Springe nei ynhâld

Ministearje fan Bûtenlânske Saken (Nederlân)

Ut Wikipedy
Ministearje fan Bûtenlânske Saken
BZ
Ministearje fan Bûtenlânske Saken (Nederlân)
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
It gebou fan it ministearje yn De Haach.
algemien
lân flagge fan Nederlân Nederlân
adres Rijnstraat 8
De Haach
skiednis
oprjochting 12 maart 1798
funksjehâlders
minister Caspar Veldkamp
Reinette Klever (BHU)
sekretaris-generaal Paul Huijts
offisjele webside
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-buitenlandse-zaken

It Nederlânske ministearje fan Bûtenlânske Saken, ôfkoarte ta BZ (Buitenlandse Zaken), is it ministearje dat him dwaande hâldt mei de bûtenlânske relaasjes fan it Keninkryk fan de Nederlannen, ynklusyf Jeropeeske Saken en Untwikkelingsgearwurking. Ek stipet it ministearje Nederlanners en Nederlânske bedriuwen om utens.

Politike lieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it kabinet-Rutte III wiene de ministers fan Bûtenlânske Saken Halbe Zijlstra (VVD), Stef Blok (VVD) en Ben Knapen (CDA). De minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (BHU) wurket ek út it ministearje fan Bûtenlânske Saken wei; wiene Sigrid Kaag (D66) en Tom de Bruijn (D66).

Yn it kabinet-Rutte IV wie de minister fan Bûtenlânske Saken Hanke Bruins Slot fan it CDA (wie Wopke Hoekstra, CDA). De minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingsgearwurking (BHU) wie Liesje Schreinemacher fan 'e VVD.

Yn it kabinet-Schoof is Caspar Veldkamp (NSC) de minister van Bûtenlânske Saken. Reinette Klever (PVV) is beneamd ta minister foar Bûtenlânske Hannel en Untwikkelingshelp. Beiden binne op 2 juli 2024 oansteld.

  • De relaasjes fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen mei it bûtenlân behertigje. It ministearje ûnderstipet bedriuwen dy't saken yn it bûtenlân dwaan wolle en nimt út namme fan Nederlân diel oan Jeropeeske besluten yn Brussel.
  • Konsulêre tsjinstferliening oan Nederlanners yn it bûtenlân, lykas reisadvizen, help by it ferlies of stellen fan reisdokuminten en soarch foar detinearren yn it bûtenlân.
  • Befoarderjen fa duorsume ekonomyske groei fan ûntwikkelingslannen en fia ûntwikkelingsgearwurkjen wrâldwiid wurkje oan tema's feiligens en rjochtsoarder, wetter, fiedselwissigens en seksuele en reproduktive sûnens en rjochten (SRGR).
  • Ut namme fan Nederlân de ynternasjonale rjochtsoarder befoarderje, bygelyks troch it ûnderstipen fan it Ynternasjonaal Strafhôf en troch oparbeidzjen mei it ministearje fan Definsje fredesmisjes ta te rieden.

Der binne fjouwer direktoraten-generaal:

  • Politike Saken: algemiene bûtenlânpolityk, ynklusyf it oanstjoeren fan de Nederlânske ambassaden yn it bûtenlân
  • Jeropeesk Gearwurkjen: Nederlânske posysje yn de Jeropeeske Uny
  • Bûtenlânske Ekonomyske Relaasjes
  • Ynternasjonaal Gearwurkjen

By it ministearje fan Bûtenlânske saken yn De Haach wurkje likernôch 6200 minsken. Likernôch 3000 minsken wurkje op de likernôch 140 ambassaden en fertsjintwurdigings fan Nederlân yn it bûtenlân, dêr't der 700 útstjoerde BZ-amtners en 2300 pleastlike meiwurkers fan binne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Flagge fan Nederlân Nederlânske ministearjes

Algemiene Saken (AZ) · Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) · Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) · Bûtenlânske Saken (BZ) · Definsje (Def) · Ekonomyske Saken (EZ) · Finânsjes (Fin) · Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) · Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) · Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) · Justysje en Feiligens (J&V) · Klimaat en Griene Groei (KGG) Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) · Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) · Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW)

· · Berjocht bewurkje