Wikipedy:Ferwizings
Op in side fan de Wikipedy kinne ferwizings opnaam wurde nei mear ynformaasje as daalks op de side stiet.
Oare siden (Sjoch ek)
[boarne bewurkje]At it mêd fan in oare side al neamt wurdt yn de tekst, dan kin dêr fansels in keppeling fan makke wurde. Mar dêr't it ferbân wat oars leit, kin it better wêze dy keppelings apart op te nimmen. Dan kin ûnder de tekst in kopke Sjoch ek opnaam wurde mei in list fan ien as mear keppelings mei oare wikipedysiden. Bygelyk, siden dy yn in list neamd wurde, hawwe gauris in sjoch ek-keppeling as ferwizing nei de listside. De side dy't jo no lêze hat sa ek in keppeling nei it oersjoch dêr't er yn foarkomt.
Oare websteeën
[boarne bewurkje]At jo witte fan in oare webstee mei ynformaasje, of de offisjele webstee dy't heart by it mêd fan in side, nim dy dan op as in Keppeling om utens.
Boarnen
[boarne bewurkje]It opnimmen fan boarnen is faak net gaadlik op de Wikipedy. Jo bydrage oan in side kin al op in spesifyke boarne basearre wêze, mar de bydragen fan alle eardere en lettere skriuwers oan dy side binne dat nei alle gedachten net. Nim dêrom boarnen allinnich op by beheinde ynformaasje. Bygelyks:
- Histoariske boarne: "Dit wetter is yn 1693 al opnaam yn de Schotanusatlas." - Doel is hjir de tiid fan de ynformaasje oan te jaan.
- Unwisse boarne: "Van der Aa brûkt dizze namme, mar it komôf is net wis." - Doel is hjir oan te jaan dat it de ienichste boarne is foar dy ynformaasje. (Van der Aa is meast al betrouber, mar wie ek wer ôfhinklik fan syn boarnen.)
- Sitaat: "Frysk bloed, tjoch op! Wol nou'ris broeze ind siede, - Eeltsje Halbertsma". - Doel is hjir de foarm fan de tekst wer te jaan.
Besykje gjin sitaten op te nimmen om harren ynformaasje. Ommers, wat yn in sitaat stiet kin fierders net oanpast of útwreide wurde.
Hawwe jo in boarne brûkt die in soad ynformaasje oer it mêd fan de side hie, dan kinne jo dy opnimme as literatuer, of at it in webstee is as oare webstee.
Literatuer
[boarne bewurkje]Goede boarnen bûten it Ynternet kinne, at jo dy sels brûkt hawwe mar ek as dat net sa is, opnaam wurde yn in literatuerlist. Dan kin ûnder de tekst in kopke Literatuer opnaam wurde mei in list fan ien as mear fermeldings fan oare boarnen. Lykas by oare boeken dy't neamd wurde yn de Wikipedy kin ek hjir de ISBN neamt wurde. Bygelyks:
- 419 x Friesland - Peter Kartskarel (ISBN 90-330-1191-3).
Kategoryen
[boarne bewurkje]Om de lêzer tagong te jaan nei besibbe siden sûnder dat de skriuwers dy hieltiid allegear bywurkje moatte, hat Wikipedia in kategory-systeem. Dat betsjut dat in side nei de wichtichste eigenskip yn in kategory opnaam wurde kin. Jo dogge dat troch nei de tekst in kategorykeppeling op te nimmen. Bygelyks, op de side Nijefurd stiet in keppeling [[Kategory:Gemeente yn Fryslân]].
Wa't klikt op dy kategorykeppeling komt op in kategory-side mei in list fan alle siden yn dy kategory. Dy binne lykwols oardere op alfabet, dat as in side net op it begjin fan de titel oardere wurde moat, dan moat dat apart oanjûn wurde mei in twadde titel yn de keppeling. Bygelyks, op de side Yep Kramer stiet [[Kategory:Reedrider|Kramer, Yep]], dat er op Kramer, Yep oardere wurdt. At der mear as ien kategory is, en dy moatte allegear oanpast, dan is it better de sortearring in ien kear oan te passen. Yn stee fan oeral oare titels by te skriuwen komt der dan in rigel mei DEFAULTSORT. Dat wurdt dan: {{DEFAULTSORT:Kramer, Yep}}. De kategorykeppelings kinne dan fansels sûnder in twadde titel skreaun wurde.
At jo net daalks witte yn hokfoar kategory in side moat, dan kinne jo op Wiki:Kategoryen de list fine fan alle kategoryen. At der gjin passende kategory is kinne jo foar dy side in nije kategory kieze. Op de nije kategory-side skriuwe jo yn ien as twa rigels hokfoar kategory it is, mei in keppeling mei de Wikipedy-side dêr't er by heart. Past jo kategory yn in oare kategory, nim dan ek wer in kategory-keppeling op, dan wurdt it in ûnderkategory. Meitsje de kategory-side daalks oan, om't in side dy't foar de kategoryside oanmakke is, yn't earst gjin aktive kategorykeppeling krijt. Earst as de kategory-side oanmakke is en de side op 'e nij oanpast wurdt, wurdt de kategorykeppeling dan aktyf makke.
Op de side dêr't jo in kategory oan tafoegje wolle, hoecht gjin kopke foar it blokje mei de kategory, om't de kategoryen net yn de tekst opnaam wurde, mar apart op de side stean. At der in reden foar is kinne jo ek mear as ien kategory opnimme, at dy likewichtich binne, mar nim by in ûnderkategory net ek de oerkategory op. Yep Kramer is opnaam yn kategory:reedrider. Hy is fansels ek sporter, mar hy is yn dy kategory net opnaam, om't kategory:reedrider in ûnderkategory fan kategory:sporter is; ommers, in reedrider is ek in sporter.
Oare Wikipedyen (ynterwiki)
[boarne bewurkje]At jo witte fan siden op oare Wikipedyen dy't itselde mêd behannelje, dan kinne jo dy opnimme as ynterwiki-keppelings. Dan skriuwe jo op de ein fan de side in keppeling, mei de taalkoade fan dy wikipedy, dan in dûbele punt en dan de namme fan de side op de oare wikipedy. Bygelyks, op ús haadside stiet mei en:Main Page in keppeling mei de haadside fan de oarspronklike, Ingelske wikipedy.
Der hoecht gjin kopke foar de ynterwiki, om't dy net yn de tekst opnaam wurdt mar apart op de side stiet. Soenen jo ea ferlet hawwe fan in ynterwiki-keppeling dy't al yn de tekst stiet, set dan ek oan it begjin in dûbelde punt. Bygelyks, de keppeling yn de alinea hjirfoar is op dizze side skreaun as [[:en:Main Page]].
Op de Fryske Wikipedy wurde de ynterwiki-keppelings alfabetysk oardere neffens de taalkoades. Foar it meastepart wurdt dit dien troch ynterwikibots - lytse programma's dy't troch wikipedy-meidoggers fan ferskate wikipedyen brûkt wurde om by te hâlden en by te wurkjen hokfoar side mei hokfoar side yn in oare taal keppele wêze moat. Dy ynterwikibots moatte lykwols al in begjin hawwe, dat de earste ynterwiki-keppelings moatte wikipedianen hieltiid noch sels tafoegje.