker.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sûnt de lânoanmakkerij (rûn de 10e iuw) troch Wetterlân fersprate bebouwing (pleatsen) waard tusken 14e iuw en 17e iuw hieltyd mear konsintrearre yn de noch besteande doarpen, lykas Ransdoarp en Sunderdoarp. Sa ferpleatste de lintbebouwing bylâns de Bloemendalergoa en de Liergoa nei it gebiet om de tsjerke fan Ransdoarp. Aldere plakken lykas Poppendam en ek Grutte Keynsel en Lytse Keynsel (tichtby de hjoeddeiske Beijlkmar en de Kinselmar), waarden ferlitten.
Banne Ransdoarp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1324 waard foar it earst in pastoar yn Ransdoarp neamd. Fan de midsiuwen ôf oant 1795 makke it gebiet diel út fan de ‘Banne Ransdorp’. Banne Ransdorp wie in bangebiet, besteande út fjouwer kertieren: Bloemendaal, Poppendam, Holysleat en Durgerdam (foar in part). It hjoeddeiske doarp Ransdoarp leit yn de Bloemendaler Wearen (Bloemendaal). Yn de Poppendammer Wearen lei eartiids de buorskip Poppendam. De Bloemendalergoa en Poppendammergoa dogge dêr noch oan weromtinken.
Ransdoarp hearde ta de baljuwskip Wetterlân. Tusken 1619 en 1811 wie Ransdoarp it moetingsplak fan de Wetterlânske Uny dêr't 6 doarpen yn feriene wienen: Broek yn Wetterlân, Ilpendam, Ransdoarp, Skellingwâlde, Suderwâlde en Sunderdoarp. It eartiidske riedhûs fan Ransdoarp oan de Doarpsstrjitte 59 waard yn 1652 boud as moetingsplak foar de uny.
Om 1540 hinne hie it bangebiet fan Ransdoarp 960 folwoeksen ynwenners. Yn de 17e en 18e iuw skommele it oantal ynwenners fan it doarp om de 250 en 300 ynwenners. Nei 1800 wie it doarp krompen oant sa'n 200 ynwenners. Yn 1840 hie it doarp Ransdoarp sa'n 44 wenningen mei sa'n 292 ynwenners. It grutste diel fan de befolking wie protestansk, der wienen net in soad katoliken. Tsjinwurdich hat it doarp sa'n 120 wenningen mei sa'n 300 ywenners.
Wettersneden en oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wettersneed fan 1916 wie net de earste wettersneed dy't Ransdoarp en omkriten rekke, foarearst wol de lêste troch de Ofslútdyk. Wetterlân hat al sûnt de Sint-Elisabethfloed út de 15e iuw in lange skiednis fan oerstreamingen. Yn 1916 wie it hast in iuw lyn dat it gebiet troch in wettersneed troffen wie. Dat wie mei de wettersneed fan 1825, doe ferdwûnen de ferdigingswurken de Stiennen Bear tichtby de Kinselmar yn de Sudersee.
Net allinich oerstreamings hawwe Ransdoarp teheistere. Mei de Tachtichjierrige Oarloch waard Ransdoarp ferwoaste troch sawol de Spanjerts as de Geuzen. De Geuzelieder Diederik Sonoy fierde as fertsjintwurdiger fan Willem fan Oranje in wier skrikbewâld tsjin de katoliken. Yn novimber 1572 waarden de Martlers fan Ransdoarp, Fransiskanerbruorren, nei marteling yn Ransdoarp ophongen. Foarhinne wie Ransdoarp in bloeiend middelgrut plak, dêr't in soad seelju wennen. Nei de fernielings sochten in soad ynwenners harsels ûnderdak yn Amsterdam. Fan it âlde Ransdoarp is allinnich de tsjerketoer oerbleaun.
Foar de Tachtichjierrige Oarloch hie Ransdoarp yn de 15e en 16e iuw in bloeiperioade, der wienen in soad ynkomsten út hannel en seefeart. Ut it Sonttolregister blykt dat der yn dy perioade in soad skippen út it gebiet benoarden Amsterdam nei de Eastsee farden, en in soad hannelsguod nei Hollân brochten.
Ek wie der genôch jild om in grutte toer en tsjerke te bouwen yn Ransdoarp. Nei 1600 waard de rol fan Ransdoarp oerskaad troch de groeiende hannelsstêd Amsterdam. De bedriuwsaktiviteit wie no foaral rjochte op de feehâlderij en molkeproduksje (foar Amsterdam). Yn Durgerdam - wat by Ransdoarp hearde - wie der oant de oanlis fan de Ofslútdyk yn 1932 noch fiskerij.
Toer en tsjerke fan Ransdoarp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toer fan Ransdoarp is 32 meter heech en waard boud tusken 1502 en 1542 in goatyske styl nei ûntwerp fan Jan Poyt. Yn 1542 wie it jild op. Dêr troch wie it net mear mooglik om de spits te bouwen. Ek de sloppe feangrûn soarge foar hege kosten. De neistlizzende tsjerke is fan 1719. De foarige tsjerke gie yn 1715 ferlern troch in brân dy feroarsake wie troch in wjerljocht. De toer en tsjerke waarden tusken 1936 en 1938 restaurearre. De toer die yn de Twadde Wrâldkriich tsjinst as útsjochpost fan de Dútsers. It tsjerkegebou waard yn 2006 troch Stadsherstel Amsterdam restaurearre. De grêfstiennen yn de flier, de preekstoel, de doophikke, it tsjerke-oargel en de kroanljochter binne bewarre bleaun.
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1949 waard troch de Enhabo in folslein op Amsterdamsk grûngebiet ridende nije line 5 iepene. Dy line is de opfolger fan de GTA busline M nei Nijendam. De line ferbûn it Tolhûs mei de doarpen yn Lanlik Noard. De gemeente Amsterdam, dy't it belang fan de line erkende, fergoede in diel fan it eksploitaasjetekoart. Sûnt 1966 wurdt de eksploitaasje troch de gemeente sels útfierd as busline 30, dy't fan moandei oant freed oerdeis ien kear yn it oere it doarp mei Holysleat, Durgerdam, Skellingwâlde, Nijendam en winkelsintrum ‘Boven ‘t Y’ ferbûn. Sûnt 3 febrewaris 2018 is der gjin busferfier mear en is de line as fraachôfhinklik iepenbier ferfier útbestege oan taksybedriuw Staxi.
Ofbyldings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De toer fan Ransdorp yn 1634 mei de ruïnen fan de tsjerke, nei syn ferneatiging yn de Tachtichjierrige Oarloch. Printe by Abraham Rademaker.
-
De toer fan Ransdoarp foar de restauraasje yn de jierren '30. Rjochts it âlde gemeentehûs; om 1925 hinne.
-
Houten stolppleats en de toer fan Ransdorp yn 1957.
-
De toer fan Ransdorp stekt heech boppe it platte lân fan Wetterlân út.
-
Ransdoarp, doarpsgesicht mei de tsjerketoer.
-
It âlde gemeentehûs (út 1652) fan de eardere gemeente Ransdoarp.
-
Gevelstien fan de Wetterlânske Uny op it eardere gemeentehûs.
-
Doarpswei 113-115 en de muzykkoepel yn 1978.
-
Ophelbrêge mei Ransdoarp yn de fierte (1960).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Waterlandse Zeedijk, de geschiedenis van een oude zeedijk in Amsterdam-Noord. Utjefte Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1994. ISBN 90-801180-2-8
- Als Amsterdam zich over ons ontfermt, de geschiedenis van de inlijving bij Amsterdam van de gemeenten Buiksloot, Nieuwendam en Ransdorp in 1921, fan José Lutgert en Dick Reedijk, útjefte Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1996. ISBN 978-908011803
- Terugblikken op Waterland. Hoofdstukken uit de geschiedenis van Amsterdam-Noord, útjefte Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 2000. ISBN 978-90-801180-8
- Nood aan den dijk - Watersnood 1916, útjefte Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord en Sintrale Doarperied Lanlik Amsterdam-Noard, 2016. ISBN 978-9090293165
- Vlekken in Waterland. Over leven in de gemeente Ransdorp. Arijan Porsius, Utjouwerij Totemboek; 2004. ISBN 90-77557-05-9
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ransdorp fan Wikimedia Commons. |