Nikolaastsjerke (Flensburch)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke (Flensburch)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Sleeswyk-Holstein
plak Flensburch
adres Nikolaikirchhof 8
koördinaten 54° 46' N 9° 7.93' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 1390-1480
boustyl Gotyk
Webside
Side Nikolaastsjerke
Kaart
Nikolaastsjerke (Sleeswyk-Holstein)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke (Dútsk: Nicolaikirche, Deensk: Nikolaikirken) is de grutste tsjerke fan 'e Dútske stêd Flensburch. De lutherske tsjerke is oan Nikolaas fan Myra wijd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nikolaastsjerke op in epitaaf út 1591 fan 'e Marijetsjerke.

De bou fan 'e trijeskippige pseudobasilyk sette om 1390 hinne útein. Yn 1440 waard fierder nei it easten boud oer de foargongertsjerke fan foar 1332 hinne. It 52 meter lange en 21 meter brede tsjerkegebou hat in eastlike oriïntaasje.

De toer fan 'e tsjerke is 90 meter heech en heart ta de heechste tsjerketuorren fan Sleeswyk-Holstein. It is de heechste tsjerketoer fan Flensburch. De neogoatyske spits waard troch Johannes Otzen boud nei 't de âlde goatyske spits yn 1878 by swier waar ferneatige waard. Sûnt 1878 hat de tsjerke trije klokken, dy't fan Bochumer Verein getten waarden. Dy ferfongen doe de klokken fan 1871, dy't by de brân troch de ynslach fan 'e bliksem ferlern gyngen. Ek is der yn 'e toer sûnt 1909 in karriljon fan 17 klokken, dat by M & O Ohlsson yn Lübeck getten waard.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It alter is boud yn in oergongsstyl tusken de renêssânse en rokoko. It alterbyld stelt tusken de draaide pylders de opstanning fan Kristus foar. Dêrûnder is in lyts skilderij fan it Lêste Nachtmiel. Mei de bylden njonken de draaide pylders wurde it Leauwe en de Hope útbylde.

Brûnzen doopfont.

Tsjin it ein fan 'e 15e iuw waard it brûnzen doopfont yn Flensburch getten. Sokke doopfonten steane ek yn 'e Flensburger Marijetsjerke, de Nikolaastsjerke fan Eckernförde en de domtsjerke fan Haderslev.

De preekstoel fan Hinrich Matthes út 1570 is tusken de pylderkes fersierd mei reliëfs út it libben en lijen fan Kristus.

It triomfkrús yn 'e koerbôge stamt út de 16e iuw.

Fan 'e epitafen binne it monumint foar Holcken (1656) fan Henning Clausen it neamen wurdich. It is in foarbyld fan it lette maniërisme. It skilderij fan Kristus opstanning is makke troch Hinrich Jansen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel is in in dûbeloargel fan twa stylynstruminten, dat yn 'e jierren 1997 oant 2009 troch Gerald Woehl út Marburg boud waard. Yn 'e histoarysk oargelkas is it Schnitger-oargel, dêrefter it symfoanyske oargel.

Skiednis oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel.

Yn 'e jierren 1604-1609 mocht de hôfoargelbouwer Nicolaas Maas fan 'e Deenske kening Kristiaan IV in nij oargel foar de tsjerke bouwe. Dat oargel waard fan 1707 oant 1709 troch Arp Schnitger ferboud en fergrutte ta in barok oargel.

Nei de toerbrân fan 1877 fergrutte Marcussen & Søn it oargel yn 1878 foar symfoanyske myzyk neffens de doe hearskjende moade fan 'e romantyk.

Yn 1920 fûn in lêste grutte feroaring plak, doe't Wilhelm Sauer it ynstrumint omboude ta in grut pneumatysk oargel, dat net mear by de âlde oargelkas paste. Nei in renovaasje en fierdere útwreiding yn 1938 en 1958 waard it ynstrumint der net better op en yn 'e jierren 1990 die bliken dat in foarse yngreep needsaaklik wie.

Oargelkas[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oargelkas is yn 'e renêssânsestyl en waard yn 'e jierren 1605-1609 troch de houtbewurker Heinrich Ringerink fike. Oant de bou fan de galerij hong it oargel as in swellenêstoargel oan 'e westlike muorre. It haadwurk fan it oargel sit efter it boppeste diel fan 'e oargelkas. Op 'e sintrale toer stiet it byld fan 'e opstiene Hear, wylst de sydtuorren mei bylden fan op bazunen blazende ingels fersierd binne. Fan 'e eartiidske fleugeldoarren fan it haadwurk binne noch trije grutte skilderijen bewarre bleaun. De wurden Ehre sei Gott in der höhe und friede auf erden und den menschen ein wohlgefallen binne ferdield op de ûnderdielen fan 'e oargelkas.

Oan 'e twa dielwurken fan it rêchposityf binne de fan ingels droegen wapenskylden fan Kristiaan IV en syn frou Anna Katharina te sjen. De nissen fan 'e balustrade binne mei reliëfs fan 'e njoggen muzen en de psalmist kening David te sjen.

Yn 'e jierren 1997-2004 waard de oargelkas restaurearre. Dêrby binne de oarspronklike kleuren fan 1609 op 'e nij oanbrocht.

Schnitger-oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e histoaryske oargelkas is it oargel fan Schnitger neffens de disposysje fan 1707-1709 rekonstruearre. It ynstrumint hat in mechanyske spyltraktuer en mechanyske koppels. De spyltafel mei trije manualen en pedaal sit efter de behuzing fan it haadwurk op 'e âlde oargelgalerij fan Ringerink, tusken it rêchposityf en de haadbehuzing.

It symfoanyske oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Efter it Schnitger-oargel stiet it symfoanyske oargel mei syn romantyske klankbyld. It ynstrumint hat in frijsteande spyltafel fan fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren en koppels binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Tsjerkemûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerkemûs.

Bûten oan in reinpiip is sûnt 2011 in lyts byldsje fan in tsjerkemûs oanbrocht. It mûske waard mei de namme Paula doopt en oanbrocht nei't earder syn koperen foargonger stellen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Nikolaikirche (Flensburg)