Cuvierfyskatsja

Ut Wikipedy
cuvierfyskatsja
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wolmûzen (Chinchillidae)
skaai berchfyskatsja's (Lagidium)
soarte
Lagidium viscacia
Molina, 1782
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De cuvierfyskatsja of Cuviers fyskatsja (Latynske namme: Lagidium viscacia) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae) en it skaai fan 'e berchfyskatsja's (Lagidium), dat yn westlik-sintraal Súd-Amearika foarkomt. Mei syn lange earen en efterpoaten hat dit bist sterk wei fan in knyn of in hazze, mar de lange plomsturt bedjert dy likenis.

Fersprieding en biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cuvierfyskatsja's binne lânseigen yn 'e bercheftige (en faak ek woastinige) dielen fan westlik Argentynje, noardlik en sintraal Sily, westlik en sintraal Bolivia en súdlik Perû. Se libje yn en mank rotsspjalten en rotsblokken yn it Andesberchtme, dêr't mar krap planten groeie. Dizze bisten komme foar fan likernôch 2.500 oant 5.100 m boppe seenivo.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De cuvierfyskatsja is op 'e rêch en de fangen giel-grizich, mei in blekere bealch en in lange swartpuntige plomsturt dy't like lang is as de rest fan it lichem. It hier op it lichem is lang en sêft, wylst dat fan 'e sturt stiif en boarstelich is. De lange, mei hier oerdutsen earen hawwe in wite franje en sawol oan 'e koartere foarpoaten as de langere efterpoaten hat de cuvierfyskatsja fjouwer teannen. Op 'e soallen hat er fleizige kjessentsjes, dy't soargje dat er grip hat op glêde rotsgrûn. It gewicht fan in folgroeide cuvierfyskatsja berint sa'n 3 kg.

In cuvierfyskatsja yn 'e Atakamawoastyn.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cuvierfyskatsja's binne sosjale bisten, dy't yn lytse groepkes libje. Se hâlde gjin wintersliep en binne koart nei de moarnsdage en op 'e jûn it aktyfst. Dan komme se foar 't ljocht om har kostje byinoar te foerazjearjen, dat fierhinne bestiet út gerzen en moas, oanfolle mei koarstmoas. In diel fan 'e dei bringe se troch mei sinnebaaien, wêrby't se rjochtop op in rots sitte en har om-en-by skerp yn 'e rekken hâlde. Se bejouwe har nea fier fan 'e rotsen, sadat se by driigjend gefaar daliks fuortdûke kinne yn in rotsspjalt. Harren wichtichste natuerlike fijân is de berchkat (Leopardus jacobitus), in lytsere kateftige dy't foarkomt yn 'e Andes.

De peartiid falt by de cuvierfyskatsja yn 'e perioade fan oktober oant desimber, as it op it súdlik healrûn maityd is. Nei in draachtiid fan likernôch 130 dagen smyt it wyfke dan ornaris 1 jong (of soms 2), dat mei iepen eachjes en in folslein oangroeide pels te wrâld komt. By de berte weaget sa'n jong likernôch 260 g en is it frijwol daliks by steat en yt fêst fretten. Lykwols drinkt it dochs noch by de mem, oant it mei 8 wiken ôfwûn wurdt. Yn finzenskip kinne cuvierfyskatsja's njoggentjin jier âld wurde; har libbensferwachting yn it wyld is ûnbekend, mar dy sil grif in stik koarter wêze.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De cuvierfyskatsja hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Wol is it sa dat de populaasjegrutte geregeldwei grutte op- en delgongen fertoant, wat gearhinget mei de waarsomstannichheden yn it ferspriedingsgebiet. Dit bist wurdt troch de minske bejage foar it fleis, mar net sa'n soad dat dat in wichtige ynfloed hat op 'e populaasjegrutte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.