Wikipedy:Kategoryen

Ut Wikipedy

De kategoryen binne siden dy't oanmakke wurde moatte as siden yn de Wikipedy kategorisearre wurde. Kategoryen kinne sels ek yn oare kategoryen set wurde en wurde sa in sub-kategory. Op dizze wize kin in hiele kategorybeam opset wurde dy't it sykjen op in strukturearre manier ferbettert.

Dizze side is der foar bedoeld om de kategorynammen en struktuer wat mear gelyk te krijen en in plak te jaan foar oerlis en ôfspraken. Diskusjes leafst op it Oerlis. Ofspraken en foarstellen kinne hjir in plak hawwe.

Siden dy't helpe mei it oanpassen/besjen fan de kategorybeam[boarne bewurkje]

Der binne by de Bysûndere siden in tal siden dy't helpe om gatten yn de kategorybeam op te lossen:


Nammen fan de kategoryen[boarne bewurkje]

Iental as Meartal[boarne bewurkje]

Dit wurdt op ferskillende wizen brûkt. De measte kategoryen binne yn iental, mar der binne ek noch guon dy't yn meartal binne. Bygelyks Kategory:Fryske skriuwers.

Foarstel is om sa folle mooglik yn iental te beskriuwen, at de siden dy't der ûnder falle teminste oer ien persoan,objekt of wat dan ek giet

    • Bygelyks in side oer in persoan altiten yn iental, sjoch bygelyks Kategory:Romein
    • In kategory mei siden dy't oer in groep geane bygelyks in folk kinne better yn meartal Kategory:Romeinen


Geografyske ûnderferdieling[boarne bewurkje]

It meitsjen fan sub-kategoryen nei de geografyske ûnderferdieling wurdt ek op ferskillende wize dien. Der binne tal fan siden sa as Kategory:Media yn Fryslân, Kategory:Bouwurk yn Fryslân en nim mar op. Mar de binne ek Kategory:Fryske sporter Kategory:Fryske fuotbalklub.
It soe kinne om bygelyks Kategory:Frysk bouwurk te meitsjen, mar dan wurdt it wol wat frjemd at je letter by in bulte bouwurken in ûnderferdieling nei gemeente meitsjen gean, Kategory:Boarnsterhims bouwurk heart ek wat frjemd.
Foarstel:

  • By siden dy't in geografysk festlizzend plak, bouwurk of soksawat oangiet dan de foarm Kategory:..... yn Fryslân brûke.
  • By siden dy't eat oanjouwe dat net op in fest plak is mar syn oarsprong dêr hat en ek ferplakke wurde kin dan de foarm Kategory:Fryske ..... brûke. Dat soe tink betsjutte dat it Kategory:Fryske Media wurde moat. (Is it oars ek net Media út Fryslan?)

ûnderferdieling by gemeentes[boarne bewurkje]

Gemeentes binne ûnderferdield in kategoryen yn de Kategory:Gemeente yn Fryslân. Yn de Kategory fan de gemeentes sels binne trije kategoryen te finnen. Bouwurk yn... (belangrike gebouwen in de gemeente lykas monuminten), Plak yn... (Stêden, Doapen en Buorskippen) De gruttere doarpen kinne ek ûnderferdield wêze yn kategoryen, it doarp sels komt dat op it earste plak te stean yn de kategory. Wetter yn... (fearten, kanalen, marren, puollen, en dobben).

foarbyld[boarne bewurkje]

Kategory:Gemeente yn Fryslân --> Kategory:Achtkarspelen --> Kategory:Plak yn Achtkarspelen

Boppesteande jild ek foar oare gemeentes yn Nederlân.