Franz Meyen

Ut Wikipedy
Franz Meyen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Franz Julius Ferdinand Meyen
nasjonaliteit Prusysk
berne 28 juny 1804
berteplak Tilsit (Prusen)
stoarn 2 septimber 1840
stjerplak Berlyn (Prusen)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
berop/amt dokter, biolooch
aktyf as botanikus, soölooch, ornitolooch
jierren aktyf 18301840
bekendste
  wurk(en)
Phytotomie

Franz Meyen (folút: Franz Julius Ferdinand Meyen; Tilsit, 28 juny 1804Berlyn, 2 septimber 1840) wie in Prusysk medikus en biolooch.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meyen waard yn 1804 berne yn Tilsit , yn it doetiidske East-Prusen (no Sovjetsk yn Kaliningrad). Hy studearre fan 1823 oant 1826 medisinen oan 'e Universiteit fan Berlyn, wêrnei't er as sirurgyn yn it Prusyske leger tsjinne yn it Berlynsk Charité-sikehûs. Yn 1830 skreau er Phytotomie, de earste yngeande stúdzje nei de anatomy fan planten.

Plaat út Meyen syn wurk Ueber die neuesten Fortschritte der Anatomie und Physiologie der Gewächse (1834).

Fan 1830 oant 1832 naam Meyen diel oan 'e ekspedysje nei Súd-Amearika oan board fan it skip de Prinzess Luise, wêrby't Perû en Bolivia (dat doe noch in kustline hie) oandien waarden. Dêr wied er aktyf as ornitolooch en soölooch, troch bistesoarten te beskriuwen dy't doe noch nij wiene foar de wittenskip, lykas de humboldtpinguin en de Perûviaanske fyskatsja.

Mar eins wie Meyen dochs folle mear in botanikus, en nei syn weromkear yn Jeropa waard er yn 1834 oansteld as lektor botany oan 'e Universiteit fan Berlyn. Tegearre mei Heinrich Friedrich Link naam er fierders de redaksje foar syn rekken fan it jierboek Jahresberichte über die Arbeiten für Physiologische Botanik. Hy kaam yn 1840 yn Berlyn te ferstjerren, doe't er noch mar 36 jier wie. Syn oantins wurdt libben holden troch it nei him ferneamde planteskaai Meyenia.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

● 1828 – Anatomisch-physiologische Untersuchungen über den Inhalt der Pflanzenzellen
● 1830 – Phytotomie
● 1837 – Über die Secretions-Organe der Pflanzen
● 1837 – Neues System der Pflanzen-Physiologie: Erster Band
● 1838 – Jahresbericht über die Resultate der Arbeiten im Felde der Physiologischen Botanik von dem Jahre 1837
● 1839 – Jahresbericht über die Resultate der Arbeiten im Felde der Physiologischen Botanik von dem Jahre 1838

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.