Penelope Gilliatt
Penelope Gilliatt | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Penelope Ann Douglass Conner | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 25 maart 1932 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 9 maaie 1993 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans en ferhalen histoaryske fiksje | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
jierren aktyf | 1965 – 1990 | |
offisjele webside | ||
Penelope Gilliatt yn 'e IMDb |
Penelope Gilliatt (útspr.: [pɛˈnɛlɔpi ˈʤɪliət], likernôch: "pen-nel-lo-py dzjil-ly-ut"; berne as Penelope Ann Douglass Conner; Londen, 25 maart 1932 – dêre, 9 maaie 1993) wie in Ingelsk skriuwster en filmkritika. Yn dy lêste hoedanichheid wurke hja yn 'e 1960-er en 1970-er jierren foar de Britske krante The Observer en it Amerikaanske tydskrift The New Yorker. As auteur skreau Gilliatt romans, koarte ferhalen, non-fiksje en ien senario, wêrfoar't se nominearre waard foar sawol in Oscar as in BAFTA.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gilliatt waard yn 1932 berne yn 'e Britske haadstêd Londen as Penelope Ann Douglass Conner. Hja wie de dochter fan abbekaat Cyril Conner en dy syn frou Marie Stephanie Douglass. Beide âlden kamen oarspronklik út Newcastle upon Tyne, en hja skieden net lang nei Gilliatt har berte. Hja waard yn in begoedige fermidden yn it Noardingelske Noardumberlân grutbrocht, dêr't har heit fan 1938 oant 1941 regionaal direkteur fan 'e Britske steatsomrop BBC wie. Gilliatt fette dêr in libbenslange leafde op foar it lânskip fan dy krite.
Gilliatt studearre oan Queen's College yn Londen, foar't se mei in stúdzjebeurs de Atlantyske Oseaan oerstiek om oan it Bennington Kolleezje yn 'e Amerikaanske steat Vermont fierder te learen. Yn 1954 troude se mei neurolooch Roger Gilliatt. Hoewol't dat houlik net lang duorre, brûkte se de rest fan har libben syn efternamme.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gilliatt sette har sjoernalistike karriêre útein by de Britske krante The Observer, dêr't se fan 1961 oant 1967 film- en teäterkritika wie en in grut tal resinsjes fan films en toanielstikken optekene. Hja rekke bekend om har detaillearre beskriuwings. Yn 1967 krige Gilliatt in kollumn yn it Amerikaanske tydskrift The New Yorker. Dêr wie se om bar mei har freondinne Pauline Kael elts jier in healjier haadfilmkritika. De kontrastearjende perspektiven fan 'e beide froulju loeken in protte lêzers foar it tydskrift. De resinsjes fan Gilliatt ferskynden ek yn 'e kranten The Guardian en The Spectator en de tydskriften Harper's Bazaar, Queen, Harper's Queen en Vogue.
De karriêre fan Gilliatt by de The New Yorker einige abrupt yn 1979, doe't bliken die dat se yn in artikel oer de skriuwer Graham Greene in stik oerskreaun hie út in artikel fan Michael Meshaw, dat twa jier earder yn The Nation ferskynd wie. Omreden fan dat plagiaat waard har kontrakt doe beëinige, hoewol't Gilliatt op goede foet bleau mei de redaksje en noch jierrenlang koarte ferhalen yn it tydskrift publisearre. De filmresinsjes fan Gilliatt kamen yn 1973 en 1980 yn bondele foarm út. Gilliat skreau yn dy snuorje ek twa non-fiksjewurken oer films: Jean Renoir: Essays, Conversations, Reviews (1975) en Jacques Tati (1976), oer de Frânske regisseurs Jean Renoir, resp. Jacques Tati. Yn 1990 folge noch in trêde non-fiksjeboek oer it ferskynsel komeedzje.
Fierders skreau Gilliatt ek in fiiftal romans, wêrfan't de earste, One by One, útkaam yn 1965. Mortal Matters, út 1983, wie in histoaryske roman dy't spilet yn Newcastle en Noardumberlân en dy't foar it meastepart giet oer de skiednis fan 'e skipsbou yn dy krite en oer de suffrazjettes. Gilliat har koarte ferhalen, wêrfan't in protte alderearst ferskynden yn The New Yorker, waarden sammele yn acht ferhalebondels, dy't publisearre waarden fan 1968 oant 1990. Gilliatt wie ek de auteur fan ien senario, in akseptearjende behanneling fan homoseksualiteit en biseksualiteit basearre op har debútroman One by One, dy't yn 1971 ferfilme waard as Sunday Bloody Sunday. Foar har senario waard Gilliatt nominearre foar sawol de Oscar as de BAFTA yn 'e kategory bêste adaptearre senario.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har mislearre houlik mei Roger Gilliatt wertroude Gilliatt yn 1963 mei toanielskriuwer John Osborne, mei wa't se in dochter krige dy't Nolan hiet. It houlik einige yn 1968 yn in skieding, wêrnei't Osborne ûntkende dat it famke syn bern wie. Nei har twadde skieding hie Gilliatt romantyske relaasjes mei de regisseur en filmprodusint Mike Nichols en de filmkritikus en skriuwer Edmund Wilson. Letter ûnderhold se oant har dea jierrenlang in relaasje mei Vincent Canby, in filmkritikus fan The New York Times.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Penelope Gilliatt ferstoar yn 1993 mei 61 jier oan 'e gefolgen fan alkoholisme.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1965 – One by One (roman)
- 1967 – A State of Change (roman)
- 1968 – What's It Like Out? and Other Stories (ferhalebondel)
- 1969 – I Come Bank if It Doesn't Get Better (ferhalebondel)
- 1972 – Nobody's Business (ferhalebondel)
- 1973 – Unholy Fools: Wits, Comics, Disturbers of the Peace: Film & Theater (samling filmresinsjes)
- 1975 – Jean Renoir: Essays, Conversations, Reviews (non-fiksjewurk)
- 1976 – Jacques Tati (non-fiksjewurk)
- 1977 – Splendid Lives (ferhalebondel)
- 1978 – The Cutting Edge (roman)
- 1980 – Three-Quarter Face: Reports & Reflections (samling filmresinsjes)
- 1982 – Quotations from Other Lives (ferhalebondel)
- 1983 – Mortal Matters (roman)
- 1985 – They Sleep without Dreaming (ferhalebondel)
- 1986 – 22 Stories (ferhalebondel)
- 1988 – A Woman of Singular Occupation (roman)
- 1990 – To Wit: Skin and Bones of Comedy (non-fiksjewurk)
- 1990 – Lingo (ferhalebondel)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |