Springe nei ynhâld

Perûviaanske fyskatsja

Ut Wikipedy
Perûviaanske fyskatsja
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wolmûzen (Chinchillidae)
skaai berchfyskatsja's (Lagidium)
soarte
Lagidium peruanum
Meyen, 1833
IUCN-status: net bedrige

De Perûviaanske fyskatsja (Latynske namme: Lagidium peruanum), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en it skaai fan 'e berchfyskatsja's (Lagidium), dat foarkomt yn it sintrale diel fan it Andesberchtme fan Súd-Amearika. Dizze soart waard foar it earst yn 1833 wittenskiplik beskreaun troch de Prusyske biolooch Franz Meyen.

Perûviaanske fyskatsja's binne lânseigen yn it Andesberchtme en it heuvelige foarlân dêrfan yn sintraal en súdlik Perû en noardlik Sily. It is mooglik dat dizze soarte ek foarkomt yn it gebiet beëasten de Titicacamar, yn Bolivia.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Perûviaanske fyskatsja hat trochinoar in kop-romplingte fan 30-45 sm, mei in plomsturt dy't hast like lang as de rest fan it lichem is, en dy't oprôle wurde kin. It gewicht fan folwoeksen eksimplaren berint 0,9-1,6 kg. De earen binne lang en ticht behierre, en de pels op 'e romp en kop is sêft, mar op 'e sturt is it boarsteliger. Perûviaanske fyskatsja's rinne yn rêchkleur útinoar fan dûnkergriis oant brún, wêrby't dy kleuren bûn binne oan 'e hichte dêr't de bisten op libje: wat heger yn 'e bergen oft men komt, wat bruner oft de fyskatsja's wurde. Op 'e bealch binne se lykwols allegear krêmkleurich oant ljochtgriis, en de sturtpunt is readbrún of swart.

Perûviaanske fyskatsja's komme foar fan 300-5.000 m boppe seenivo. Se libje yn rotsige gebieten, dêr't se op steile berchskeanten in nêst oanlizze yn rotsspjalten. De measte populaasjes komme foar tusken de beamgrins en de sniegrins yn, mar de fersprieding fan dit bist sit gatten yn, sadat er ôfwêzich is op guon plakken dy't like gaadlik lykje as de plakken dêr't er al foarkomt.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Perûviaanske fyskatsja is in herbivoar dy't bestiet fan in ferskaat oan plantaardich guod, wêrûnder gerzen, sied en woartels. De peartiid fynt plak yn oktober en novimber, moannen dy't op it súdlik healrûn yn 'e maityd falle. Nei in draachtiid fan likernôch 140 dagen smyt it wyfke ornaris ien inkeld jong, dat ôfwûn wurdt as er 8 wiken âld is.

Natuerlike fijannen fan 'e Perûviaanske fyskatsja binne de berchkat (Leopardus jacobitus), de kolokolokat (Leopardus colocolo) en op gruttere hichten de Andesfoks (Lycalopex culpaeus). It oanlizzen fan nêsten op steile berchskeanten is in oerlibbingsstrategy fan 'e Perûviaanske fyskatsja, mei't er it rôfdieren dêr in stik dreger mei makket as dat er dien hie as er him gewoan op flak lân nei wenjen set hie. Perûviaanske fyskatsja's bejouwe har mar komselden fier fan har rotsich thús ôf, mei't se rotsblokken en stiennen brek binne om oan sawol lânrôfdieren as rôffûgels te ûntkommen.

De Perûviaanske fyskatsja hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. De populaasje liket relatyf stabyl te wêzen, en hoewol't er troch de minske bejage wurdt foar it fleis, hâldt dat foar dit bist gjin bysûndere bedriging foar syn fuortbestean yn. Fierders binne der gjin bedrigings fêststeld dy't it neamen wurdich binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.