Springe nei ynhâld

Femke Wolthuis

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Femke Wolthuis
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Femke Wolthuis (2019)
Femke Wolthuis (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFemke Wolthuis
nasjonaliteit Nederlânsk
berne24 april 1966
berteplakGrins
wurkpaad
wurksum asNijslêzer
mediumtillefyzje
bekend fanRTL Ontbijtnieuws
jierren aktyf2003 -
offisjele webside
femkewolthuis.nl

Femke Wolthuis (Grins, 24 april 1966) is in Nederlânsk nijslêzer.

Oplieding en wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolthuis studearre teaterwittenskippen yn Utert en Dublin. Dêrnei wurke sy as telefyzjeregisseur, presintator en ferslachjouwer fan ferskate programma's. Sûnt 2003 is se nijslêzer fan it 'RTL Ontbijtnieuws'. Dêrfoar presintearre se ek it nijs en oare programma's by Regio TV Utrecht.

Njonkenaktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolthuis is ek warber as keunstskilder en treedt op mei har kabaretgroep Typisch!. Yn 2008 en 2009 spile en song se yn de famyljemusical De bende van De Korenwolf, nei in boek fan Jacques Vriens en skreau dêr ek de lietteksten foar op muzyk van pianist/komponist Eric Bergsma. Anno 2010 sjongt se mei it ensemble Romanesca sigeunermuzyk, sjansons en jazz.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: