Nalini Singh (skriuwster)

Ut Wikipedy
Nalini Singh (skriuwster)
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nalini Singh
nasjonaliteit Fidzjiaansk
Nijseelânsk
berne 7 septimber 1977
berteplak ? (Fidzjy)
etnisiteit Sikh
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, romantyk
bekendste
  wurk(en)
Psy-Changeling-searje
Guild Hunter-searje
útjouwer Silhouette Books
jierren aktyf 1999 – no
offisjele webside
nalinising.com

Nalini Singh (yn Fidzjy, 7 septimber 1977) is in Fidzjiaansk-Nijseelânsk auteur fan Yndiaask komôf. Hja hat har talein op it skriuwen fan romans, novelles en koarte ferhalen fan it paranormal romance-subsjenre fan 'e fantasy-literatuer. Singh is in tige produktyf skriuwster dy't allinnich al oan romans mear as tritich titels op har namme stean hat.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singh is fan etnysk Sikh-komôf en waard yn 1977 berne yn Fidzjy, mar ferhuze as bern mei har âldelju nei Nij-Seelân, dêr't se fierder opgroeide. Se besocht de middelbere skoalle oan 'e Mount Roskill Grammar School yn Auckland. Neitiid folge se in oplieding ta leararesse Ingelsk, en dy hoedanichheid wie se trije jier wurksum yn Japan. Teffens reizge se wiidweidich troch Aazje. Singh hat ek wurke as abbekate, bibletekaresse, fabrykarbeidster en útstjoerkrêft by in bank.

Yn 1999 behelle se mei in koart ferhaal it trêde plak foar de Clendon Award fan 'e Romance Writers of New Zealand, de Nijseelânske feriening fan romantykskriuwers. Yn 2001 wûn se mei in manuskript dat as wurktitel Coaxing the Sheik hie, de Jane Porter Award en dêropta de Clendon Award yn 'e kategory publykspriis. Dat manuskript waard yn 2003 troch de útjouwerij Silhouette Desire ûnder de titel Desert Warrior as earste roman fan Singh publisearre.

Sûnt hat Singh mear as tritich romans skreaun, mei dêropta in grut tal koarte ferhalen en novelles. Har wurk heart foar it meastepart ta it sjenre fan 'e paranormal romance, dêr't fantasy en romantyk yn kombinearre wurde. Mei har boeken helle Singh ferskate kearen de bestsellerlisten fan 'e kranten de New York Times en USA Today en fan it faktydskrift Publishers Weekly. Sawol yn 2008 as yn 2009 wûn Singh de Nijseelânske Sir Julius Vogel Award foar bêste novelle.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Psy-Changeling-searje
  • romans
    • 2006 – Slave To Sensation
    • 2007 – Visions of Heat
    • 2007 – Caressed by Ice
    • 2008 – Mine to Possess
    • 2008 – Hostage to Pleasure
    • 2009 – Branded by Fire
    • 2009 – Blaze of Memory
    • 2010 – Bonds of Justice
    • 2010 – Play of Passion
    • 2011 – Kiss of Snow
    • 2012 – Tangle of Need
    • 2013 – Heart of Obsidian
    • 2014 – Shield of Winter
    • 2015 – Shards of Hope
    • 2016 – Allegiance of Honor
    • Psy Changeling Trinity-rige
      • 2017 – Silver Silence
      • 2018 – Ocean Light
      • 2019 – Wolf Rain
      • 2020 – Alpha Night
      • 2021 – Last Guard
      • 2022 – Storm Echo
      • 2023 – Resonance Surge
  • koarte ferhalen en novelles
    • Beat of Temptation (yn 'e blomlêzing An Enchanted Season en de ferhalebondel Wild Invitation)
    • The Cannibal Princess (fergees koart ferhaal)
    • Clean and Dirty (fergees koart ferhaal)
    • A Conversation (fergees koart ferhaal)
    • Christmas in the Kitchen (fergees koart ferhaal)
    • Dancing with Cooper (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Declaration of Courtship (yn 'e ferhalebondel Wild Invitation)
    • Dorian (yn 'e ferhalebondel Wild Embrace)
    • Echo of Silence (yn 'e ferhalebondel Wild Embrace)
    • Flirtation of Fate (yn 'e ferhalebondel Wild Embrace)
    • A Gift for Kit (fergees koart ferhaal)
    • Grocery Shopping (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Hide and Seek (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Home (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Making Dinner (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Miss Leozandra’s (weilitten sêne)
    • Movie Night (fergees koart ferhaal)
    • Naya’s Most Important Visitors (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • New Year’s Kisses (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Pancakes (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • The Party (weilitten sêne út Branded by Fire)
    • Partners of Persuasion (yn 'e ferhalebondel Wild Embrace)
    • Poker Night (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • The Shower (weilitten sêne)
    • Secrets at Midnight (yn 'e blomlêzing [[Night Shift (ferhalebondel út 2014)|Night Shift]])
    • Stalking Hawke (fergees koart ferhaal)
    • Stroke of Enticement (yn 'e blomlêzing The Magical Christmas Cat en de ferhalebondel Wild Invitation)
    • Sunday Morning (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Texture of Intimacy (yn 'e ferhalebondel Wild Invitation)
    • Whisper of Sin (yn 'e blomlêzing Burning Up)
    • Wild Night (koart ferhaal yn nijsbrief)
    • Wolf School (weilitten sêne út Play of Passion)
  • ferhalebondels
    • 2013 – Wild Invitation (ynkl. Beat of Temptation, Stroke of Enticement, Declaration of Courtship en Texture of Intimacy)
    • 2016 – Wild Embrace (ynkl. Echo of Silence, Dorian, Partners in Persuasion en Flirtation of Fate)
Guild Hunter-searje
  • romans
    • 2009 – Angels' Blood
    • 2010 – Archangel's Kiss
    • 2011 – Archangel's Consort
    • 2011 – Archangel's Blade
    • 2012 – Archangel's Storm
    • 2013 – Archangel's Legion
    • 2014 – Archangel's Shadows
    • 2015 – Archangel's Enigma
    • 2016 – Archangel's Heart
    • 2017 – Archangel's Viper
    • 2018 – Archangel's Prophecy
    • 2019 – Archangel's War
    • 2020 – Archangel's Sun
    • 2021 – Archangel's Light
    • 2022 – Archangel's Resurrection
    • 2024 – Archangel's Lineage
  • novellen
    • 2009 – Angel's Judgment (yn 'e blomlêzing Must Love Hellhounds en de ferhalebondel Angels' Flight)
    • 2011 – Angel's Wolf (yn 'e blomlêzing Angels of Darkness en de ferhalebondel Angels' Flight)
    • 2012 – Angel's Pawn (publisearre as e-boek en yn 'e ferhalebondel Angels' Flight)
    • 2012 – Angel's Dance (publisearre as e-boek en yn 'e ferhalebondel Angels' Flight)
  • ferhalebondels
    • 2012 – Angels' Flight (ynkl. Angel's Judgment, Angel's Wolf, Angel's Pawn en Angel's Dance)
Rock Kiss-searje
  • romans
    • 2014 – Rock Addiction
    • 2015 – Rock Hard
    • 2015 – Rock Redemption
    • 2016 – Rock Wedding
  • novelles
    • 2015 – Rock Courtship
Hard Play-searje
    • 2017 – Cherish Hard
    • 2018 – Rebel Hard
    • 2020 – Love Hard
    • 2022 – Kiss Hard
bydragen oan romansearjes fan oare of ferskate auteurs
  • Dynasties of the Ashtons-searje
    • 2005 – Awaken the Senses
  • Murphy Witch Sisters-searje
    • 2007 – An Enchanted Season (mei oaren)
    • 2008 – the Magical Christmas Cat (mei oaren)
  • Royal House of Shadows-searje
    • 2011 – Lord of the Abyss
    • 2016 – Royal House of Shadows No. 10
    • 2016 – Royal House of Shadows No. 11
    • 2016 – Royal House of Shadows No. 12
oare wurken
  • 2003 – Desert Warrior
  • 2004 – Awaken to Pleasure
  • 2005 – Awaken the Senses
  • 2005 – Craving Beauty
  • 2006 – Secrets in the Marriage Bed (ek bekend as Marriage Bed Secrets)
  • 2007 – Bound by Marriage (ek bekend as To Have and to Hold)
  • 2019 – A Madness of Sunshine
  • 2021 – Quiet in Her Bones
  • 2023 – There Should Have Been Eight

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1999 Clendon Award nominearre bêste ferhaal ?
2001 Jane Porter Award wûn bêste roman Desert Warrior
Clendon Award wûn publykspriis foar bêste roman Desert Warrior
2008 Sir Julius Vogel Award wûn bêste novelle Beat of Temptation
2009 Sir Julius Vogel Award wûn bêste novelle Stroke of Enticement

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.