Springe nei ynhâld

Súdlike fyskatsja

Ut Wikipedy
súdlike fyskatsja
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wolmûzen (Chinchillidae)
skaai berchfyskatsja's (Lagidium)
soarte
Lagidium wolffsohni
Thomas, 1907
IUCN-status: te min gegevens

De súdlike fyskatsja (wittenskiplike namme: Lagidium wolffsohni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en it skaai fan 'e berchfyskatsja's (Lagidium). Dit bist waard yn 1907 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Britske soölooch Oldfield Thomas.

De súdlike fyskatsja, dy't frij nau besibbe is oan 'e folle bekendere tsjintsjilla, is lânseigen yn dielen fan Argentynje en Sily. Syn natuerlike biotoop wurdt foarme troch rotsige gebieten mei genôch beskûl. Oer de súdlike fyskatsja is fierders net in protte bekend, en der binne sels te min gegevens foar de IUCN om in ynskatting te meitsjen oangeande de status fan 'e populaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.