De Hoop (Noarch)
De Hoop | ||
![]() | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Asserstritte 29 | |
koördinaten | 53°3' N 6°27' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
oarspr. gebrûk | nôt- en pelmûne | |
flecht | 21.35 m | |
boujier | 1857 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 30781 [1] | |
Webside | ||
Side De fan de Noarger mûnen | ||
Kaart | ||
De Hoop is ien fan 'e twa nôtmûnen yn it Drintske doarp Noarch. De twadde mûne fan Noarch is de mûne 'Noordenveld', dy't wat jonger is en út 1878 datearret.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1857 as nôt- en pelmûne boud. Doe't de mûne yn 1873 fan eigner ferwiksele fûn dat ûnder betingst plak dat de iuwenâlde standermûne oan de wei nei Ien ôfbrutsen waard. Sûnt likernôch 1900 ferdwûn de pelynrjochting en is de mûne ynrjochte as nôtmûne.
Eartiids hie de mûne selsswichting, mar yn 1935 krige de mûne de doe ultramoderne Bilauwjukken, dy't ferneamd wiene nei de útfiner fan it systeem, de Dútske loftmachtyngenieur Kurt Bilau (1872-1941). Ynearsten hie mar ien roede Bilauwjukken, mar nei it brekken fan 'e oare roede yn 1937 krigen beide roeden Bilauwjukken.
Yn Nederlân binne der mar twa mûnen mei dat systeem, mar de Noarger mûne is de iennige werfan't alle wjukken dat systeem krigen. De oare mûne mei Bilauwjukken is de De Blazekop, dy't yn it Siuwske Ovezande stiet.
De mûne waard yn 1943 besketten troch Ingelske jachtfleantugen en it skilde net folle dat de mûne ôfbaarde. Yn 'e jierren 1950 wurke de mûne jimmeroan minder en ek in restauraasje oan it begjin fan 'e jierren 1960 koe net tefoarren komme dat de mûne yn ferfal rekke. Yn 1980 sette in lange en grutte restauraasje útein. Ut dy tiid datearret ek de namme fan 'e mûne, dy't earder gjin namme hie. Yn 2001 folge in nije restauraasje en sûnt wurket de mûne wer regelmjittich. Yn 2015 binne der noch reparaasjes oan 'e kape útfierd.
De lêste partikuliere eigner wie Jan Snijder, dy't de mûne yn 1998 oan 'e gemeente Noarch ferkocht. Noarch gyng letter op yn 'e gemeente Noardenfjild, dy't fan 'e mûne ôf woe en dy't yn 2016 mei de mûnen fan Roanerwâlde (Woldzigt) en Peize (Paiser Meul) oan 'e tsjintwurdige eigner, it Drintske Gea, oerdie.[2]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne is in stellingmûne op in houten, achthoekige ûnderbou en mei in achtkante houten boppebou. De kape fan 'e mûne is mei daklear dutsen. Beide roeden hawwe wjukken mei it Bilausysteem. De wjukken hawwe in flecht fan 21,35 meter.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|