Springe nei ynhâld

Noarch

Ut Wikipedy
Noarch
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Noardenfjild
Sifers
Ynwennertal 3.725 (2020)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53°4′ NB 6°28′ EL
Webside www.norg.nl

Noarch (Nederlânsk en offisjeel: Norg; Drintsk: Nörg) is in esdoarp[1] yn it noarden fan de provinsje Drinte, ûngefear 25 kilometer súdwest fan de stêd Grins en 12 kilometer noardwest fan de Drintske haadstêd Assen. Noarch hie yn 2009 3.710 ynwenners.

Noarger doarpsgesicht

Noarch hat krektas in soad oare esdoarpen yn Drinte in lange skiednis. Al yn it begjin fan de midsiuwen dûkt Nurch of Norche op yn oarkundes. De âldste iesen binne op 650-750 nei Kristus datearre. It tichtby lizzende Noargerholt is in tige âld bosk, nei alle gedachten út de 9e iuw. Nei de komst fan it kristendom wie Drinte besit van de biskop fan Utert, dy't de rjochten en plichten fan de ynwenners fan Drinte foar it earste by it lânrjocht fan 1412 erkende. De provinsje waard doe ferdield yn seis dingspillen. It wurd dingspil is gearstald út ding (= gerjocht) en spil (of spel) (= gebiet) en betsjut dus rjochtsgebiet. Noarch wie destiids (krektas de omlizzende doarpen Een, Een-West, Peest, Westervelde, Langelo, Súdfjilde en Hûs ter Heide) ûnderdiel fan it dingspil Noardenfjild, mei as haadplak Vries. It dingspil Noardenfjild wie ûnderferdield yn fjouwer kerspels. Omdat Noarch in tsjerke hie, de romanogoatyske Sint-Margaretatsjerke, waard dit it 'haadplak' fan it gebiet dat earst it kerspel Noarch hjitte en letter de gemeente Noarch waard.

Resinte ûntwikkelingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1 jannewaris 1998 wie Noarch in selsstannige gemeente, mei de byhearrende doarpen Feanhuzen, Een, Een-West, Peest, Westerfjilde, Langelo, Súdfjilde en Hûs ter Heide. Sûnt de gemeentlike weryndieling fan Drinte yn 1998 makket Noarch diel út fan de gemeente Noardenfjild, mei de eardere buorgemeenten Peize en Roan. De oerflakte fan de gemeente Noarch wie sawat de helte fan de hjoeddeiske gemeente Noordenveld. Peize en Roan foarmje de oare helte fan de nije gemeente. Roan is no it 'haadplak', dêr't de measte foarsjennings binne. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Noarch gearfoege wurde soe mei de gemeenten Vries en Súdlaren, wylst Roan en Peize gearfoege wurde soenen mei Eelde. Dit is úteinlik net trochgien.

Noarch hat him, benammen nei de weryndieling, ûntwikkele ta forinzeplak. Yn ferhâlding mei it oantal ynwenners is der net folle wurkgelegenheid. De measte ynwenners wurkje yn gruttere plakken yn de omjouwing lykas Roan, Assen, Grins of Drachten.

Op dit momint is yn Noarch net folle romte foar nijbou. De oanwêzige natoer- en boskgebieten meitsje soks ûnmooglik. Er is de lêste 40 jier yn in oantal fazes nijbou komd:

  • Grutfeanwei/Fûgelbuert (1970-1974) (170 wenten)
  • Batinge (1976) (100 wenten)
  • Dikninge/Leane fan Havezathen (1978) (85 wenten)
  • Entinge (1980) (50 wenten)
  • Havikshorst/Oldengaarde (1984) (60 wenten)
  • Fabrkkstrjitte/Rûnwei (1992) (25 wenten)
  • Grutfean-Esseam (1994) (125 wenten)
  • Yndustryterrein Ordel (1995) (10 wenten + bedriuwsgebou)

Healwei 2010 waard in begjin makke mei de bou fan de nije wyk Oosterveld. Yn de wyk moatte ± 250-300 wenten boud wurde, fan filla's oant sosjale wenningbou. Yn it foarjier fan 2010 waard begûn mei de oanlis fan in twatal rotondes en in ûntslutingswei foar de nije wyk, tusken de Dondersewei en de Peesterstrjitte. Dêrnei kin begûn wurde mei de earste faze fan it nijbouprojekt. Ek op de Brinkhofweide waard yn 2010 begûn mei bouwen. Dêr sil in appartemintekompleks foar senioaren ferrize.

Noarch hat, krekt as in soad omlizzende doarpen wol hawwe, gjin rûnwei. It trochgeande ferkear moat dwers troch it sintrum hinne. Yn 2008 is it hiele stjitteplan yn it sintrum renovearre. Yn Noarch is in lyts bedriuwsterrein, Ordel. Dêr sitte ûngefear 10 ûndernimmers yn in lyts gebou mei in eigen wenning. Noarch leit net oan it spoar, mar wol oan in pear lytse wetterwegen: De Noargerfeart, it Grutte Djip en it Easterfoartske Djip. Dy binne lykwols net geskikt foar boaten en wurde benammen brûkt om te fiskjen en foar rekreaasje. Oarspronklik soe de Noargerfeart, dy't ophâldt yn Hûs ter Heide, fia Noarch trochlutsen wurde nei de doetiidske jachthaven yn Roan. Mar de gemeente Noarch besleat ein 19e iuw dat dat tefolle jild kostje soe.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Margaretatsjerke
Nôtmûne 'De Hoop', Noarch
De Wikipedy hat ek in side Margaretatsjerke (Noarch).

It wichtichste monumint yn Noarch is de yn de midden fan de 13e iuw boude romanogotyske Sint-Margaretatsjerke mei in sealtektoer. Dizze, no protestantske tsjerke, waard wijd oan de martlaresse Margareta fan Antiochje. De wijwetterbak en it doopfont fan de tsjerke binne fan foar de bou, respektivelik út de midden fan de tolfte iuw en it begjin fan de trettjinde iuw.[2]

Yn Noarch sels leit gjin hunebêd, mar wol yn it tichtby lizzende Westerfjilde en, wat fierder wei, by Seijen, de hunebêden D2 en D5. Op it âlde tsjerkhôf om de tsjerke lizze in pear grutte stienen dy't grif fan in fernield hunebêd komme.

Yn Noarch steane twa âlde wynmûnen. De iene, Noordenveld neamd, is in nôtmûne dy't sûnt 1878 bestiet. Flak by dy mûne waard yn 2004 in trije ferdjippings tellend appartemintekompleks boud dat de mûne foar in part út de wyn sette en grutte tsjinstellings yn it doarp oplevere. Mûne en nijbou binne lykwols eigendom fan deselde pleatslike ûndernimmer en der is fergunning foar de bou ferliend. De oare mûne yn it doarp is de nôtmûne De Hoop dy't as iennichste mûne yn Nederlân Bilauwjukken hat.

It doarp Noarch hat fiif brinken. Dy lizze allegear yn it sintrum fan it plak. Se binne yn de 19e iuw oanlein foar de grutte hynstemerken. Dy merken wurde noch altiten fjouwer kear jiers organisearre, faak yn kombinaasje mei in diskemerk of in oar evenemint. De oanfier fan hynders en oar fee wurdt de lêste jierren minder. De merk yn Noarch kin hast net konkurrearje mei de gruttere buormerken yn Súdlaren en Roan en hat ek lêst fan de ynternethannel dy't hieltyd mear tanimt.

Swartendyksterskâns

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Swartendyksterskâns is in yn de 16e iuw boud ferdigeningsbolwurk yn it tichtbylizzende doarp Een, dat wjersstân biede moast tsjin de biskop fan Munster. Hy leit oan de Skânswei. Dizze wei hjit de Skânswei, mar stie earder bekend as de Swartendyk en wie de wichtichste ferbining fan Drinte mei Fryslân. As oantinken fan dizze wei is hjir yn de sechtjinde iuw in skâns boud. Dizze Swartendyksterskâns is yn 1980 prachtich restaurearre. In oare skâns mei de namme Portugal lei ten easten fan Een, mar dizze bestiet net mear. Allinnich de strjitnamme "Skâns Portugal" yn in resint nijbouplan ferwiist noch nei dit bolwurk.

Yn de omjouwing fan Noarch lizze de natoergebieten Noargerholt en it Fochtelerfean.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn 1996 is der in oerdekt swimparadys boud, dêr't yn 2008 in bewegingssintrum oan fêst boud is. It swimbad is mei finansiere troch de NAM, as kompensaasje foar de oanlis fan in gasopslach yn it tichtbylizzende Langelo. Neist dit kompleks binne der ek tennisbanen komd. Yn it sportpark binne de fuotbalferiening en kuorbalferiening ûnderbrocht. Njonken it sportpark stiet in oerdekte maneezje. Fierder is der in moetingssintrum De Brinkhof in sporthal, dy't foar sportive en kulturele doeleinen brûkt wurde kin.
  • Yn en om it doarp binne meardere campings en hotels. By it Ronostrân, yn it tichtbylizzende doarpke Een, leit in grutte rekreaasjeplasse.
  • De Brinkhof is in yn 1972 boud moetingssintrum. It multyfunksjonele gebou jout ûnderkommen oan in berneopfang, plysje, pjutteboartersseal, VVV, Werâldwinkel, sporthal, teaterseal, Kulturele Ried en ferienings. Oant 1997 sieten hjiryn ek it gemeentehûs en it postkantoar. Nei de weryndieling is it gemeentehûs yn Roan komd. It postkantoar hat in agintskip yn de pleatslike C1000 krigen. Sûnt oktober 2009 hat ek de Rabobank in kantoar yn De Brinkhof.
  • Fjouwer kear jiers wurdt yn Noarch in hynstemerk hâlden. Op dizze Noargermerk wurde tsjintwurdich folle mear dingen ferkocht as allinnich hyns en twa fan de fjouwer kear is der ek in lytse merke by dy't dan in pear dagen stean bliuwt. Sûnt 1999 is der elk earste wykein yn augustus in Feestfjouwerdeiske yn Noarch, dêr't bands spylje en in soad aktiviteiten binne.
  • Oant 2006 hie Noarch in famyljepretpark, De Vluchtheuvel. It park luts yn de simmemmoannen in soad besikers, ûnder oare troch it swimbad mei in soad glydbanen. It park is yn de jierren 60 begûn as bernebuorkerij/bistetún en waard úteinlik omboud ta pretpark. Yn 2006 is it sluten en dêrnei yn 2007 sloopt yn opdracht fan de nije eigener Hennie van der Most dy't it park trochferkocht oan in projektûntwikkelder, dy't der oant 2009 noch neat mei dien hat. It ferlitten terrein waard doe it ûnderkommen fan kreakers. In febrrewaris 2010 baarnde it kompleks hielendal ôf, nei in stikkene houtkachel. It kompleks wurdt no hielendal sloopt.
  • OBS De Hekakker, iepenbiere basisskoalle, 350 learlingen
Underdiel fan de federaasje Iepenbiere Skoallen Noarch, mei skoallen yn Feanhuzen, Een en Westervelde.
  • Dr. Nassau College, middelbere skoalle, 150 learlingen
Underdiel fan in regionale skoallemienskip mei fêstigingen yn Assen (3), Beilen (1), Gieten (1) en Noarch (1).

Noarch hat, sjoen de grutte fan it doarp in soad (maatskiplike) foarsjennings. Sa hat it in eigen brânwarpost. De plysje is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Noardenfjild-Tynaarlo, mei buro's yn Roan en Vries.

Opslach fan ierdgas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it doarp Langelo (even ten noarden fan Noarch) stiet in grutte ynstallaasje fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) dêr't ierdgas ûndergrûns yn in gasfjild opslein wurdt. Dit gas kin brûkt wurde as de fraach grutter is as wat yn de gasfjilden op oare plakken produsearre wurdt.

Bekende Nederlanners yn Noarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende Nederlanners wenjend of mei in twadde wente yn Noarch:

Berne yn Noarch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
  2. Karstkarel, Peter Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589

Noardenfjild
Doarpen:
RoanAltenaFeanhuzenIenLangeloLeutingewoldeLieverenNietapNij-RoanNoarchPeestPeizePeizermadeRoaneriesRoanerwâldeSteenbergenWesterveldeZuidvelde
Buorskippen:
Allardseach (foar in part)AlteveerAmerikaBoerlaanIen-WestDe StreekFoxwoldeHuis ter HeideKlunderveenMatslootNorgerfeart (foar in part)Oostindië (foar in part)PeizerwoldDe PolSandebuurTerheijl
· · Berjocht bewurkje