Springe nei ynhâld

Margaretatsjerke (Noarch)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Margaretatsjerke (Noarch))
Margaretatsjerke
Lokaasje
provinsje Drinte
gemeente Noardenfjild
adres Brink 2
9331 AB Noarch
koördinaten 53° 3' N 6° 27' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sinte-Margryt
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30783
Webside
Herfoarme gemeente Noarch
Kaart
Margaretatsjerke (Drinte)
Margaretatsjerke

De Margaretatsjerke is in romanogoatyske tsjerke yn it Drintske Noarch yn 'e gemeente Noardenfjild.

Undersyk hat útwiisd dat foar de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke op it plak twa eardere houten tsjerken stien ha. De tsjerke waard healwei de 13e iuw boud en wijd oan de hillige Margareta fan Antiochje. Der waard mei de bou fan 'e sealtektoer úteinset en dêrnei nei it easten ta wurke. Toer en skip waarden yn romaanske styl boud, wylst it koer de romanogoatyske styl fertsjintwurdiget. Boppe de tagong yn 'e toer is it wapen oanbrocht fan Adolf Ripperda, hear fan Peize. Letter waarden it skip fan 'e tsjerke ferhege en gruttere romaanske finsters ynbrocht.

Romaansk doopfont, makke fan Bentheimer sânstien út Bad Bentheim.

Yn 'e 19e iuw krige de tsjerke grutte neogoatyske finsters, mar de restauraasje fan 1968-1971 brocht de sitewaasje werom yn romaanske styl. It romanogoatyske koer hold jimmeroan deselde finsters.

Oan 'e noardlike muorre is te sjen dat der oan 'e tsjerke ea in sakristy stien hat.[1]

Alder as de tsjerke sels binne in wijwetterbak (of doopfont; 12e iuw) en in doopfont (13e iuw). De preekstoel mei foarstellings fan in iepen Bibel en it Leauwen, de Hope en de Leafde, in iken offerblok en de klok binne 17e-iuwsk. De heare- of Tonckensbank stamt út 1724. It ferwulft fan it koer hat beskildere ribben mei yn de slútstien in do as symboal fan de Hillige Geast.[2]

Nei in jefte fan Marchien Martens koe in oargel foar de tsjerke oankocht wurde. Foar it jild koe de opdracht foar de bou fan it ynstrumint jûn wurde oan 'e firma Friedrich Leichel en Zn. út Lochem. Op 4 oktober 1986 waard it oargel yn gebrûk nommen. Op dy dei preke de dûmny út Haggai 2:10, wylst it oargel bespile waard troch de Arumer organist J.F. Bos. It ynstrumint hat 10 registers, ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: