Noardwestlike Territoaria
Noardwestlike Territoaria Northwest Territories (Ingelsk) Territoires du Nord-Ouest (Frânsk) Nunatsiaq (Inûynnaktûn) ᓄᓇᑦᓯᐊᖅ (Inûktitût) | |
---|---|
flagge | wapen |
gjin offisjeel biedwurd | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | NT |
lân | Kanada |
status (jier) | territoarium (1870) |
haadstêd | Yellowknife |
grutste stêd | Yellowknife |
offisjele taal | Ingelsk, Frânsk, Hûnsribsk, Inûynnaktûn, Inûktitût, Inûvialûktûn, Kry, Kûtsjin, Noardlik Slavy, Súdlik Slavy, Tsjippewaien |
sifers | |
ynwennertal | 41.462 (2011) |
befolkingstichtens | 0,04 / km² |
oerflak | 1.346.106 km² (ynkl. wetter) 1.183.085 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -7 |
webside | www.gov.nt.ca |
De Noardwestlike Territoaria (Ingelsk: Northwest Territories; Frânsk: Territoires du Nord-Ouest), ek wol ôfkoarte ta NWT (of yn it Frânsk ta TNO), foarmje ien fan 'e trije territoaria fan Kanada. It gebiet leit yn it noardwesten fan it lân, en heart ta de regio fan Noardlik Kanada. Foarhinne wie it folle grutter, mar tsjintwurdich is it mei 13,5% fan it nasjonaal grûngebiet wat oerflak oanbelanget it trêde gewest fan Kanada, nei it territoarium Nûnavût en de provinsje Kebek. De haadstêd fan 'e Noardwestlike Territoaria is Yellowknife, dat oan 'e Grutte Slavemar leit. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it territoarium doe krapoan 42.000 ynwenners, wat delkomt op 0,1% fan 'e totale befolking fan Kanada.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan 'e Noardwestlike Territoaria is beskriuwend, en waard troch it Britske regear oannommen yn it koloniale tiidrek om 'e geografyske posysje fan it gebiet oan te jaan foar it súdeastliker leine territoarium Rupertslân oer. De Inûyt neame de Noardwestlike Territoaria fan ᓄᓇᑦᓯᐊᖅ (Nunatsiaq), dat "moai lân" betsjut. Nei't yn 1999 it nije territoarium Nûnavût fan 'e Noardwestlike Territoaria losmakke waard, giene der in hoart lang stimmen op om 'e namme fan it restgebiet te feroarjen. De doetiidske minister-presidint fan it territoarium, Stephen Kakfwi, propagearre de namme "Denendeh", dat "ús lân" betsjut yn ferskate Atapaskyske talen fan 'e lânseigen Yndiaanske befolkinsgroepen. Ien fan 'e populêrste útstellen foar in nije namme wie om it territoarium "Bob" te neamen, in út 'e hân rûne grap dy't in skoft lang yn 'e opinypeilings boppe-oan stie. Uteinlik hat men lykwols besletten om 'e namme fan Noardwestlike Territoaria mar oan te hâlden, en men soe sizze kinne dat dy no eins tapasliker is as doe't Nûnavût, dat noardeastlik Kanada omfiemet, der noch diel fan útmakke.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardwestlike Territoaria hawwe in oerflak fan 1.346.106 km², wêrfan't 1.183.085 km² út lân bestiet en 163.021 km² út wetter. It territoarium grinzget yn it easten oan it territoarium Nûnavût en yn it westen oan it territoarium Yukon, wylst it yn it suden swettet oan 'e provinsjes Britsk-Kolumbia, Alberta en Saskatchewan (fan west nei east). Yn it noarden wurdt it begrinzge troch de Noardlike Iissee.
De Noardwestlike Territoaria besteane út in grut stik lân op it Kanadeeske fêstelân mei dêropta in stikmannich eilannen fan 'e Kanadeeske Arktyske Arsjipel, wêrûnder Banks, Borden en Prins Patrickeilân en de westlike parten fan Victoria en Melville, dy't dield wurde mei Nûnavût. It fêstelân fan 'e Noardwestlike Territoaria omfiemet de Grutte Bearemar en de Grutte Slavemar, twa fan 'e grutste marren fan Kanada, en fierders it streamgebiet en de delta fan 'e rivier de Mackenzie, dy't útmûnet yn 'e Beaufortsee, en de ravinen fan it ferneamde Nasjonaal Parkreservaat Nahanni, dat op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet. It heechste punt fan it territoarium is de Mount Nirvana, oan 'e grins mei Yukon, mei in hichte fan 2.773 m.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardwestlike Territoaria ûntstiene yn 1870 troch de gearfoeging fan it eardere Noardwestlike Territoarium mei Rupertslân, de konsesje fan 'e Hudsonbaaikompanjy, dy't dat gebiet it foargeande jiers oerdroegen hie oan 'e Britske Kroan, dy't it dêrnei wer oerdroech oan 'e yn 1867 stifte Kanadeeske Konfederaasje. Sadwaande besloegen de Noardwestlike Territoaria yn 't earstoan in ûnbidich grut stik fan Noard-Amearika, dat fan Labrador yn it easten oant Alaska yn it westen rikte, en dat yn it suden grinzge oan 'e Feriene Steaten. De Kanadeeske Arktyske Eilannen bleaune lykwols noch oant 1880 ûnder direkt Britsk bestjoer.
Nei de oerdracht fan 'e Noardwestlike Territoaria oan Kanada waard it gebiet stadichoan almar lytser. Noch yn 1870 waard de provinsje Manitoba fan it territoarium losmakke, yn 't earstoan besteande út in lyts fjouwerkantsje om 'e stêd Winnipeg hinne, dat yn 1881 útwreide waard ta it súdlike diel fan 'e tsjintwurdige provinsje en yn 1912 syn hjoeddeistige omfang krige. Tsjin 'e tiid dat de al sûnt 1858 besteande koloanje Britsk-Kolumbia yn 1871 in provinsje fan 'e Kanadeeske Konfederaasje waard, hie it (yn 1866) al it diel fan it oarspronklike Noardwestlike Territoarium taparte krigen dat besuden 60° noarderbreedte en bewesten 120° westerlingte lei. Yn 1876 en 1912 wreide Ontario him yn it neidiel fan 'e Noardwestlike Territoaria út nei it noarden, en yn 1882, 1898 en 1912 die Kebek yn trije stadia itselde. Yn 1898 waard nei de eksplosive befolkingsgroei dêre, fanwegen de Goudkoarts fan Klondike, de Yukon ta in selsstannich territoarium makke. Yn 1905 waarden Saskatchewan en Alberta bestjoerlik losmakke fan 'e Noardwestlike Territoaria, om as folweardige provinsjes ta te treden ta de Kanadeeske Konfederaasje.
Sadwaande wiene, nei in bestjoerlik weryndielingsproses fan it restearjende territoarium, yn 1920 inkeld de distrikten Mackenzie, Franklin en Keewatin noch oer. Fan 1907 oant 1947 wiene de Noardwestlike Territoaria net fertsjintwurdige yn it Kanadeeske parlemint, en dêrnei hie fyftjin jier lang inkeld it súdwestlike distrikt Mackenzie (yn 'e mande mei de Yukon) in parlemintssit. Pas yn 1962 waarden de hiele Noardwestlike Territoaria omfoarme ta ien inkeld kiesdristrikt, op grûn fan in wet út 1953, dy't de Inûyt yn Kanada einlings stimrjocht jûn hie. Hiel lang waard it territoarium bestjoerd troch in kommissaris dy't oansteld waard troch de Kanadeeske minister fan Yndiaanske Saken en Noardlike Untwikkeling, mar yn 1967 krige it gebiet selsbestjoer, en waard Yellowknife ta de territoriale haadstêd makke.
Nei in lang en dreech proses fan ûnderhannelings oer de lânrjochten fan 'e eastlike Arktyske Inûyt fan Kanada, waard op 1 april 1999 it selsstannige territoarium Nûnavût skepen. Dat besloech trijefyfde part fan it gebiet dat oant dy tiid ta de Noardwestlike Territoaria heard hie, mei dêrûnder it hiele distrikt Keewatin en grutte dielen Franklin en Mackenzie.
- De ynkrimping fan 'e Noardwestlike Territoaria
-
sitewaasje 1867-1870
-
sitewaasje 1870-1886
-
sitewaasje 1886-1901
-
sitewaasje 1901-1905
-
sitewaasje 1905-1949
-
sitewaasje 1949-1999
-
sitewaasje fanôf 1999
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardwestlike Territoaria hawwe in territoriale assimblee mei 19 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). Oars as de parleminten fan 'e Kanadeeske provinsjes en fan it territoarium Yukon hat dat fan 'e Noardwestlike Territoaria gjin partijen, mar binne alle leden ûnôfhinkliken. It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes en territoaria oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurde de Noardwestlike Territoaria yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 1 fan 105 sitten (1,0%), en yn it Legerhûs troch 1 fan 308 sitten (0,3%).
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan 'e Noardwestlike Territoaria stipet fierhinne op 'e mynbou en de eksploitaasje fan oare natuerlike helpboarnen, mei it toerisme as oare wichtige sektor. Der wurdt yn it territoarium dold nei goud, diamanten, wolfram, ierdgas en ierdoalje. Foarhinne wiene der ek sulver-, koper-, lead-, sink- en uraniumminen. De diamanten út 'e Noardwestlike Territoaria wurde oanpriizge as in alternatyf foar bloeddiamanten. Benammen troch de mynbou is it bruto territoriaal produkt fan 'e Noardwestlike Territoaria it heechst fan alle Kanadeeske gewesten, mei K$76.000 yn 2009.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hiene de Noardwestlike Territoaria doe 41.462 ynwenners, wat frijwol itselde oantal is as yn 2006. De befolkingstichtens wie 0,04 minsken de km². Fan alle ynwenners fan it territoarium wennen yn 2006 19.234 of 46,4% yn 'e haadstêd Yellowknife. It twadde plak neffens ynwennertal, mei 3.606 minsken, wie Hay River. Yn totaal binne der 33 wenkearnen yn it gebiet, wêrfan't de lytste Kakisa is, dat 45 ynwenners hat.
Etnyske groepen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2006 (dy't basearre binne op selsidentifikaasje) bestiet de befolking fan 'e Noardwestlike Territoaria foar mear as de helte (50,3%) út lânseigen groepen. De Noardwestlike Territoaria binne njonken Nûnavût it iennichste gewest fan Kanada dêr't dat sa is. De lânseigen befolking kin opdield wurde yn seis ûnderskate Yndiaanske folken (mei-inoar 36,5%), de heal-blanke, heal-Yndiaanske Métis (6,9%) en de Inûvialûyt, de westlike Arktyske Inûyt fan Kanada (11,1%). (Mei-inoar komt dat út op 54,5%, mar minus de oerlaping fan dy trije groepen wurdt it 50,3%.)
De grutste blanke befolkingsgroep waard foarme troch de Ingelsen (17,2%), folge troch de Skotten (14,3%), Ieren (11,8%), Frânsen (10,5%), Dútsers (8,5%) en Oekraïners (3,5%). De tsjintwurdige Frânsktalige minderheid, de Franko-Tenezen (dy oantsjutting is ôflaat fan 'e Frânske ôfkoarting foar de Noardwestlike Territoaria, TNO), foarmje mei in oantal fan likernôch 440 minsken sa'n 1,1% fan 'e befolking.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens sifers út 2001 79,7% fan 'e befolking fan 'e Noardwestlike Territoaria út kristenen, wêrfan 45,7% roomsen, 33,6% protestanten, 0,3% eastersk-otterdoksen en 0,1% eastersk-katoliken. De grutste protestantske denominaasjes wiene de anglikanen (14,9%), de feriene protestantske United Church of Canada (6,0%), de pinksterkristenen (2,8%), baptisten (1,8%) en luteranen (1,1%). Ateïsten en agnosten foarmen 17,4% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: de islaam (0,5%); it boedisme (0,4%); it hindoeïsme (0,2%); it sikhisme (0,1%); it joadendom (0,1%); en it Westersk heidendom (0,1%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,6% fan 'e befolking.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1877 waard njonken it Ingelsk ek it Frânsk ta ien fan 'e offisjele talen fan 'e Noardwestlike Territoaria makke. Dat late fanôf 1888 ta in lange en bittere taalstriid, mei as úteinlik resultaat dat yn 1892 it Frânsk syn offisjele status ferlear. Hast in iuw lang bleau dy sitewaasje hanthavene, mei inkeld it Ingelsk as offisjele taal, oant de Kanadeeske federale oerheid yn 'e 1980-er jierren it territoriale regear ûnder druk sette om it Frânsk op 'e nij in offisjele status ta jaan. By it debat dat dêrop folge yn 'e territoriale assimblee rûnen ferskate lânseigen folksfertsjintwurdigers derút, út protest tsjin it feit dat der safolle omtinken oan in yn wêzen útlânske taal jûn waard, wylst sy yn it parlemint har eigen talen net iens sprekke mochten. Der waard in kommisje ynsteld om 'e saak te bestudearjen, dy't fêststelde dat it alles of neat wurde moast – dus as it Frânsk in offisjele status krije soe, dan moast dyselde status ek taparte wurde oan alle lânseigen talen fan it territoarium. Sadwaande krigen de Noardwestlike Territoaria yn 1988, ûnder de Northwest Territories' Official Languages Act, alve offisjele talen, dy't yn begjinsel allegearre gelikense rjochten hawwe yn it territoarium. Dy alve talen binne:
- 2 blanke talen:
- 6 Yndiaanske talen:
- Hûnsribsk (Dogrib of Tłįchǫ)
- Kry (Cree)
- Kûtsjin (Kutchin of Gwich'in)
- Noardlik Slavy (Northern Slavey)
- Súdlik Slavy (Southern Slavey)
- Tsjippewaien (Chipewyan)
- 3 Inûyt-talen:
- Inûynnaktûn (Inuinnaqtun)
- Inûktitût (Inuktitut)
- Inûvialûktûn (Inuvialuktun)
De ynwenners fan 'e Noardwestlike Territoaria hawwe it rjocht om alle boppeneamde talen te brûken yn harren kommunikaasje mei de territoriale oerheid en yn in territoriale rjochtseal. Al dy talen meie ek sprutsen wurde yn 'e territoriale folksfertsjintwurdiging. Lykwols, de territoriale wetjouwing is inkeld binend yn 'e Ingelske en Frânske ferzjes, en de Noardwestlike Territoaria publisearje wetten en oare dokuminten inkeld yn 'e oare njoggen talen as dêr in offisjeel fersyk ta yntsjinne wurdt. Fierders is de tagong ta tsjinsten yn it Frânsk en de lânseigen talen beheind ta ynstellings en omstannichheden dêr't men yn ridlikheid fan ferwachtsje meie soe dat men dêr yn dy talen terjochte kin (mei de rjochterlike macht as iennichste útsûndering). Inkeld tsjinsten yn 'e Ingelske taal binne yn 'e Noardwestlike Territoaria rûnom beskikber.
It Ingelsk is dan ek de memmetaal fan fierwei it grutste part fan 'e befolking fan it territoarium: 77,5%. Dêrnei folgje (as de tolve meast sprutsen talen neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2006): Hûnsribsk (4,8%), Súdlik Slavy (3,2%), Noardlik Slavy (2,1), Inûktitût (1,7%), Filipynsk (1,2%), Frânsk (1,1%), Tsjippewaien (1,0%), Fjetnameesk (0,8%), Sineesk (0,6%), Kry (0,5%) en Kûtsjin (0,5%).
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst it oanbuorjende Nûnavût foar it meastepart bestiet út toendra, hawwe de Noardwestlike Territoaria in justjes waarmer klimaat, mei as gefolch dat it súdlike part fan it territoarium grutdiels begroeid is mei nullewâlden (taiga). It noardlike diel fan it fêstelân leit lykwols boppe de beamgrins en hat in toendraklimaat, wylst der oan 'e noardkust en op 'e eilannen fan 'e Kanadeeske Arktyske Arsjipel in poalklimaat hearsket. De winters binne lang en strang, en de simmers koart en koel, mei oerdei temperatueren dy't mar komselden boppe de 20 °C útkomme. Winterdeis is it sels yn it suden fan it territoarium alhiel gjin útsûndering as it kwik oant –40 °C sakket, wylst yn it noarden in temperatuer fan –50 °C frij normaal is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|