Ta dit skaai hearre 4 soarten, wêrûnder ien dy't pas yn 2009 as sadanich erkend waard. De berchfyskatsja's komme foar yn it westlik-sintrale part fan Súd-Amearika, en binne nau besibbe oan 'e bekendere tsjintsjilla. Yn it Nederlânsk wurde dizze bisten haasmuizen neamd, mar yn it Frysk wurdt mei "hazzemûs" in hiel oar kjifdier oantsjutten (Ned.: hazelmuis). Dêrfandinne dat it foar Frysk oangeande de soarten fan dit skaai de Ingelske beneaming mountain viscacha oernommen is.