Springe nei ynhâld

National Park Service

Ut Wikipedy
National Park Service
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút National Park Service
("Tsjinst foar de Nasjonale Parken")
ôfkoarting NPS
lân Feriene Steaten
oprjochte 1916
falt ûnder Min. fan Binnenlânske Saken
doel behear nasjonale parken en
   oare natoergebieten en
    monuminten
sifers
wurknimmers 27.000 (2017)
jierliks budget $2,9 miljard (2009)
oar
webside www.nps.gov

De National Park Service (Ingelsk foar "Tsjinst foar de Nasjonale Parken"), ôfkoarte ta NPS, is in ynstânsje fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten dy't ferantwurdlik is foar it behear fan en tafersjoch op alle Amerikaanske nasjonale parken, in protte nasjonale monuminten en in grut tal oare natoergebieten en oare plakken mei in beskerme status. Yn totaal giet it dêrby om 417 gebieten, wêrfan't 59 de satus fan nasjonaal park hawwe. De National Park Service waard yn 1916 oprjochte troch it Amerikaanske Kongres en ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. De organisaasje moat sawol de ekologyske en histoaryske yntegriteit beskermje fan 'e plakken dy't ûnder syn behear falle, as derfoar soargje dat dy plakken beskikber binne foar rekreaasje.

De nasjonale parken en nasjonale monuminten yn 'e Feriene Steaten waarden oarspronklik yndividueel bestjoerd troch it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. It gearfandeljen fan it behear fan en tafersjoch oer sokke natoergebieten en plakken fan histoarysk belang kaam út 'e koker fan sakemagnaat en natoerbeskermer Stephen Mather, dy't yn syn stribjen bystien waard troch in oare natoerbeskermer, J. Horace McFarland.

Stephen Mather (m.), de earste direkteur fan 'e National Park Service, en syn stêf yn 1927 of 1928.

Mather fierde in publisiteitskampanje foar it Ministearje fan Binnenlânske Saken, wêrfoar't hy en mei de help fan sjoernalist Robert Sterling Yard in rige artikels skreau. Yn dy stikken priizgen se de lânskipsskientme en de edukative, ynspiraasje jaande en rekreätive wearde fan 'e parken. De kampanje late úteinlik ta de oprjochting, troch in wet fan it Amerikaanske Kongres, fan 'e National Park Service. Dy oprjochting waard op 25 augustus 1916 in feit mei de ûndertekening fan 'e wet troch presidint Woodrow Wilson. Neitiid waard Mather de earste direkteur fan 'e National Park Service.

De Amerikaanske presidint Herbert Hoover ûndertekene op 3 maart 1933 de Wet op 'e Reorganisaasje. Dy joech him it foech om 'e Amerikaanske oerheid nei beleavjen te reorganisearjen. It wie lykwols de nije presidint, Franklin D. Roosevelt, dy't letter dat jiers foar it earst gebrûk makke fan dat foech. Horace M. Albright, in pleatsferfangend direkteur fan 'e National Park Service, hie suggerearre dat de histoaryske monuminten út 'e Amerikaanske Boargeroarloch (benammen slachfjilden) better fan it Ministearje fan Oarloch oerhevele wurde koene nei de National Park Service, en Roosevelt wie it dêrmei iens. Mei twa presidinsjele dekreten ferwêzentlike er dat plan en brocht er boppedat ek nasjonale monuminten by de National Park Service ûnder dy't earder op 'e noed fan it Ministearje fan Lânbou west hiene, en teffens de parken yn en om Washington, D.C. hinne, dy't foartiid troch in selsstannige ynstânsje beävensearre waarden.

In Amerikaanske bizon by in geiser yn it Nasjonaal Park Yellowstone, yn Wyoming.

Trochdat de fraach nei rekreätive mooglikheden nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch bot tanaam, koene de nasjonale parken de hommelse groei fan it tal besikers net oan. Conrad L. Wirth, dy't yn 1951 direkteur fan 'e National Park Service waard, sette dêrom yn 1952 útein mei in ambisjeus, tsienjierrich plan, Mission 66, om 'e fasiliteiten fan 'e nasjonale parken te modernisearjen en it oerflak fan 'e parken út te wreidzjen. Hy hie dêrfoar de folsleine stipe fan presidint Dwight Eisenhower, dy't der boppedat foar soarge dat yn dy snuorje ferskate nije nasjonale parken ûntstiene. Yn 1966, doe't de National Park Service fyftich jier bestie, begûn men de klam te ferskowen fan it behâld fan lânskipsskientme nei it tagonklik meitsjen fan dy lânskipsskientme foar it publyk. De doetiidske direkteur fan 'e tsjinst, George B. Hartzog jr., foege boppedat de earste nasjonale marsiggen en nasjonale rekreaasjegebieten ta.

It haadkertier fan 'e National Park Service is fêstige yn it Main Interior Building yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., op it adres 1849 C Street NW. De tsjinst hat regionale kantoaren yn Anchorage (Alaska), Atlanta (Georgia), Denver (Colorado), Omaha (Nebraska), Philadelphia (Pennsylvania), San Francisco (Kalifornje) en Seattle (Washington). Organisatoarysk falt de National Park Service ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. Anno 2017 hie de National Park Service likernôch 27.000 wurknimmers. It budget fan 'e tsjinst bedroech yn 2009 $2.924.000.000.

In patrûljeboat fan de National Park Service yn it Nasjonaal Park Isle Royale, yn Michigan.

De direkteur fan 'e National Park Service wurdt foardroegen troch de presidint fan 'e Feriene Steaten en yn syn amt befêstige troch de Amerikaanske Senaat. Yn syn wurk wurdt de direkteur ûnderstipe troch seis pleatsferfangende direkteuren, dy't mei-inoar de Nasjonale Liederskipsried (NLC) foarmje. Ut it haadkertier yn Washington, D.C. wei jout de NLC lieding oan 'e nasjonale programma's, it belied, en it budget fan 'e National Park Service. De tsjinst is opboud út alve direktoraten: Arbeidsmanagement; Beskerming fan Besikers en Helpboarnen; Boekhâlding; Ynformaasje; Kulturele Helpboarnen; Natoerbehear en Wittenskip; Parkplanning, -fasiliteiten en -lân; Partnerskippen en Besikersûnderfining; Saaklike Tsjinsten; Stêf; en de United States Park Police.

Under it direktoraat Beskerming fan Besikers en Helpboarnen (Visitor and Resource Protection) falle de Law Enforcement Rangers en de spesjale aginten fan 'e National Park Service. Law Enforcement Rangers wurde û.m. ynset om streuperij en oar misbrûk fan it National Park System tsjin te gean. Se hawwe frijwol alle foech dat 'gewoane' plysjes ek hawwe. Spesjale aginten kinne ferlike wurde mei resjersjeurs by de 'gewoane' plysje; sokken wurde ynset om ûndersyk te dwaan nei misdriuwen yn nasjonale parken en oare gebieten dy't by de National Park Service op 'e noed binne. De United States Park Police hanthavenet wet en oarder yn 'e 'ienheden' fan it National Park System dy't binnen de beboude kom fan grutte stêden as Washington D.C., New York en San Francisco lizze, lykas de National Mall yn Washington, D.C.

Winter yn it Nasjonaal Militêr Park Gettysburg, yn Pennsylvania.
De berch de Denali dominearret it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali, yn Alaska.

Gebieten ûnder behear fan 'e NPS

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gebieten dy't ûnder behear steane fan 'e National Park Service (NPS) foarmje mei-inoar it National Park System (ek NPS). Dat 'systeem' beslacht in oerflak oan lân dat 338.000 km² beslacht, hoewol't 17.000 km² dêrfan gjin oerheidseigendom, mar priveebesit is. Yn totaal giet it dêrby om 417 'ienheden' (yn it jargon fan 'e NPS), wêrfan't 59 de status fan nasjonaal park (national park) hawwe (mei in mienskiplik oerflak fan 210.821 km²).

Oare 'ienheden' hawwe de status fan:

en beskate spesifike oantsjuttings (wêrûnder it Wite Hûs, de National Mall, ensfh.).

De grutste 'ienheid' fan it National Park System is it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Wrangell-St. Elias, yn Alaska, dat in oerflak hat fan 53.000 km² en dêrmei 16% fan it hiele systeem útmakket. It lytste is it Nasjonaal Tinkteken foar Thaddeus Kosciuszko, yn Pennsylvania (wijd oan generaal Tadeusz Kościuszko, in held út 'e Unôfhinklikheidsoarloch), dat mar 80  mjit. De bekendste gebieten dy't de National Park Service op 'e noed hat, binne it Wite Hûs, it Nasjonaal Park Yellowstone, it Nasjonaal Park De Grand Canyon en it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali. It meast besochte is de Blue Ridge Parkway, mei mear as 15 miljoen besikers yn 2015.

Behalven foar it National Park System biedt de National Park Service ek technyske en finansjele assistinsje oan saneamde 'affiliëarre gebieten' dy't as sadanich autorisearre binne troch it Amerikaanske Kongres. Dêrby giet it foar it meastepart om natoergebieten en monuminten dy't op 'e noed binne fan 'e ôfsûnderlike Amerikaanske steaten. It grutste affiliëarre gebiet is it Nasjonaal Natoerreservaat De New Jersey Pinelands, mei in oerflak fan 4.711 km², en it lytste is it Nasjonaal Tinkteken foar Benjamin Franklin (wijd oan founding father Benjamin Franklin), mei in oerflak fan minder as 40 m².

It tolhûs yn it Maritym Nasjonaalhistoarysk Plak Salem yn Salem (Massachusetts).

Saneamde wyldernisgebieten (wilderness areas) foarmje in aparte kategory en binne ûnderbrocht yn it yn 1964 oprjochte National Wilderness Preservation System, dat in oerflak fan 36.000 km² beslacht. Dêrby giet it om gebieten dy't hielendal noch ûnoantaaste binne troch de minske. Wyldernisgebieten besteane net selsstannich, mar meitsje diel út fan oare beskerme gebieten, lykas nasjonale parken. De measte nasjonale parken besteane nammentlik út sônes dêr't besikers frij rekreëarje kinne, en út gebieten dêr't ûnbefoegden net komme meie, de saneamde wyldernisgebieten, dêr't de natoer sûnder steurd te wurden syn gong gean moatte kin. Beskerme seegebieten (marine protected areas), dy't foar it earst yn 2000 kreëarre waarden, ferfolje deselde funksje as wyldernisgebieten, mar dan yn nasjonale parken yn see.

Der binne ek natoergebieten yn 'e Feriene Steaten dy't net ûnder de National Park Service falle. Sa binne de nasjonale wâlden, nasjonale gerslannen en in protte nasjonale rekreaasjegebieten op 'e noed fan 'e United States Forest Service, dy't ûnder it Ministearje fan Lânbou resortearret, wylst nasjonale faunareservaten en seis nasjonale monuminten beheard wurde troch de United States Fish and Wildlife Service fan it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan 'e National Park Service

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en References, op dizze side.