Wikipedy oerlis:Kategoryen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Om ris oer nei te tinken:

  • Wy hawwe ek Wikipedy:Ferwizings#Kategoryen (dy't wat bywurke wurde moat). Wat moat dêr stean, en wat hjir?
  • In Romeinske lieder is in Romein dy't hearsket oer de Romeinen. Krijt dy Kategory:Romein Kategory:Romeinen?
  • Wie de Rotterdamske Koerant "Kategory:Medium yn Súdhollân" (tink om it iental), mar is it NRK Hannelsblêd Kategory:Súdhollânsk medium?
  • Is in mûne dy't nei Amearika ferkoft is yn Kategory:Mûne yn Amearika of Kategory:Fryske mûne (of Kategory:Mûne út Fryslân)?

"Kategory:Boarnsterhims bouwurk" heart fansels frjemd om't it "Kategory:Boarnsterhimster bouwurk" wêze moat. Aliter 5 jan 2008, 02.50 (CET)[beäntwurdzje]

Ik hie dizze side eins mear oanmakke om in plak te jaan foar bepaalde ôfspraken as ideeën om derfoar te soargjen dat it allegear wat logysk bliuwt. En om derfoar te soargjen dat der wat struktuer yn komt, en meidoggers dy't in stikje fan :nl oerset hawwe hjir in platfoarm te jaan foar oerlis en ynspiraazje. Miskien is it handich om yn it stikje op ferwizings allinne oan te jaan hoe at it wurket, en dan nei dizze side te ferwizen foar fierdere ynformaasje oer de stân fan saken, parten wêr't noch oan wurke wurde moat en sa fierder.
  • Mei it ferskil tusken Medium yn Súdhollân as Súdhollânsk medium hie ik eins in bytsje sjoen nei de kategoryen dy't der al foar fryske plakken/bouwurken en oan de oare kant persoanen ensfh binne. Dêr haw ik besocht om wat in systeem út te heljen. Dizze yndieling soarget derfoar dat it measte no al goed stiet. Mar at wy it er oer iens wurde kinne om as it iene, as it oare rûnom te brûken dan fyn ik dat ek bêst fansels.
  • Boarnsterhimster bouwurk fyn ik ek al wat frjemd hearren, mar goed dat is tink ek in saak fan smaak.
  • Wat in Romeinsk lieder oangiet, dy heart neffens my yn in Kategory:Romein of Romeinske keizer dy't dan in sub-kategory fan Kategory:Romeinen wêze moat.
    • Dêr sit fansels ek wêr in punt, hingje wy in side op mear nivo's yn in beam of op mar ien nivo. (Ik soe sizze ien nivo, mei fansels wol op mearder fertakkings yn de beam bygelyks, Moune yn Fryslân en Bouwurk yn Boarnsterhim, dy't dan beide yn Bouwurk yn Fryslân sitte)
Eltsenien moat himsels fansels frij fiele om de side Wikipedy:Kategoryen oan te passen. Mar ik tink dat wy diskusjes it bêste hjir dwaan kinne om de side sels oersichtlik te hâlden. Ik haw it fêst wat te folle fanút myn perspektyf skreaun mar ik hoopje dat oaren der wat by helpe. Theun 5 jan 2008, 12.27 (CET)[beäntwurdzje]