Meidogger oerlis:Wikiice/Argyf

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.




Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.321 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Fuotbalferienings[boarne bewurkje]

Hallo Wikiice, Is it wier in goed idee om dy fuotbalferienings te oarderjen nei plaknamme, yn de Kategory:Fryske_fuotbalklub? Dan wurdt it:

It kin fansels al, mar dan soe der al wat by moatte dat de lju witte wêrom de ferienings net op alfabet steane. Oars wie it faaks better en oarderje op de namme sûnder "Fuotbalferiening", "Sportferiening" of wat foar in "feriening" mar yn de nimme stiet. Mysha

Bêste Mysha,

Dêr hast gelyk oan, Mar ik set se earst mar ris op plaknamme. En dan set ik der in utlis by! --Wikiice 13 apr 2010, 12.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Kategorisaasje[boarne bewurkje]

Kompliminten foar jo oanhâldende en konsekwinte oarderjen fan de Kategoryen. It is net it meast tankbere en kreative wurk, mar wol needsaaklik. Groetnis, --Swarte Kees 14 apr 2010, 14.44 (CEST)[beäntwurdzje]

De kategoryen wie san grutte binde dat ik der mar oan begongen bin. En fan de iene kategory fal ik yn de oare. bin op it stuit dwaande mei de wetters yn de gemeenten. --Wikiice 14 apr 2010, 17.06 (CEST)[beäntwurdzje]
Moai dat jo dêr wat oan dogge. Tinke jo der al om ek Wikipedy:Kategoryen by te wurkjen, oars bliuwt it net lang op oarder. Aliter 20 apr 2010, 23.58 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeie Aliter, Ik wol Wikipedy:Kategoryen ek wol by wurkje mar dan moat ik al witte wat ik dwaan moat. Oars meitje ik der sels wer in binde fan. --Wikiice 21 apr 2010, 07.51 (CEST)[beäntwurdzje]
Jo soenen der in útlis byskriuwe oan hokfoar easken jo nij struktuer foldocht, en foar hokfoar mêd at dat dan jildt. Aliter 24 apr 2010, 01.19 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeie Wikiice. Ik bin J'88, út en troch warber op de Wikipedy. Ik kin samar hiele dagen dwaande wêze, mar ek moannen net. Litte we sizze dat ik dan in 'sabbatical' ha, lyk as de ôfrûne moannen. Stadich oan komt de nocht om oan Wikipedy te wurkjen al wat werom.
Hawar, ik hie al lêzen dat jo dwaande west wienen mei de kategoryen. Ik haw der ea ek alris nei sjoen. Ik bin doedestiids dwaande west mei persoanen en harren nasjonaliteit en wurk. Ek dat part fan ús kategoryen-netwurk is in binde te nimmen. At jo noch werris nocht ha om mei de kategoryen oan it wurk te gean dan koenen jo dêr ek wolris nei sjen. At ik der werris nocht oan ha dan sil ik dat stik ek wis oanpakke. Lykas wat Swarte Kees al seit, it is net it meat tankbere wurk, mar wol needsaaklik. J'88 14 sep 2010, 11.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Om't it dreech wurk is dwaande te wêzen mei de kategoyen bin ik no dwaande gongen mei de Paralympyske Spullen en dernei gean ik dwaande mei de Olympyske Spullen. En tuskentroch gean ik troch mei de Kategoryen. Wikiice 14 sep 2010, 11.58 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik hie it al sjoen. Moai projekt. Súkses dêrmei!J'88 14 sep 2010, 12.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Hallo, Jo binne wol tige fluch mei dy wizigings: Soms wol fjouwer yn in minút. Ik soe hast tinke dat der in bot oan 'e gong wie. At dat sa is, dan wie it faaks better at jo der wier in bot foar brûkten, mei rjochten, dat wy de rest fan Koartlyn feroare ek noch lêze koenen. Mysha

Nee der is wier net in bot oan de gong. Mar it wie hielt deselde bewurking... dan kinne je nei in oantal kear wol rap... --Wikiice 21 apr 2010, 17.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Nije flaggberjochten[boarne bewurkje]

Sport op- en oanmerkingen Kategory:Berjochten Flagge mei YOK-Koade Dwaande

No, dat is moai. Mar noch moaier wie as út de namme fan de berjochten bliken die wat it wienen. Perslot binne der in protte doelen foar ôfkoartings fan trije letters, wêrûnder berjochten foar flaggen, dy't ek foar de dúdlikens nammen as "flagge_CA" hawwe. Aliter 15 sep 2010, 23.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Om te soargjen dat it doel fan de ôfkoarting dúdelik is steane se allegear yn de Kategory: Kategory:Berjochten Flagge mei YOK-Koade yn de Kategory:Flagge, Yn dy lêste kategory komme ek de flaggge berjochten te stean dy't ik fierders noch tsjin kom. Ik bin ek atlyd noch dwaande mei de Kategoarysaasje. Wikiice 16 sep 2010, 07.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht:Ynfoboks sportevenemint[boarne bewurkje]

Goei Jûn Wikiice, ik haw it idee dat wy al in hiel ein op streek binne om it berjocht goed te krijen. Mar der sit noch wat yn oer in portaal dy't wy net hawwe. Sil ik dat stikje oer it portaal der mar úthelje, wat tinkst? --Geoffrey 4 okt 2010, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie Jûn ja dat berjocht funksjonearet al aardich. Dat eintsje mei der wol út tink net dat hjir ea sa'n portaal komme sil. Der sit ek noch in flaterke by it ûnderdiel "Dielnimmende Lannen". fjierder bin ik hjir wakker wiis mei tige tank, It berjocht is al op in oantal siden yn gebrûk. Wikiice 4 okt 2010, 21.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Better as dit krij it op stuit net. Der sit in ferwizing nei Sport yn dy't ik net fine kine dat ik lit earst sa mar. --Geoffrey 4 okt 2010, 21.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Sa is it al in stik better, Dat ferhaal oer dat portaal is sa net mear steurend. Wikiice 5 okt 2010, 07.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Nije haadside[boarne bewurkje]

Goeie,

Ik ha in konsept makke foar de nije haadside. Sjoch hjir mar. Miskien fynsto myn konsept prachtich moai, miskien hasto in folslein oare miening. Graach de oerlisside (kopke 'Nije haadside') brûke foar diskusjes, fragen en opmerkingen. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 9 okt 2010, 20.51 (CEST)[beäntwurdzje]

Paralympyske Spullen[boarne bewurkje]

Goeie Wikiice. Myn kompliminten foar jo wurk op it mêd fan de Paralympyske Spullen. Fantastysk! J'88 14 okt 2010, 12.14 (CEST)[beäntwurdzje]

Tige Tank foar jo kompimint, Sadra ik klear bin mei de paralympyske Spullen bin ik fan doel om fierder te gean mei de Olympyske Spullen. Wikiice 14 okt 2010, 12.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht Flagge[boarne bewurkje]

Dei Wikiice, hjir stiet wat oer it Flaggeberjocht. No giet uit meitsjen fan berjochten by de Paralympyske Spullen jo linich ôf. Soene jo witte hoe't wy mei dit "flaggeprotokol" oan moatte? Faaks soene jo je gedachten der ris oer gean litte kinne? Groetnis, --Swarte Kees 21 okt 2010, 10.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Blinder/blunder[boarne bewurkje]

No siet ik samar jo side oan te passen. Dat muoit my mar it wie net de bedoeling. Elk is fansels baas op eigen hiem. Groetnis, --Swarte Kees 1 nov 2010, 19.15 (CET)[beäntwurdzje]

Dat fyn ik yn dit gefal net sa slim as it om staveringsflaters giet. Ik bin dwaande in projekt op te setten foar de Olympyske Spullen. Wikiice 1 nov 2010, 19.18 (CET)[beäntwurdzje]

Meidwaan[boarne bewurkje]

Goeie Wikiice. Ik tink dat ik oer in pear wike ek wol in bydrage dwaan wol. Bin op it stuit dwaande mei in stik oer de Spaanske Gryp, dêrnei sil ik tiid meitsje foar it útwreidzjen fan it artikel oer de Olympyske Spullen sels. Ik fiel mear foar it my dwaande hâlden mei de 'kwalitative' ynformaasje fan de Olympyske Spullen dan mei de 'kwantitative' saken.
Tink dat wy der al mei al in moaie side fan meitsje kinne, ek foar de 'side fan de wike'. Yn de takomst kinne we wolris sjen at der ek in temaside komme kin oer de Olympyske Spullen. J'88 1 nov 2010, 21.35 (CET)[beäntwurdzje]

Kookeilannen[boarne bewurkje]

Goeie Wikiice. Neffens my moat de stavering fan de Kookeilannen 'Cookeilannen' wêze. De eilannen binne ommers ferneamd nei James Cook. Ik seach dat jo dizze wize fan skriuwen op de side fan de Olympyske Spullen brûkten, lyk as by de berjochten foar de flaggen. Ek de Bosatlas fan Fryslân seit Cookeilannen. Groetnis. J'88 2 nov 2010, 19.42 (CET)[beäntwurdzje]

Dan moat dat daliks feroare wurde. sil it fuort dwaan. Wikiice 2 nov 2010, 20.57 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie Wikiice. Fan guon lannen hie ik oare flaggen by de dielnimmende lannen setten. It giet dan om de flaggen fan de lannen dy´t doedestiids yn gebrûk wienen. De boarne hjirfoar wie de Ingelske wikipedy. J'88 4 nov 2010, 20.53 (CET)[beäntwurdzje]

Goeiejûn dêroer hie ik krekt in stikje op jo oerlis skreaun, it kin wêze dat jo de berjochten mei hystoaryske flaggen oer de holle sjoan ha. groetnis Wikiice 4 nov 2010, 20.58 (CET)[beäntwurdzje]
Goeiejûn. Dat fan de flaggen fan histoarysk lannen wie mei net bekend nee. Ik sil der om tinke. Ek jo oare tips sil ek meinimme. Tank dêrfoar. Oer de ynformaasje op de side kin ik sizze dat ik op it stuit benammen ynformaasje oernim fan oare Wikipedy's. Moarn sil ik sjen as ik in stikje skriuwe kin oer de spullen sels. Groetnis. J'88 4 nov 2010, 21.19 (CET)[beäntwurdzje]
Sorry foar de oanpassing, mar noch efkes in fraach oer de flaggen. Moatte we de flaggen brûke sa't dy der no binne, of brûke we de histoaryske flaggen fan lannen út it jier fan Olympyske Spullen (bygelyks, yn 19128 hienen Itaalje, Grikelân en Egypte in oare flagge as hjoed de dei). J'88 4 nov 2010, 21.22 (CET)[beäntwurdzje]
Goeiejûn J'88, It is al myn bedoeling safolle mooglik de flaggen fan doetiids te brûken. As der noch in flagge ûntbrekt yn de listen mei flagge berjochten dan moat dy noch oanmakke wurde as it nêdich is. Groetnis Wikiice 4 nov 2010, 22.09 (CET)[beäntwurdzje]

Berjocht follybal op de Olympyske Simmerspullen[boarne bewurkje]

Goeiedei! Is it miskien handich dat strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen ek oanjûn wurdt yn it berjocht? MeinRei 25 nov 2010, 13.57 (CET)[beäntwurdzje]

Middei Meinrei, It liket my better ta om strânfollybal in eigen berjocht te jaan. Om't it him hielt mear as in apparte sport ûntwikkelet. Groetnis Wikiice 25 nov 2010, 14.09 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is goed! Dan soargje ik dêr wol foar! MeinRei 25 nov 2010, 14.15 (CET)[beäntwurdzje]

Aliter 7 des 2010, 23.52 (CET)[beäntwurdzje]

Tige tank, foar dizze trochferwizings, ik sjoch no dat ik, de wurden hja en jo yn de rin fan de jieren trochinoar bin gean heljen. Groetnis Wikiice 8 des 2010, 08.20 (CET)[beäntwurdzje]

Foar kundskip[boarne bewurkje]

Sjoch Wikipedy:Oerlisside#Nije_ynfoboks_foar_sportleafhawwers. Gr. --Kening Aldgilles 20 des 2010, 20.32 (CET)[beäntwurdzje]

Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen[boarne bewurkje]

Goeiemoarn Wikiice, ik seach niis dat jo strânfollybal ek by de sporten fan eltse Spullen set hawwe. It strânfollybal is in ûnderdiel fan it follybal. Dus strânfollybal hoecht gjin aparte ferwizing, want dy falt ûnder follybal. Follybal falt dan wer útien yn sealfollybal en strânfollybal. Sjoch hjirre. MeinRei 30 des 2010, 11.41 (CET)[beäntwurdzje]

Goeiemoarn Meinrei, dat fûn ik earst ek dat it in ûnderdiel wie, mar bin tot de konkluzje kommen dat it dochs in aparte sport is, fandêr dat ik it no as aparte sport taheake ha.! groetnis Wikiice 30 des 2010, 11.51 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dat snap ik. Mar sa is û.o. Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996 net opset. Dêr is fan útgien dat strânfollybal en sealfollybal twa ûnderdielen binne yn it follybal op dy Spullen. Dus dat soe ek op Olympyske Simmerspullen 1996 sa wêze moatte. Groetnis MeinRei 30 des 2010, 12.15 (CET)[beäntwurdzje]
Neffens my is dat noch frij makkelik oan te passen troch ien side te werneamen en ien side te feroarjen Gr Wikiice 30 des 2010, 21.39 (CET) ...[beäntwurdzje]
Ik snapte wol dat jo strânfollybal as in aparte sport sjogge, mar ik fyn dochs dat it in ûnderdiel fan it follybal yn it gehiel is. Sjoch mar op de Ingelske wikipedy en op de Nederlânske wikipedy. It wurdt noch hieltyd beskôge as in ûnderdiel fan it follybal yn it gehiel, dat falt dan wer útien yn sealfollybal en strânfollybal. At wy it as ûnderdiel beskôgje, dan kin op de siden fan de Olympyske Simmerspullen strânfollybal fuort helle wurde en follybal gewoan stean bliuwe. Dat dan wer útien falt yn de twa ûnderdielen. In goed útein! Groetnis MeinRei 31 des 2010, 17.32 (CET)[beäntwurdzje]

Goeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.57 (CET)[beäntwurdzje]

Probleemke mei flaggeberjochten[boarne bewurkje]

Goeie Wikiice. Ik bin hjoed dwaande west mei wat flaggen op de side Eurosône te setten oan de hân fan berjochten ({{Flagge FY}}). No binne alle berjochten yn kategoryen pleatst (fansels). By de berjochten stiet de kategory tusken . By guon berjochten hawwe dizze koades twa enters krigen. Dit jout problemen mei de tekst dy't efter it berjocht oankomt. Gjin enters, mar fuort efter it berjocht oan soarget foar de oplosking. No hoege jo hjir earst neat mei, mar jo brûke noch wolris de berjochten, dat ik tocht, lit jo efkes witte hoe't jo it oplosse moatte at jo tsjin problemen oanrinne. No sa, freonlike groetnis, J'88 6 jan 2011, 16.45 (CET).[beäntwurdzje]

Ik sil der ris nei sjen ik ha wol in idee wat it probleem wêze kin. Mar dan moat ik al efkes witte hokker berjochten de problemen jouwe! Groetnis Wikiice 6 jan 2011, 17.04 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de berjochten fan ûnder oare Lúksemboarch, Sloveenje, Slowakije en Malta oanpast. Dy binne no wer goed. Jo kinne dêr krekt sjen wat ik feroare ha. J'88 6 jan 2011, 18.28 (CET)[beäntwurdzje]

Olympyske Spullen[boarne bewurkje]

Ik haw gjin navigaasje ferdwine litten. Ik haw dien wat yn Wikipedy:FAQ#W.C3.AArom_br.C3.BBkt_de_Fryske_Wikipedy_gjin_berjochten_mei_oersjochslisten? stiet, en de ferwizing dêrom makke nei de algemiene side oer de Olympyske Spullen. At jo it dêr net mei iens binne, dan wie it better om dat op de Wikipedy:Oerlis side te skriuwen, yn stee fan op mines. En at jo nochris in fraach hawwe, lit it dan in fraach nei it wêrom wêze, yn stee fan te begjinnen mei dat it net goed is. At eat al foar de twadde kear bart is, dan mei ik dochs oannimme dat jo earste freegje en dan sjitte, yn stee fan oarsom?

Lju dy't op ynternet ynformaasje sykje? Dy wolle spesifyk ien side hawwe. At hja op Olympyske Simmerspullen 1956 binne, dan is dat net om't hja in oersjoch oer de Olympyske Spullen wolle. Hienen hja dat al wold, dan hienen hja socht op Olympyske Spullen. Dat dy lju hawwe gjin ferlet fan sa'n list fan keppelings. En hja wolle net by Olympyske Simmerspullen 1956 útkomme at hja wat witte wolle oer Lake Placid, 1932: It risseltaat fan dy list fan jo sjogge jo hjir.

En at jo wer ris in projekt hawwe, tink der dan om dat dat gjin eigendom is; der binne altiten lju dy't op siden fan de Wikipedy skriuwe om't hja dwaande binne mei oare saken. Mysha

Bêste Mysha, It ha altyd leart om earst te oerlizzen foardat ik grutte feroaringen oanbring seker as it om in grut projekt giet wêr't meardere minsken oan wurkje. Dêr njonken is de side Olympyske Spullen net in oersjochside. Al liket er dêr op dit stuit al in bytsje op op. Ik hoopje dat jo it no in bytsje begripe wêrom hjir al foar in oantal navigaasje berjochten keazen is. Mochten jo in de takomst twifelje oer it nut fan in navigaasje berjocht oerlis it dan earst efkes, foar't jo hannelje. Mei Freonlike Groetnis Wikiice 3 mrt 2011, 20.31 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is krekt sa't ik it leard haw. Dat, ear't jo begjinne mei it ynfieren fan wat wy eksplisyt sizze net te brûken, en dêrmei sykmasines foar "jo projekt" ûnbrúkber te meitsjen, wie it in idee en kom mei in foarstel op Wikipedy:Oerlisside. Dêr binne jo no wat let mei, mar, lykas sein, dat soenen jo dochs noch dwaan kinne ear't jo oaren der op oansprekke dat hja it al goed dogge.
Dat grutte projekt dêr't mear minsken oan wurkje, dat is de Fryske Wikipedy. Dêr hat it oant no ta goed wurke at elts ferbetterings daalks oanbringt, en wa it mei in feroaring net iens is, of wa fernimt dat eat op 'e nij dien is, it wêrom útleit. At jo dat oars hawwe wolle, dan witte jo hokfoar side.
Ik nim oan jo skriuwe dat allegear út leafde foar jo wurk, mar tink der om dat leafde as ryp fan it hert is. Alles is moaier, mar guon lytsfeiten lizze ferhoalen. Mysha
Bêste Mysha, Ik leau net dat jo it alhiel begrype. Jo ferwize nei in tekst dat giet oer trochferwiissiden. Mar de side Olympyske Spullen is net in trochferwiisside.Foar minsken dy't op ynternet ynformaasje sykje en makkelik troch de siden blêderje wolle, de navigaasje ûnderoan de blêdside is der by in wichtig ûnderdiel foaral by ûnderwerpen as de Olympyske Spullen en Gemeenten. En it projekt Olympyske Spullen is in ûnderdiel fan it projekt Wikipedy... Ik hoopje dat jo it ea begrype sille en dat as jo grutte saken feroarje wolle oan it projekt Olympyske Spullen dit earst oerlizze op Wikipedy oerlis:Putsje/Olympyske Spullen Wikiice 8 mrt 2011, 18.19 (CET)[beäntwurdzje]

Swier wêze[boarne bewurkje]

Eartiids folge nei in swangerskip faak in doop, mar - jo hawwe gelyk - net mei sjampanje Drewes 18 apr 2011, 18.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Wikiice, jo hawwe niis op de oerlisside oer ús maat Carotta skreaun. Ik soe foarslaan wolle om de diskusje op de side van Carotta te hâlden, mar woe jo opmekrking net sels fersette. Oars giet it oerlis op twa plakken en it giet hjir ommers om ien ûnderwerp. Wat tinkt jo hjir fan? Groetnis, --Swarte Kees 3 maaie 2011, 10.13 (CEST)

Dat klopt. Dat ik dêr del set ha. Mar it wie net myn bedoeling om dêr ek in diskusje te starten it wie mear in meidieling dat ik it twifel berjocht op in artikel plakt ha fannemoarn. Wikiice 3 maaie 2011, 10.17 (CEST)

Appel Ooiman[boarne bewurkje]

Dei Wikiice, jo artikkel oer Appel Ooiman is noch neat folslein. Groetnis, --Bernd 15 jun 2011, 20.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiejûn Bernd, It kloppet dat der minder stiet dan op de Nederlânske wikipedy, dat komt omdat ik alline ynformaasje oer Ooiman beskreaun ha en net de ynformaasje oer dat de boskbaan ôfkard wie ensa dat fyn ik by de Olympyske Spullen hearen en net by in artikel oer in sporter, dy't tafollig oan dy spullen. Ik ha der noch oan tocht om der in Stobbe berjocht by te setten mar derfoar hie ik ek wer wat tefolle ynformaasje. It is gjin stobbe mar it is ek beslist nog net in folslein artikel.Wikiice 15 jun 2011, 21.56 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeie Wikiice. wat ik dermei sizze wol: de leasde riegel is neat folslein, der stiet: Hij waard letter ingenieur en hat foar Philips Wat hat hie foar Philips??. Groetnis,--Bernd 15 jun 2011, 22.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeiejûn, bedoelje jo it sa, dan sil er daliks nei sjen en it oanpasse. Wikiice 15 jun 2011, 22.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie. Hie ik al sjoen. Ik sil mines út'e wei romje. Gr. Drewes 25 sep 2011, 11.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Fernijde haadside en in fernijd haadtema[boarne bewurkje]

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.13 (CET)[beäntwurdzje]

Moai dat jo jo eagen ek efkes oer de Listen gean litte. Troch jo krewearjen foar Kategoryen bine jo aardich thús yn it oarderjen en kin jo help goed brûkt wurde. Fiel jo frij soe'k sizze..Groetnis, --Swarte Kees 28 nov 2011, 22.25 (CET)[beäntwurdzje]

Plaatsjes Olympyske Spullen[boarne bewurkje]

Goeie. Ik fûn it gewoan wol fleurich stean, mar oars bêst genôch. Drewes 18 feb 2012, 21.11 (CET)[beäntwurdzje]

Topsiden[boarne bewurkje]

Bêste Wikiice,

Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden

Mear topsiden? Der stean ek noch siden yn de artikelhifker.

Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.31 (CEST)[beäntwurdzje]

Nei it Sulver[boarne bewurkje]

BrûnsSulver..
Dei Wikiice, 'k Woe jo efkes witte litte dat ik jo en jo bydragen de lêste tiid mis. Jo hawwe jo al lang kwalifisearre foar de Olympyske Spullen op de Wikipedy (en mear), mar it eindoel de gouden medalje mist noch. It soe wêze kinne dat jo efkes gjin yspiraasje hawwe om te skriuwen, of net rjocht halich binne, mar ik hoopje al dat it goed mei jo giet. Oant sjen, hjir op de Wikipedy. Groetnis,--Swarte Kees (talk) 22 apr 2012, 15.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiejûn Swarte Kees,
De reden dat ik op stuit net in soad skriuw op de wikipedy is tiid. Ik ha op it stuit oare drokte. sadwaande kin ik net skriuwe foar de wikipedy. en skriuw ik dit op in tiidstip dat in protte minsken al net mear efter de kompjûter sitte. Wikiice (talk) 26 apr 2012, 21.36 (CEST)[beäntwurdzje]
Dan is der neat te rêden, it driuwt him net. Der binne wichtiger saken as de wikipedy, al wie it mar genôch nachtrêst 'k Hoop dat jo mei gauwens wer wat tiid foar josels fine. Groetnis, --Swarte Kees (talk) 27 apr 2012, 08.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik ha wer wat mear tiid foar myn digitale frijwilligerswurk, sadwaande gean ik no mar wer fierder Wikiice (talk) 23 maaie 2012, 09.05 (CEST)

Berjocht:Ynfoboks keatser[boarne bewurkje]

Bêste Wikiice,

Ik haw dyn berjocht Berjocht:Ynfoboks keatser neisjoen. Ik haw it berjocht ferwurke yn it artikel Folkert van der Wei. Neffens my wurket er no dus goed. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 6 aug 2012, 18.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Tige tank. Ik hie it al sjoen en útprobearre yn it artikel Pieter van Althuis. Wikiice (talk) 6 aug 2012, 18.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Berjocht:Tema:Sport/Siden dêr't ferlet fan is[boarne bewurkje]

Bêste Wikiiice,

Goed datst it seist, it wie my noch net opfallen. De bewurkingsknop fan it Tema:Sport is no feroare en ferwiist wer nei Berjocht:Tema:Sport/Siden dêr't ferlet fan is. Tanke wol. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 9 aug 2012, 06.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Software[boarne bewurkje]

Ik wie in bytsje te entûsjast tink ik. It wie ek mar in oanfolling.Yn 'e Wâlden (talk) 22 aug 2012, 10.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Follybal op de Spullen[boarne bewurkje]

Goeie. Ik seach efkes nei follybal op de Olympyske Spullen. Doe kaam ik foar 2012 lykwols wat ynkonsekwinsjes tsjin yn ferliking mei de foargeande edysjes. Sjoch mar nei it ferskil tusken Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2008 en Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2012. Dat hâldt dus yn dat der foar 2012 in aparte side komme moat foar it sealfollybal en it strânfollybal; lykas yn 2008: Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2008/Sealfollybal en Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2008/Strânfollybal. Dat omdat it (tsjintwurdige)follybal útien falt yn twa kategoryen: seal en strân. Sil ik dat dan mar oanpasse neffens it idee fan 2008? Groetnis, MeinRei (talk) 27 aug 2012, 20.28 (CEST)[beäntwurdzje]

It kloppet dat it oars is as foargeanden der binne no ek twa navigaasjeberjochten ien foar it follybal yn de seal Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2008/Sealfollybal en Berjocht:Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen jo kinne de siden dus gewoan brûke sa't se no steane sûnder dat it problemen jout mei foargeande jieren. Jo hoege dus gjin gebrûk mear te meitjsen fan de /sealfollybal en /strânfollybal. Wikiice (talk) 28 aug 2012, 10.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat snap ik. Dizze hawwe we ek noch: Berjocht:Sealfollybal op de Olympyske Simmerspullen, wat dogge we dêr mei? Dochs bliuwt it frjemd, want it giet dan net lyk op mei foargeande edysjes. Dat makket it foar de lêzer net oersichtlik. Ik soe ik graach sa dwaan wolle nei it foarbyld fan 2008. Groetnis, MeinRei (talk) 28 aug 2012, 12.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat is probleamke want die is eins oerstallig. Ik tink net dat it ferwarrend is om't de navigaasje berjochten en de links keppelle sitte oan de goeie siden. Wikiice (talk) 28 aug 2012, 13.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Wikice. De lêste dagen reagearret myn kompjûter op Wikipedy sa stadich dat wurkjen hast net mear mooglik is. Lykwols allinne at ik oanmeld bin! Net oanmeld giet it goed. Witte jo as 'techneut' hoe't dat kin en wat der oan te dwaan is? My is ien kear frege oft ik in beskaat script útskeakelje wol omdat de pc oars sleau wurdt. Ik klikte ja oan, mar der feroare neat. Groetnis Drewes (talk) 31 aug 2012, 13.45 (CEST)[beäntwurdzje]

Dei Drewes, sa'n techneut bin ik ek net. It moat by my ek wurke en oars draaf ik gou nei de winkel ta. Mar jo soene probearje kinne de nl:Cache (tijdelijk geheugen) te leegje. as de nl:Cookie (internet) te verwiederjen. Sukses Wikiice (talk) 31 aug 2012, 16.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Middei W. ‎86.89.72.124 is it ip-adres fan Meidogger Drewes, dy't op it heden in soad gedonder ûnderfynt at er oanmeld is. Gr. 31 aug 2012, 17.59 (CEST) (Drewes)

Goeie Drewes, Ik hie al san ydee oan de hân fan bewurkings dat jo it wiene. Wikiice (talk) 31 aug 2012, 18.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynterwikys[boarne bewurkje]

Goeie W. Ik haw deselde ûnderfinings as jo mei it nije yw-systeem. Ik woe it mar efkes ôfwachtsje; faaks binne it bernesyktes, mar ik bin ek frijwat digisloech, dat... Gr. Drewes (talk) 11 mrt 2013, 12.46 (CET)[beäntwurdzje]

Ja W., dat die ik al. It docht no bliken dat it net wurket salang't der âlde yw's by it artikel steane. Wy binne derút. Grt.Drewes (talk) 11 mrt 2013, 15.46 (CET)[beäntwurdzje]

Stavering[boarne bewurkje]

Goeie W. Ik sil der út en troch wolris nei sjen. Gr. Drewes (talk) 20 mrt 2013, 11.53 (CET)[beäntwurdzje]

Siden oer Olympyske Spullen[boarne bewurkje]

Goeie, Drewes, dêr bin ik wer te seuren. Ik sjoch no al in pear dagen dat Wikiice en josels drok dwaande binne mei siden oer sporten op 'e Olympyske spullen, lykas Swimme op de Olympyske Simmerspullen 1952 (om der willekeurich ien út te pikken). No wol ik my nearne mei bemuoie (it is meastal in faai teken as lju sa begjinne, dat hâld jo fêst!), mar hawwe jimme wol troch dat dy siden eins allegear in ferkearde namme hawwe? Want wat jim beskriuwe is it swimmen op 'e Olympyske Simmerspullen ensfh., dat de boppeneamde side soe hjitte moatte fan "Swimmen op de Olympyske Simmerspullen 1952". Idem dito foar "keunstdûken", "hurdsilen", "skermjen", ensfh. It is lullich genôch, mar ik tink, ik kin it dochs mar better even sizze as my stilhâlde. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 mrt 2013, 22.37 (CET)[beäntwurdzje]

Oeps W! Drewes (talk) 24 mrt 2013, 22.55 (CET)[beäntwurdzje]

O'jee ha we dochs in flater makke? Hjoed dan earst mar troch gean mei it oanfoljen fan 1952 en dan de siden mar werneame. Wikiice (talk) 25 mrt 2013, 08.47 (CET)[beäntwurdzje]

Keninklike famylje[boarne bewurkje]

Súkses mei dat putsje. Ik sil dy folgje. Groetnis. Drewes (talk) 6 nov 2013, 20.34 (CET)[beäntwurdzje]

Kommissaris fan de Kening[boarne bewurkje]

Kommissaris fan de Kening is yndie better. Fiel jo frij. Drewes (talk) 9 nov 2013, 19.59 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie W. Bûsboek Paralympyske Simmerspullen kin hjir net! It moat aginda wêze, mei't it net in aginda oanbelanget dy't jo as boekje yn de bûse mei nimme kinne. Groetnis Drewes (talk) 14 nov 2013, 21.08 (CET)[beäntwurdzje]

Dan hawwe we in probleemke want dizze aginda's hjitte hjir op de Fryske wikipedy al in skofke bûsboek dy soene dan allegear werneamd wurde moatte. Bin no dwaande mei dy fan de Olympyske Spullen 2014 sil dy al Aginda neame . Wikiice (talk) 14 nov 2013, 21.15 (CET)[beäntwurdzje]
It spyt my dat ik net earder sjoen haw. Drewes (talk) 14 nov 2013, 21.23 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie W. Ik haw de taalbetûfte Ieneach ek frege om syn miening te jaan oer it nije fandaalberjocht. Groetnis, Drewes (talk) 15 nov 2013, 18.12 (CET)[beäntwurdzje]

De taalbetûfte Ieneach seit dit derfan. Der stie dit:
Warskôging

flagge fan Fryslân Beste meidogger, hjirby krije jo in warskôging foar fandalisme. Dat is tige slim, doch dat NEA wer! As jo hjir mei trochgean wurde jo blokkearre.

  • Hjirûnder stiet de list mei de fandalystyske bewurkings fan dizze meidogger.

flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Dear user, herewith you get a warning for vandalism. This is really bad, do not EVER do that again! If this continues you are blocked.

  • Below is a list of the vandalism edits done by this user.

Wolle jo yn de takomst konstruktyf meihelpe oan de Wikipedy dan hjitte wy jo fan herte wolkom op ús Wikipedy. En foegje jo kunde ta. Hoe? Klik hjir.

Ik haw dit derfan makke:

Warskôging

flagge fan Fryslân Beste meidogger, hjirby krije jo in warskôging foar fandalisme. Dat is earnstige saak, doch dat NEA wer! As jo dêrmei trochgeane, wurde jo blokkearre en kinne jo net mear meidwaan oan dizze Wikipedy.

  • Hjirûnder stiet in list mei de fandalistyske bewurkings fan dizze meidogger.

flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Dear user, this is a warning for vandalism. This is a serious affair, do not EVER do this again! If you continue with this behaviour, you will be blocked from participating in this Wikipedia.

  • Below is a list of the vandalist edits made by this user.

Wolle jo yn de takomst konstruktyf meihelpe oan de Wikipedy, dan hjitte wy jo hjir fan herten wolkom om jo kunde ta te foegjen. Hoe't jo dat dwaan kinne? Klik hjir.

Behalven de stavering haw ik ek de tekst sels wat oanpast, sa't jo sjogge. "Dat is tige slim" fûn ik in bytsje apart klinken, dat dêr haw ik fan makke "Dat is in earnstige saak". We soene ek dwaan kinne: "Dat is in earnstich fergryp", as jo dat gaadliker foarkomt. De Ingelske tekst hiene jo tefolle wurd foar wurd oerset. Fierders ûntbriek der dêr wat oan 'e ein fan 'e earste sin, foar myn gefoel, dat dy ha 'k wat langer makke, en doe haw ik it Frysk dêr mar oan oanpast. Sjoch mar ris wat jo derfan fine. Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 nov 2013, 15.58 (CET)[beäntwurdzje]

Ik fyn it sa moai W. Gr. Drewes (talk) 18 nov 2013, 16.26 (CET)[beäntwurdzje]
Folle better as myn ferzje Wikiice (talk) 18 nov 2013, 19.58 (CET)[beäntwurdzje]

Tyfoan Haian[boarne bewurkje]

Dat 'ea' soe ik weilitte, it giet ommers om ien fan de swierste orkanen sûnt minskeheugenis op de Filippinen en/of it tiidrek dat de waarkunde wittenskiplik bedreaun wurdt. Groetnis Drewes (talk) 17 nov 2013, 16.42 (CET)[beäntwurdzje]

Sebleouf docht gjin kwea. Drewes (talk) 18 nov 2013, 21.48 (CET)[beäntwurdzje]

Begryp ik wol, mar moat jo gjin drokte fan hawwe wolle. Its net oars. Drewes (talk)