Margaretatsjerke (Noarch)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Margaretatsjerke
Noarch, Margaretatsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
gemeente Coat of arms of Noordenveld.svg Noardenfjild
plak Norg wapen.svg Noarch
adres Brink 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30783
oare ynformaasje
webside Herfoarme gemeente Noarch

De Margaretatsjerke is in romanogoatyske tsjerke yn it Drintske Noarch, gemeente Noardenfjild.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Undersyk hat útwiisd dat foar de bou fan de hjoeddeiske tsjerke op it plak twa eardere houten tsjerken stien ha. De tsjerke waard healwei de 13e iuw boud en wijd oan de hillige Margareta fan Antiochje. Der waard mei de bou fan de sealtektoer úteinset en dêrnei nei it easten wurke. Toer en skip waarden yn romaanske styl boud, wylst it koer de romanogoatyske styl fertsjintwurdiget. Boppe de yngong yn de toer is it wapen oanbrocht fan Adolf Ripperda, hear fan Peize. Letter waarden it skip fan de tsjerke ferhege en gruttere romaanske finsters ynbrocht.

Romaansk doopfont, makke fan Bentheimer sânstien yn Bad Bentheim

Yn de 19e iuw krige de tsjerke grutte neogoatyske finsters, mar de restauraasje fan 1968-1971 brocht de sitewaasje werom yn romaanske styl. It romanogoatyske koer hold jimmeroan deselde finsters.

Oan de noardlike muorre is te sjen dat der oan de tsjerke ea in sakristy stien hat.[1]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alder as de tsjerke sels binne in wijwetterbak (of doopfont; 12e iuw) en in doopfont (13e iuw). De preekstoel mei foarstellings fan in iepen Bibel en it Leauwen, de Hope en de Leafde, in iken offerblok en de klok binne 17e-iuwsk. De heare- of Tonckensbank stamt út 1724. It ferwulft fan it koer hat beskildere ribben mei yn de slútstien in do as symboal fan de Hillige Geast.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in jefte fan Marchien Martens koe in oargel foar de tsjerke oankocht wurde. Foar it jild koe de opdracht foar de bou fan it ynstrumint jûn wurde oan de firma Friedrich Leichel en Zn. út Lochem. Op 4 oktober 1986 waard it oargel yn gebrûk nommen. Op dy dei preke de dûmny út Haggai 2:10, wylst it oargel bespile waard troch de Arumer organist J.F. Bos. It ynstrumint hat 10 registers, ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: