Springe nei ynhâld

Gouden Palm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Palm der Palmen)
Gouden Palm
Palme d'Or
algemiene ynformaasje
hist. namme Grutte Priis fan it
   Ynternasjonaal Filmfestival
nasjonaliteit Frânsk
útrikt foar bêste film
útrikt troch Ynternasj. Filmfestival fan Cannes
frekwinsje 1x jiers
datum maaie
plak Cannes (Frankryk)
ynsteld 1955
1e útrikking 1955
offisjele webside
www.festival-cannes.com

De Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or) is in wichtige Frânske priis op it mêd fan ynternasjonale films, dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. It is de heechste priis fan dat filmfestival. De Gouden Palm waard yn 1955 foar it earst útrikt, op 'e sânde edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Foartiid, fan 1946 ôf, en ek fan 1964 oant en mei 1974, waard ynstee de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival (Frânsk: Grand Prix du Festival International du Film) útrikt. De Gouden Palm bestiet út in gouden palmblêd, it symboal fan Cannes, dat ek prominint op it wapen en de flagge fan dy stêd stiet. De winner fan 'e Gouden Palm wurdt útornearre troch in faksjuery dy't gearstald wurdt troch de organisaasje fan it filmfestival. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurde út en troch ek inkele oare 'Palmprizen' ferjûn: de Palm der Palmen, de Gouden Earepalm en de Spesjale Gouden Palm.

jier lân titel (ynternasjonale titel) regisseur
1939: mei weromwurkjende krêft takend yn 2002 as de Gouden Palm
1939* Feriene Steaten Union Pacific Cecil B. DeMille
1946 – 1954: útrikt as de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival
1946 Feriene Keninkryk Brief Encounter David Lean
Sweden Hets (Torment) Alf Sjöberg
  Switserlân Die Letzte Chance (The Last Chance) Leopold Lindtberg
Feriene Steaten The Lost Weekend Billy Wilder
Meksiko María Candelaria (Portrait of Maria) Emilio Fernández
Tsjechoslowakije Muži bez Křídel (Men Without Wings) František Čáp
Britsk-Ynje Neecha Nagar Chetan Anand
  Denemark De Røde Enge ( The Red Meadows) Bodil Ipsen
Lau Lauritzen jr.
Itaalje Roma, Città Aperta (Rome, Open City) Roberto Rossellini
Frankryk La Symphonie Pastorale (Pastoral Symphony) Jean Delannoy
Sovjet-Uny Velikij Perelom (The Turning Point) Fridrich Ermler
1947 net útrikt
1948 it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes gie oer fanwegen finansjele swierrichheden
1949 Feriene Keninkryk The Third Man Carol Reed
1950 it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes gie oer fanwegen finansjele swierrichheden
1951 Sweden Fröken Julie (Miss Julie) Alf Sjöberg
Itaalje Miracolo a Milano (Miracle in Milan) Vittorio De Sica
1952 Itaalje Due Soldi di Speranza (Two Cents Worth of Hope) Renato Castellani
Feriene Steaten Othello Orson Welles
1953 Frankryk
Itaalje
Le Salaire de la Peur (The Wages of Fear) Henri-Georges Clouzot
1954 Japan Jigoku-mon (Gate of Hell) Teinosuke Kinugasa
1955 – 1963: útrikt as de Gouden Palm
1955 Feriene Steaten Marty Delbert Mann
1956 Frankryk Le Monde du Silence (The Silent World) Jacques Cousteau
Louis Malle
1957 Feriene Steaten Friendly Persuasion William Wyler
1958 Sovjet-Uny Letjat Zjoeravli (The Cranes Are Flying) Michail Kalatozov
1959 Brazylje
Frankryk
Itaalje
Orfeu Negro (Black Orpheus) Marcel Camus
1960 Itaalje
Frankryk
La Dolce Vita (The Sweet Life) Federico Fellini
1961 Frankryk Une Aussi Longue Absence (The Long Absence) Henri Colpi
Meksiko
Spanje
Viridiana Luis Buñuel
1962 Brazylje O Pagador de Promessas (Keeper of Promises) Anselmo Duarte
1963 Itaalje Il Gattopardo (The Leopard) Luchino Visconti
1964 – 1974: útrikt as de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival
1964 Frankryk
West-Dútslân
Les Parapluies de Cherbourg (The Umbrellas of Cherbourg) Jacques Demy
1965 Feriene Keninkryk The Knack ...and How to Get It Richard Lester
1966 Frankryk Un Homme et une Femme (A Man and a Woman) Claude Lelouch
Itaalje
Frankryk
Signore e Signori (The Birds, the Bees and the Italians) Pietro Germi
1967 Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
Itaalje
Blowup Michelangelo Antonioni
1968 net útrikt fanwegen de Maaieprotesten yn Frankryk
1969 Feriene Keninkryk If... Lindsay Anderson
1970 Feriene Steaten M*A*S*H Robert Altman
1971 Feriene Keninkryk The Go-Between Joseph Losey
1972 Itaalje La Classe Operaia Va in Paradiso (The Working Class Goes to Heaven) Elio Petri
Itaalje Il Caso Mattei (The Mattei Affair) Francesco Rosi
1973 Feriene Keninkryk The Hireling Alan Bridges
Feriene Steaten Scarecrow Jerry Schatzberg
1974 Feriene Steaten The Conversation Francis Ford Coppola
1975 – no: útrikt as de Gouden Palm
1975 Algerije Chronique des Années de Braise (Chronicle of the Years of Fire) Mohammed Lachdar-Hamina
1976 Feriene Steaten Taxi Driver Martin Scorsese
1977 Itaalje Padre Padrone Paolo en Vittorio Taviani
1978 Itaalje L'Albero degli Zoccoli (The Tree of Wooden Clogs) Ermanno Olmi
1979 Feriene Steaten Apocalypse Now Francis Ford Coppola
West-Dútslân
Poalen
Frankryk
Die Blechtrommel (The Tin Drum) Volker Schlöndorff
1980 Feriene Steaten All That Jazz Bob Fosse
Japan Kagemusha Akira Kurosawa
1981 Poalen Człowiek z Żelaza (Man of Iron) Andrzej Wajda
1982 Turkije Yol (The Way) Yılmaz Güney
Şerif Gören
Feriene Steaten Missing Costa-Gavras
1983 Japan Narayama Bushikō (The Ballad of Narayama) Shohei Imamura
1984 West-Dútslân
Frankryk
Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
Paris, Texas Wim Wenders
1985 Joegoslaavje Otats na Službenom Putu (When Father Was Away on Business) Emir Kusturica
1986 Feriene Keninkryk The Mission Roland Joffé
1987 Frankryk Sous le Soleil de Satan (Under the Sun of Satan) Maurice Pialat
1988   Denemark
| Sweden
Pelle Erobreren (Pelle the Conqueror) Bille August
1989 Feriene Steaten Sex, Lies, and Videotape Steven Soderbergh
1990 Feriene Steaten Wild at Heart David Lynch
1991 Feriene Steaten Barton Fink Joel en Ethan Coen
1992 Sweden Den Goda Viljan (The Best Intentions) Bille August
1993 Sina Bàwáng Bié Jī (Farewell My Concubine) Chen Kaige
Nij-Seelân
Austraalje
Frankryk
The Piano Jane Campion
1994 Feriene Steaten Pulp Fiction Quentin Tarantino
1995 Joegoslaavje
Dútslân
Frankryk
Tsjechje
Bulgarije
Podzemlje (Underground) Emir Kusturica
1996 Feriene Keninkryk
Frankryk
Secrets & Lies Mike Leigh
1997 Iraan Ta'm-e Gīlās (Taste of Cherry) Abbas Kiarostami
Japan Unagi (The Eel) Shohei Imamura
1998 Grikelân Mia Aioniótita kai Mia Méra (Eternity and a Day) Theodoros Angelopoulos
1999 Belgje
Frankryk
Rosetta Jean-Pierre en Luc Dardenne
2000   Denemark Dancer in the Dark Lars von Trier
2001 Itaalje La Stanza del Figlio (The Son's Room) Nanni Moretti
2002 Frankryk
Dútslân
Poalen
Feriene Keninkryk
The Pianist Roman Polanski
2003 Feriene Steaten Elephant Gus Van Sant
2004 Feriene Steaten Fahrenheit 9/11 Michael Moore
2005 Belgje L'Enfant (The Child) Jean-Pierre en Luc Dardenne
2006 Ierlân
Feriene Keninkryk
Dútslân
Itaalje
Spanje
Frankryk
Belgje
  Switserlân
The Wind That Shakes the Barley Ken Loach
2007 Roemeenje 4 Luni, 3 Săptămâni şi 2 Zile (4 Months, 3 Weeks and 2 Days) Cristian Mungiu
2008 Frankryk Entre les Murs (The Class) Laurent Cantet
2009 Eastenryk
Frankryk
Dútslân
Itaalje
Das weiße Band, Eine deutsche Kindergeschichte (The White Ribbon) Michael Haneke
2010 Tailân Lung Bunmi Raluek Chat (Uncle Boonmee Who Can Recall His Past Lives) Apichatpong Weerasethakul
2011 Feriene Steaten The Tree of Life Terrence Malick
2012 Frankryk
Eastenryk
Dútslân
Amour (Love) Michael Haneke
2013 Frankryk
Belgje
Spanje
La Vie d'Adèle: Chapitres 1 et 2 (Blue Is the Warmest Colour)
(yn dit gefal waard de Gouden Palm foar it earst ek takend oan 'e
beide haadrolspylsters: Adèle Exarchopoulos en Léa Seydoux)
Abdellatif Kechiche
2014 Turkije Kış Uykusu (Winter Sleep) Nuri Bilge Ceylan
2015 Frankryk Dheepan Jacques Audiard
2016 Feriene Keninkryk
Frankryk
I, Daniel Blake Ken Loach
2017 Sweden
Dútslân
Frankryk
  Denemark
The Square Ruben Östlund
2018 Japan Manbiki Kazoku (Shoplifters) Hirokazu Kore-eda
2019 Súd-Koreä Gisaengchung (Parasite) Bong Joon-ho

*) De Gouden Palm foar Union Pacific waard mei weromwurkjende krêft takend yn 2002. Yn 'e hjerst fan 1939 soe de earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden wurde, mar dat gie oer fanwegen it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Pas yn 1946 waard sadwaande wier de earste edysje fan it filmfestival holden.

Palm der Palmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997, doe't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fyftich jier bestie, waard foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Palm der Palmen (Frânsk: Palme des Palmes) útrikt:

jier lân winner berop
1997 Sweden Ingmar Bergman regisseur, senarioskriuwer

Gouden Earepalm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 begûn it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes dermei om op sporadyske basis in oeuvrepriis ta te kennen, de Gouden Earepalm (Frânsk: Palme d'Or Honoraire), oan tige foaroansteande regisseurs en akteurs dy't lykwols noch nea in 'gewoane' Gouden Palm wûn hiene.

jier lân winner berop
2002 Feriene Steaten Woody Allen regisseur, akteur, senarioskriuwer
2003 Frankryk Jeanne Moreau aktrise
2005 Frankryk Catherine Deneuve aktrise
2007 Feriene Steaten Jane Fonda aktrise, regisseur
2008 Portegal Manoel de Oliveira regisseur, senarioskriuwer
2009 Feriene Steaten Clint Eastwood akteur, regisseur, produsint
2011 Frankryk Jean-Paul Belmondo akteur
Itaalje Bernardo Bertolucci regisseur, senarioskriuwer, produsint
2015 Belgje Agnès Varda regisseur, senarioskriuwster
2016 Frankryk Jean-Pierre Léaud akteur
2017 Feriene Steaten Jeffrey Katzenberg produsint
2019 Frankryk Alain Delon akteur

Spesjale Gouden Palm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2018 waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Spesjale Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or Speciale) útrikt:

jier lân titel (ynternasjonale titel) regisseur
2018   Switserlân
Frankryk
Le Livre d'Image (The Image Book) Jean-Luc Godard

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.