Sir Julius Vogel Award
Sir Julius Vogel Awards | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | New Zealand Science Fiction Fan Awards | |
nasjonaliteit | Nijseelânsk | |
útrikt foar | SF, fantasy en horror | |
útrikt troch | SFFANZ | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | om Peaske hinne | |
plak | ornaris Wellington of Auckland | |
ynsteld | 1989 | |
1e útrikking | 1989 | |
offisjele webside | ||
sffanz.sf.org.nz/sjv/sjvAwards |
De Sir Julius Vogel Awards binne in groep Nijseelânske literatuerprizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar de bêste prestaasjes op it mêd fan science fiction, fantasy, horror en it fandom fan dy sjenres fan it foargeande jier. De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt dien troch de organisaasje SFFANZ, en fynt plak ûnder de Nijseelânske Nasjonale Science Fiction-Konvinsje. De prizen besteane sûnt 1989 en waarden oant en mei 2001 inkeld útrikt foar amateurskriuwerij en -yllustraasjes, mar fan 2002 ôf ek foar profesjoneel wurk. De prizen binne ferneamd nei sir Julius Vogel, de achtste premier fan Nij-Seelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sir Julius Vogel Awards waarden yn 1989 oprjochte ûnder de namme fan 'e New Zealand Science Fiction Fan Awards. De earste trettjin jier wiene se benammen rjochte op it science fiction-fandom, en waarden der prizen útrikt yn 'e kategoryen bêste fanfiksje, bêste fanzine, bêste yllustraasje makke troch in fan en bêste redakteur fan in fanzine. Yn dy jierren waarden de winners útornearre troch kommisjes dy't gearstald waarden op in ad hoc-basis, sij it mei stipe fan 'e Nijseelânske Nasjonale Feriening foar Science Fiction, dy't fan 1993 ôf offisjeel it tafersjoch oer de útrikking fan 'e prizen hie. Yn 'e iere njoggentiger jierren stiene de prizen koarte tiid bekend as de Edmund Bayne Awards, nei in bekende science fiction-fan út Wellington dy't tragysk omkommen wie by in ferkearsûngemak, mar dy namme waard nea formalisearre.
Yn 2002 waarden de New Zealand Science Fiction Fan Awards reorganisearre en omneamd ta de Sir Julius Vogel Awards, nei sir Julius Vogel, dy't yn 'e 1870-er jierren twaris premier fan Nij-Seelân wie. Yn 1889 skreau dyselde Anno Domini 2000, or: Woman's Destiny, in boek dat rûnom bekendstiet as de earste Nijseelânske science fiction-roman, hoewol't dat net wier is om't Vogel tsjin dy tiid nei Ingelân ta emigrearre wie. Yn dizze roman joech de skriuwer in foarstelling fan Nij-Seelân yn it jier 2000, wêrby't it lân regearre waard troch froulju, wat doedestiden in radikaal en subversyf idee wie. (Nijsgjirrigernôch waarden yn 2000 yn Nij-Seelân de posysjes fan steatshaad, gûverneur-generaal, premier, opperrjochter en minister fan Binnenlânske Saken yndie allegear beklaaid troch froulju.)
Behalven dat de prizen yn 2002 in oare namme krigen, waard it wurkmêd fan dat jier ôf útwreide fan science fiction nei de besibbe sjenres fantasy en horror. Ek waarden doe foar it earst kategoryen foar profesjoneel wurk tafoege, lykas 'bêste roman', 'bêste koarte ferhaal' en 'bêste nije talint'. Fierders waard de kategory 'tsjinsten oan science fiction en fantasy' tafoege, wêrmei't lju ûnderskieden wurde dy't har op oare mêden as literatuer ynset hawwe foar dy sjenres. (De priis yn dy kategory wurdt lykwols net elts jier útrikt.) De tawizing en útrikking fan 'e Sir Julius Vogel Awards is sûnt 2002 yn 'e hannen fan 'e nasjonale Nijseelânske organisaasje SFFANZ, in ôfkoarting foar Science Fiction and Fantasy Association of New Zealand.
Winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de profesjonele skriuwers dy't alris in Sir Julius Vogel Award wûnen, binne Andre Norton en Lyn McConchie foar Beastmaster's Ark (2003), Beastmaster's Circus (2005) en The Duke's Ballad (2006); Juliet Marillier foar Cybele's Secret (2008); en Nalini Singh foar Beat of Temptation (2008) en Stroke of Enticement (2009). Ek regisseur Peter Jackson wûn foar syn ferfilming fan 'e Lord of the Rings-trilogy fan Tolkien ferskate kearen in Sir Julius Vogel Award, yn 'e kategory 'tsjinsten oan science fiction en fantasy'.
- Foar in folsleine list mei winners fan amateurwurk út 'e jierren 1989-2001, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
- Foar in folsleine list mei winners fan amateurwurk út 'e jierren fanôf 2002, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
- Foar in folsleine list mei winners fan profesjoneel wurk út 'e jierren fanôf 2002, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en External links, op dizze side. |