Meidogger oerlis:MeinRei
Wolkom op de oerlisside fan MeinRei. Sjoch ek myn Haadside en op myn Argyf
Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.
De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.695 siden. Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir! |
Flaggen
[boarne bewurkje]Sjoch dat jo drok dwaande binne mei it skriuwen oer follybal. Neffens my kinne jo de folgjende berjochten der goed by brûke. Kategory:Flaggen. Groetnis Wikiice 30 sep 2010, 08.19 (CEST)
Kategory
[boarne bewurkje]Bêste MeinRei, Jo binne goed dwaande mei it follybal, it falt my allinne op dat hja de nij oanmakke siden ferjitte yn in kategory te pleatsen. Ik ha no mar fêst de siden List fan Olympysk kampioenen follybal, de List fan Olympysk kampioenen strânfollybal en de European League follybal foar jo kategorysearre. Fierder sjogge de siden der goed út gean sa troch. Wikiice 6 okt 2010, 21.33 (CEST)
Follybal op de Paralympyske Simmerspullen
[boarne bewurkje]Goeiemoarn,
Jo finne it dochs net slim dat ik jo efkes holpen ha mei Follybal op de Paralympyske Simmerspullen. Ik bin sels drok dwaande mei de Paralympyske Spullen, Dat ik tocht ik sil jo efkes helpe en doch earst Follybal. Wikiice 9 okt 2010, 08.45 (CEST)
- Goeimoarn, nee dat fyn ik net slim, hear! Gean der mar mei troch! Meinrei 9 okt 2010, 9:50 (CEST)
Ofbylden
[boarne bewurkje]Jûn MeinRei, noch wolkom by de wikipedy. In moai stik wurk hawwe jo oanmakke oer it follybal, in oanwinst foar de wiky. No seach ik dat jo in ôfbyld fan it logo fan follybal oanbean hawwe. No stiet dêr net by hoe't it mei de lisinsje sit.. Soks komt oars wol krekt. By it oanbieden fan it logo hawwe jo ien en oar oan warskôgings lêze kind oer de rjochten fan ôfbylden. Der is faak min oan ôfbylden te kommen (útsein at men se sels makket), op de siden fan oare talen oer follybal sille jo dan ek gjin logo tsjinkomme. Dy sitte ek mei de rjochten oanklaud. Se moatte nammentlik wol frijjûn wurde troch de rjochthawwende. Dy rjochthawwende moat dan earst fûn wurde. Ha jo wier tastimming krigen dan soe dat der noch bysetten wurde moatte. Wy binne by de wikipedy tige foarsichtich om samar ôfbylden earne wei te heljen sûnder dat der tastimming jûn is. Dat soks op ynternet earder regel as útsûndering is docht dêr eat oan ôf. Wy wurkje ûnder de paraplu en dan binne der ek regels om jin oan te hâlden. It hiele Wikipedyprojekt kin der oars troch yn gefaar komme. Ik miende dat it de Frânske wikipedy wie dy't yn de begjinjierren safolle gedoente hjiroer krigen dat se hielendal opnij begjinne moasten.. [1] stiet yn it Nederlânsk wat de betingsten binne ( en dêr wurde je net fleurich fan, der mei hast neat, tensij....). By twifel kin fansels altiten oerlis folgje mei oare meidoggers. Mocht ik jo fierders earne mei helpe kinne dan kin hear ik it wol Groetnis, --Swarte Kees 20 okt 2010, 21.31 (CEST)--Swarte Kees 20 okt 2010, 21.31 (CEST)
- Goeie Swarte Kees. Ik haw it ris trochlêzen. No is it sa dat ik net wit wa't de auteur is, dat der sit neat oars op as de side te wiskjen. Neist it logo haw ik noch twa oare ôfbylden oanbean, dêr jildt iselde foar. Dy trije ôfbylden sil ik fan de side dêr't se op steane ôfhelje moatte, tink? En dêrnei moatte se mar wiske wurde. Dat is spitich, want ik koe de ôfbylden goed brûke by de siden dy't ik makke haw. Der sit neat oars op. Tige tank foar de ynformaasje! Meinrei 21 okt 2010, 18.19 (CEST)
- Jûn MeinRei, ja wat is soks altiten begrutlik, net?. Men sjocht de moaiste dingen foarby kommen (komt op mear plakken foar), mar meie se net brûke. Soms skriuw ik rjochthawwenden wolris oan, at se te finen binne fansels, en as se dan witte da harren webside by de Keppelings om utens stiet, wolle de measten wol meiwurkje. Groetnis, --Swarte Kees 21 okt 2010, 18.53 (CEST)
Projekt Olympyske Spullen
[boarne bewurkje]Bêste MeiRei,
Moai dat jo meidogge oan it projekt. Jo moatte net skrikke as er sa no en dan noch saken feroarje op de side Follybal op de Olympyske Simmerspullen, ik bin noch drok dwaande mei de lêste saken op te setten foar it projekt. Bygelyks navigaasje berjochten. Wikiice 1 nov 2010, 20.43 (CET)
- Goedejûn Wikiice, ik fyn it goed idee dat jo dit projekt opset hawwe! Ik wol dêr graach oan meiwurkje. Der moat noch aardich wat skreaun wurde oer follybal, dat dêr bin ik noch wol efkes mei dwaande. Mar ik soe graach meiwurkje wolle oan de sporten op de Olympyske Simmerspullen, at ik der mei oan 'e slach sil dan hearre jo it wol of sjogge jo it wol op jo meidoggerside. It hinderet neat at jo wat feroarje, dêr wurdt it allinne mar better fan! MeinRei 1 nov 2010, 21.26 (CET)
Goeie
[boarne bewurkje]Ik sit jo meidoggersside krekt efkes troch te lêzen en sjoch dat jo noch mar op de middelbere skoalle sitte. It docht my goed dat ek de jongerein, ik rekkenje mysels dêr ek noch mar efkes by, harren sa mei de Fryske taal en kultuer dwaande hâlde. J'88 4 nov 2010, 20.11 (CET)
- Ja, dat is seker moai! Ik skriuw graach yn it Frysk. En dêrmei de Fryske wikipedy út te wreidzjen. MeinRei 4 nov 2010, 20.56 (CET)
Folleybal
[boarne bewurkje]Moai stik oer folleybal. Twa tips:
- Tink der om, der fan út te gean dat ús lêzers nearne wat fan witte. Bygelyks, it had gjin doel en fertel dat de A-League in nije ferzje is fan wat oars, om't wy net witte kinne of de lêzer dêr dan ek fan heard hat. De koarte oplossing is fansels om te skriuwen: "Earder wie dit", wat itselde seit, mar it no as nije ynformaasje oanbied oan wa it net wist. Mar moaier is fansels om ek in seksje, of gâns in side, oer de skiednis te skriuwen, dat der foar wa't it net wit nei dy eftergrûn keppele wurde kin.
- Ornaris wurdt de lêzer yn de normale ynhâld net streekrjocht tasprutsen. Dat, at wy útkomme op "Sjoch dêre foar it ien of oar", dan is der blykber wat ferkeard oan de struktuer. Ornaris wolle wy dan koart eat op in side neame wat eins yn de Sjoch ek-seksje moatte soe, mei alle ynformaasje der oer op in eigen side.
Dat is in erfskip fan de papierene ensyklopedy; wy wolle te graach alles byelkoar sette om't de lêzer oars fierder blêdzje moat, mar by ús is dat mar ien klik, dat soks hoecht net. Allinnich op in oersjochside stiet wolris in seksje dy't ek op in eigen side útwurke is. It neidiel is dat dat byholden wurde moat, mar at it ris nedich is dan is der in Berjocht:Apart foar de ferbinings.
Mar no krije wy grif follybal-beskriuwings dy't op gâns Wikipedia net better te finen binne. Aliter 2 des 2010, 22.56 (CET)
- Tige tank foar jo tips! De tips binne goed te brûken, ik sil hja besykje ta te passen. MeinRei 3 des 2010, 18.22 (CET)
Olympyske Simmerspullen 1972
[boarne bewurkje]Ha dy Meinrei,
Soe'st alfêst nei de side oer Olympyske Simmerspullen 1972 sjen wolle? Ik bin der noch al mei dwaande. Mar der stiet sa'n wichtig stikje tekst yn dat ik fyn dat it no al efkes troch in twadden troch lêzen wurde moat.
Groetnis Wikiice 7 des 2010, 19.12 (CET)
- Hoi Wikiice. Dat is goed! Ik hie der in skoftke lyn ek al nei sjoen, doe hie ik ek al wat ferbettere. Ik sjoch der sa noch efkes nei, der sil net in protte feroare wurde, tink ik! Groetnis MeinRei 8 des 2010, 17.01 (CET)
Projekt Olympyske Spullen
[boarne bewurkje]Goeiemoarn MeinRei
Ik ha de projektside fan it Projekt Olympyske Spullen Ferhuze sadat der no ek in Oerlisside by is, Meidogger:Wikiice/Projekten
groetnis Wikiice
- No, dat is moai! It duorret net lang mear en dan haw ik follybal op de Olympyske Simmerspullen klear. MeinRei 12 des 2010, 12.05 (CET)
Ynfoboks sporters
[boarne bewurkje]Bêste MeinRei,
Ik ha it Berjocht:Ynfoboks sporter klear. De ynfoboks is te sjen op de side oer Ronald Zoodsma (en kin dus ek foar oare folleyballers brûkt wurde). Dêrneist ha ik noch in Berjocht:Ynfoboks fuotballer makke (resultaat (Abe Lenstra en Geert Arend Roorda). Gr. --Kening Aldgilles 21 des 2010, 22.01 (CET)
- Goeiejûn Kening Aldgilles. It sjocht der prachtich út! Tige tank! Groetnis fan MeinRei 21 des 2010, 22.35 (CET)
Topside
[boarne bewurkje]Goeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.58 (CET)
Siden wiskje
[boarne bewurkje]Hoi MeinRei, Soesto siden dy't neffens dy fuort kinne en foarsjen hast fan it berjocht "Wiskswarskôging" ek del sette wolle op it plak Wikipedy:Siden wiskje, dan kinne dy troch in behearder delete wurde at dy der tiid oan hat. Ast dat nammentlik net dochst ferdwine de te wisken siden yn 'e grutte bult. Alfêst tanke en gr. --Geoffrey 15 jan 2011, 10.39 (CET)
- Ja, dat is goed! Ik sil der op lette. Groetnis MeinRei 15 jan 2011, 12.12 (CET)
Segaar
[boarne bewurkje]It mei wolris sein wurde: jo fertsjinje in segaar. Drewes 5 feb 2011, 19.01 (CET)
- No, tige tank! MeinRei 5 feb 2011, 19.07 (CET)
Ynfoboks
[boarne bewurkje]Goeie MeinRei,
Ik sjoch dat it jo slagge is om de Dielnimmende lannen te foarskyn te krijen yn de Ynfoboks. Tige Tank dêrfoar.
Gr, Wikiice 15 feb 2011, 17.09 (CET)
- Graach dien. Dat sil wol komme omdat der landen stiet yn stee fan lannen, ik leau dat dat by de oare ynfoboksen ek noch sa is. Groetnis MeinRei 15 feb 2011, 17.11 (CET)
- Dat ha ik sjoen ja, dat ik ha it probearre yn de boarne Berjocht:Sportevenemint op te lossen. Wikiice 15 feb 2011, 17.13 (CET)
- Dêr leit it him net oan, tocht ik. By de measte edysje fan de Spullen stiet yn de ynfoboks landen, dat is in staveringsflaterke: dat moat lannen wurde. Je kinne it ferhelpe troch yn de alle ynfoboksen lannen del te setten. Ik haw it by Olympyske Simmerspullen 1968 niis dien. MeinRei 15 feb 2011, 17.20 (CET)
- Dan sille we alle al besteande siden oer Paralympyske en Olympyske Spullen mar nei rinne moatte. It is gelokkig net in hiele drêge feroaring. Wikiice 15 feb 2011, 18.49 (CET)
- Dêr leit it him net oan, tocht ik. By de measte edysje fan de Spullen stiet yn de ynfoboks landen, dat is in staveringsflaterke: dat moat lannen wurde. Je kinne it ferhelpe troch yn de alle ynfoboksen lannen del te setten. Ik haw it by Olympyske Simmerspullen 1968 niis dien. MeinRei 15 feb 2011, 17.20 (CET)
- Dat ha ik sjoen ja, dat ik ha it probearre yn de boarne Berjocht:Sportevenemint op te lossen. Wikiice 15 feb 2011, 17.13 (CET)
Projekt Olympyske Spullen
[boarne bewurkje]Goeie MeinRei,
Slagget it wat mei de Winterspullen? As der wat is dan moast it sizze, want yn sa'n grut projekt moat der wol goed oerlein wurde, Oars wurd it in binde.
Gr, Wikiice 17 feb 2011, 17.48 (CET)
- Moai datst der om fregest! It giet goed, hear. Ik bin op stuit wat oan it skriuwen oer Fryske boargemasters, dat hiest ek wol sjoen, tink ik. Dêrneist sil ik ek fierder mei de Winterspullen. Groetnis MeinRei 17 feb 2011, 17.51 (CET)
- Dat hie ik sjoen, sels bin ik ek rigelmjittig mei oare saken dwaande... Mar as projektstarter fyn ik dat ik sa no en dan ris ynformearje moat by oare aktive skriuwers fan it projekt hoe it giet. Wêr't jo tsjinoan rinne en sa. Wikiice 17 feb 2011, 18.06 (CET)
Haadside
[boarne bewurkje]Goejûn,
Do hiest gelyk. Ik ha dat mei de parse feroare. Tanke wol! --Kening Aldgilles 6 apr 2011, 21.14 (CEST)
- Noch wat oars. Ik bin no dwaande om de tekst 'Haadside' (de titel boppe-oan) fan ús haadside te heljen. Dat is it lêste wat my noch net nei it sin is... --Kening Aldgilles 6 apr 2011, 21.17 (CEST)
Itty Sluis
[boarne bewurkje]Goeie Meinrei,
Neffens my is se hjoed ferstoarn. Sa ha ik it yn els gefal op 'e radio begrepen.
Wikiice 9 jun 2011, 15.10 (CEST)
- Dat soe bêst kinne, it is yn alle gefallen hjoed nei bûten kommen. Ik haw noch gjin boarne fine kinnen. Dy komt der grif wol! Groetnis MeinRei 9 jun 2011, 15.11 (CEST)
- Efkes hjoed en moarn de mensenlink side fan de Ljouwerter Krante yn 'e gaten hâlde. Wikiice
- Der wurdt spitich genôch gjin stjêrdatum meld op Mensenlink. Wikiice 14 jun 2011, 20.15 (CEST)
- Nee, ik kin ek net ien fine. Dat is spitich. MeinRei 15 jun 2011, 15.06 (CEST)
- No, Wikiice. Ik leau dat wy derút binne: doe't ik niis op de side fan Sirkwy seach, kaam ik hjirre de datum 6 juny tsjin. Dy hâlde wy dan mar oan! Groetnis fan MeinRei 15 jun 2011, 22.10 (CEST)
- Goeiejûn Meinrei, dat is goed nijs, Sirkwy is in side fan Tresoar dus dat sil wol betrouwber wêze.
- No, Wikiice. Ik leau dat wy derút binne: doe't ik niis op de side fan Sirkwy seach, kaam ik hjirre de datum 6 juny tsjin. Dy hâlde wy dan mar oan! Groetnis fan MeinRei 15 jun 2011, 22.10 (CEST)
- Nee, ik kin ek net ien fine. Dat is spitich. MeinRei 15 jun 2011, 15.06 (CEST)
- Der wurdt spitich genôch gjin stjêrdatum meld op Mensenlink. Wikiice 14 jun 2011, 20.15 (CEST)
- Efkes hjoed en moarn de mensenlink side fan de Ljouwerter Krante yn 'e gaten hâlde. Wikiice
Gemeenten yn Oerisel, Oerisel
[boarne bewurkje]Tank foar it weromsetten fan de fandalisme, Ik hie it probearre mar wie der net yn slagge it goed werom te setten Wikiice 14 jun 2011, 20.14 (CEST)
- Graach dien! MeinRei 15 jun 2011, 15.06 (CEST)
Ofbylden
[boarne bewurkje]Dei MeinRei, mei niget sjoch ik alle kearen jo tafoegings kommen. Om in nije side noch wat kompleter te meitsjen soenen jo ekris in ôfbyld oanfreegje kinne by it ûnderwerp fan in side (as soks teminsten earne te besetten is). By de artikels oer skriuwers as Terpstra en Tjeerdsma soe dat kinne by resp. Sirkwy en It Fryske Boek. Gewoan net te benaud wêze om te freegjen, jo dogge it ommers net foar josels.. Wol efkes freegje om in rjochtenfrije foto, want wy wolle ús by de Wikipedy perfoarst oan de byldrjochten halde. By sok freegjen is de kans fan slagjen wat grutter as se by Sirkwy en IFB witte dat der in link op de side stiet nei harren webside. Sels freegje ik meast ek noch oft der yn ynformaasje wat mist of dat de ynformaasje noch better kin. Soks kin bytiden ek noch aardige korrespondinsje opleverje. It kin yn dizze fakânsjetiid wolris efkes duorje eardat jo antwurd krije, mar sa'n mailtsje bliuwt wol yn haren postfekje lizzen mnoatte jo mar tinke. Groetnis, --Swarte Kees 1 aug 2011, 22.48 (CEST)
- No, ik sil it ris besykje! It liet it oars mar wat oan my foarby gean, want ik wie der net sa yn thús. Ik sil ris sjen! Groetnis, MeinRei 2 aug 2011, 20.31 (CEST)
Fernijde haadside en in fernijd haadtema
[boarne bewurkje]Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.15 (CET)
Pompier
[boarne bewurkje]Dei MeinRei, jo hienen niis pompier feroare yn papier, mar pompier is gewoan Frysk (al docht pompier wol wat âldfrinzich oan, Zantema neamt it al net mear..) 'k Bin benijd oft it yn de nijste Wurdboeken stiet. Groetnis, --Swarte Kees 22 feb 2012, 19.41 (CET)
- Goeiejûn. Oh, dat wist my net! Yn it Frysk Hânwurdboek stiet it ek net, dat it sil wol tige âld Frysk wêze. Ik hie der yn alle gefallen noch nea fan heard! Groetnis, MeinRei 22 feb 2012, 20.00 (CET)
- Jûn, pompier is âldfrinzich mar it wurd hat al bestien. Yn de literêre wrâld hat it wurdsje pompier it noch in skoft útholden, ek noch doe't de minsken it wurd nei alle wierskyn net mear brûkten. Wy brûke it wurd al desennia lang net mear yn it Frysk, en sokke argaïsmen wurde ornaris ek net mear neamd yn in ensyklopedy. Groetnis --Kening Aldgilles 22 feb 2012, 20.45 (CET)
- Tankewol! Nijsgjirrich. Wer wat leard hjoed. MeinRei 23 feb 2012, 16.12 (CET)
- Jûn, pompier is âldfrinzich mar it wurd hat al bestien. Yn de literêre wrâld hat it wurdsje pompier it noch in skoft útholden, ek noch doe't de minsken it wurd nei alle wierskyn net mear brûkten. Wy brûke it wurd al desennia lang net mear yn it Frysk, en sokke argaïsmen wurde ornaris ek net mear neamd yn in ensyklopedy. Groetnis --Kening Aldgilles 22 feb 2012, 20.45 (CET)
Topsiden
[boarne bewurkje]Bêste MeinRei,
Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden
Mear topsiden? Der stean ek noch siden yn de artikelhifker.
Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.31 (CEST)
Hifkjen
[boarne bewurkje]Fiel jo frij en help mei. Drewes (talk) 18 maaie 2012, 20.28 (CEST)
Follybal en Strânfollybal
[boarne bewurkje]Goeiejûn Meinrei,
Ik hie al twa begjintsjes makke mei it Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2012 en Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2012 alinne ik rekke in bytsje yn 'e tize mei de eardere manieren fan opskriuwen fan de útslaggen dat dat lit ik mar oan jo oer.
Gr, Wikiice (talk) 2 aug 2012, 18.40 (CEST)
- Middei, dat nim ik wol foar myn rekken. It sil my de kommende wike noch net slagje, tinkt my. Noch moaie Spullen tawinske! MeinRei (talk) 3 aug 2012, 12.40 (CEST)
Follybal op de Paralympyske Simmerspullen 2012
[boarne bewurkje]Goeiejûn MeinRei,
Soene jo it Follybal op de Paralympyske Simmerspullen 2012 ek foar jo rekken nimme wolle? Fjirders haw ik de berjocht Takomst op de siden Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2012 en Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2012 feroare yn it berjocht wurk, Om't de Spullen gjin takomst mear binne.
Gr, Wikiice (talk) 19 aug 2012, 19.22 (CEST)
- Bêst, hear! Groetnis, MeinRei (talk) 22 aug 2012, 20.42 (CEST)
Lord Tennyson
[boarne bewurkje]Goeie MeinRei. Jo slagge in soad yn Fryske dichters en skriuwers om. Der binne fêst oersettings fan Tennyson yn it Frysk. Witte jo, as kinne jo útfine, hokker wurk fan him yn it Frysk ferskynd is? Gr. Drewes (talk) 14 jan 2013, 17.50 (CET)
- A goeie! Ik leau dat der al wat oerset is, ik sjoch der wol efkes nei! MeinRei (talk) 14 jan 2013, 17.56 (CET)
- Ik haw it fûn, ik set it der wol efkes del. MeinRei (talk) 14 jan 2013, 18.42 (CET)
- Ik haw it sjoen. Mar it moat mâl gean wol der oars neat oerset wêze! Drewes (talk) 14 jan 2013, 18.50 (CET)
- It giet bytiden mâl yn 'e Fryske literatuer, hear! Al hielendal at it op oersetten oerkomt. ;) MeinRei (talk) 14 jan 2013, 18.52 (CET)
- Ik haw it sjoen. Mar it moat mâl gean wol der oars neat oerset wêze! Drewes (talk) 14 jan 2013, 18.50 (CET)
- Ik haw it fûn, ik set it der wol efkes del. MeinRei (talk) 14 jan 2013, 18.42 (CET)
Sjajinne
[boarne bewurkje]Goeie, MeinRei. Ik bin jo namme de lêste tiid al ferskate kearen tsjinkommen, en no sjoch ik op jo meidoggerside dat jo Frysk studearje, dat dêrom woe ik jo freegje om jo ljocht ris skine te litten oer de diskusje dy't op 'e heden geande is op Oerlis:Sjajinne. Ieneach fan 'e Esk (talk) 25 jan 2013, 17.58 (CET)
Tolstoj
[boarne bewurkje]Goeie MR. Soene jo neigean wolle oft der ek oersettings yn it Frysk fan master Lev Tolstoj binne? Gr. Drewes (talk) 28 jan 2013, 17.43 (CET)
- A goeie! Ik sil ris sjen, mar ik bang dat der net in soad binne. Der wurdt net in soad út it Russysk wei oerset... MeinRei (talk) 28 jan 2013, 17.45 (CET)
- Hie ik wol tocht, lykwols in skande! Drewes (talk) 28 jan 2013, 17.46 (CET)
- Ja, fyn mar ris ien dy't goed Russysk en Frysk kin. MeinRei (talk) 28 jan 2013, 17.47 (CET)
- Fan Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk nei Frysk kin ommers ek. Drewes (talk) 28 jan 2013, 17.49 (CET)
- Dat is wier, der binne oersetters dy't fan miening binne dat je út de oarspronklike taal oersette moatte. Dêr sit al wat yn fansels. MeinRei (talk) 28 jan 2013, 17.52 (CET)
- Ja, fyn mar ris ien dy't goed Russysk en Frysk kin. MeinRei (talk) 28 jan 2013, 17.47 (CET)
- Hie ik wol tocht, lykwols in skande! Drewes (talk) 28 jan 2013, 17.46 (CET)
Stendhal
[boarne bewurkje]Oersettings yn it Frysk sil wol tefolle frege wêze wat dizze skriuwer oanbelanget, tink? Drewes (talk) 6 feb 2013, 20.55 (CET)
- Ik tink it al, kin altiten efkes sjen fansels. MeinRei (talk) 7 feb 2013, 18.41 (CET)
Boargemaster fan Harns
[boarne bewurkje]Goeie, Moai dat de boargemaster fan Harns bywurke is, mar fansels ferdwynt dêrmei de ynformaasje oer de âlde boargemaster út ús Wikipedy. At wy ek witte hoenear at it feroare is, kinne wy faaks in stikje oer de hjoeddeiske en eardere boargemasters skriuwe. Mysha (talk)
- Ah, ik sjoch dat is al iden. Dy keppeling wie foar my lykwols net sa dúdlik om't dy tusken in boks, in foto en in ramtwurk yn gjin romte hat. Mysha (talk)
Fandaal
[boarne bewurkje]Bêste M. Ik leau dat dy feroarings fan 95.97.219.66 yn Omrop Fryslân net perfoarst min bedoeld wiene. Ik haw ien fan syn feroarings trochset. Hy hie better efkes oerlizze kind, mar dat is wat oars. Sille wy dat fandaal-PR mar wer skrasse? Drewes (talk) 21 jun 2013, 17.36 (CEST)
- Goeie! Dêr hawwe jo faaks wol in punt. Ik hie ek wol sjoen dat guon dingen op himsels wol goed wiene, mar der waarden ek aardich wat goede punten fuorthelle. Oerlis hie yndied ferstannich west. Ja, wy skrasse it mar. MeinRei (talk) 21 jun 2013, 18.03 (CEST)
Olympyske en Paralympyske Winterspullen 2014
[boarne bewurkje]Goeiemiddei MeinRei,
De Siden foar de Olympyske Winterspullen 2014 en Paralympyske Winterspullen 2014 steane klear (hjir en dêr moat de stavering noch hifke wurde), no mar hoopje op moaie prestaasjes fan de Fryske en Nederlânske sporters. As jo tidens de spullen in útslach tsjinkomme dy't noch net ynfolle is fiel jo frij om it yn te foljen.
Wikiice (talk) 5 feb 2014, 16.42 (CET)
- A goeie Wikiice. Ja, it is wer safier! Ik bin net wakker aktyf op dit stuit, mar ik hâld it yn de gaten. Moaie, sportive dagen tawinske. Groetnis, MeinRei (talk) 5 feb 2014, 19.56 (CET)
- Ik bin net wakker aktyf op dit stuit is oars net sa moai MR!. Groetnis, Drewes (talk) 5 feb 2014, 20.12 (CET)
- Ik wit it, bêste Drewes... MeinRei (talk) 5 feb 2014, 20.36 (CET)
- Goeie Meinrei, Jo ek moaie dagen tawinske Gr Wikiice (talk) 5 feb 2014, 20.33 (CET)
- Ik wit it, bêste Drewes... MeinRei (talk) 5 feb 2014, 20.36 (CET)
- Ik bin net wakker aktyf op dit stuit is oars net sa moai MR!. Groetnis, Drewes (talk) 5 feb 2014, 20.12 (CET)
Jultsje
[boarne bewurkje]Bêste MR. Seit Jultsje Lycklema jo wat? Drewes (talk) 19 feb 2014, 18.55 (CET)
- A goeie! Wol ris foarby kommen sjoen. Hoe dat sa? Groetnis, MeinRei (talk) 19 feb 2014, 19.32 (CET)
- No, as har wurk der op liket soe(ne) ik(wy) in stikje oar har skriuwe kinne. Dat sa. Drewes (talk) 19 feb 2014, 20.05 (CET)
- Dat soe altyd kinne fansels. MeinRei (talk) 19 feb 2014, 20.10 (CET)
- No, as har wurk der op liket soe(ne) ik(wy) in stikje oar har skriuwe kinne. Dat sa. Drewes (talk) 19 feb 2014, 20.05 (CET)
Irene Wüst
[boarne bewurkje]Goeiemoarn MeinRei
Twifelje alline oer de namme fan Irene Wüst hjir op de Fryske Wikipedy skriuwe we hylt Irene mar se skriuwt it sels as Ireen, ek op de oare wikipedy's wurdt Ireen skreaun. Wat is wiishyd moatte we de namme Irene oanhâlde as moatte we Ireen skriuwe?
Wikiice (talk) 7 mrt 2014, 07.48 (CET)
- A goeie! Meastentiids wurdt Ireen oanhâlden, en net Irene. Ik miende dat ik by de Olympyske Spullen ek hieltyd Irene stean seach by byg. in medaljeútrikking. Faaks is dat hielendal offisjeel. Likegoed liket it my it bêste en set it om nei Ireen. In redirect fan Irene nei Ireen kin dan fansels. Groetnis, MeinRei (talk) 7 mrt 2014, 14.05 (CET)
Ieneach fan 'e Esk
[boarne bewurkje]Goeie MeinRei. Hawwe jo beswier tsjin it behearderskip fan Ieneach fan 'e Esk. Myn betinken is dat er it dûbel en dwers fertsjinne hat mei syn kwaliteitsbydragen. Groetnis, Drewes (talk) 7 jun 2014, 21.35 (CEST)
- Ja, gjin inkel beswier! Groetnis, MeinRei (talk) 7 jun 2014, 21.56 (CEST)
- Tanke. Drewes (talk) 7 jun 2014, 22.12 (CEST)
???
[boarne bewurkje]Ik wit net wêr't jo my hinne stjoere woene, mar dy link doocht net. Myn kompjûter kan de pagina niet weergeven. Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 nov 2014, 22.48 (CET)
- Dat is net sa moai. Dit moat de link wêze: http://www.tresoar.nl/agenda/pages/wikipedia.aspx#/?returnTo=/Pages/NieuwsEnAgenda.aspx Wurket er no wol? De webside fan Tresoar hat de ôfrûne dagen wat maleur, dêr leit it faaks ek oan. MeinRei (talk) 18 nov 2014, 22.52 (CET)
- Ja, sa docht er it. Hun... Ynteressant. Al liket it my mear oer de Hollânske Wikipedy te gean... Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 nov 2014, 23.21 (CET)
- Moai, gelokkich. Nee, hear. It giet om sawol de Fryske as de Nederlânske. MeinRei (talk) 19 nov 2014, 08.50 (CET)
- Tige tank foar it attendearjen, mar ik stean noch yn bestân. Sa't wy no op de Fryske dwaande binne, fyn ik eins bêst genôch. Al soene wy noch wol wat bonkjesikers derby hawwe kinne. Sis mar minsken dy't nei de staveringshifker de oerbleaune bonkjes der wat út sykje. Dan noch efkes in oankundiging. Foar it tydskrift Nij Frisia fan de Jongfryske Mienskip, hawwe se my frege om ris in stikje oer de Fryske Wikipedia te meitsjen. Dat stikje komt yn it desimbernûmer. Yn 'e Wâlden (talk) 19 nov 2014, 20.00 (CET)
- Moai, gelokkich. Nee, hear. It giet om sawol de Fryske as de Nederlânske. MeinRei (talk) 19 nov 2014, 08.50 (CET)
- Ja, sa docht er it. Hun... Ynteressant. Al liket it my mear oer de Hollânske Wikipedy te gean... Ieneach fan 'e Esk (talk) 18 nov 2014, 23.21 (CET)
Dat is moai Wâldman! It is my min nei't sin dat de Fryske Wikipedy yn it stikje fan Tresoar net iens neamd wurdt!! Drewes (talk) 19 nov 2014, 20.28 (CET)
De pest yn
[boarne bewurkje]Hoi M. Ik woe alline Literatuu\er yn Literatuer feroarje. Oars haw ik net mei opset sin dwaan wollen. Ik haw it al werom set. Drewes (talk) 24 nov 2014, 20.53 (CET)
- Jout neat, hear. Ja, ik hie it sjoen. Tankewol! No de pest mar wer út... MeinRei (talk) 24 nov 2014, 21.02 (CET)
ynfoboksen
[boarne bewurkje]Hoi MeinRei, soesto foar my as begjinner in format foar ynfoboksen fan histoaryske persoanen stjoere kinne? Dan wol ik besykje wat ynfoboksen te fuljen. Tige tank yn it foar, --Martha Kist (talk) 25 nov 2014, 20.06 (CET)
- Hoi Martha Kist. Tank foar dyn fraach. Dy sil ik oanmeitsje moatte. Dêr gean ik ynkoarten mei oan de gong. MeinRei (talk) 25 nov 2014, 22.46 (CET)
Ynfoboks skriuwer
[boarne bewurkje]Goeie, MeinRei. Ik bin sa frij west om jo Ynfoboks Skriuwer oan te passen. Ik hoopje dat jo it net slim fine. Under mear haw ik it sa makke dat berteplak en -datum en stjerplak en -datum no net mear efterinoar komme te stean. Ik snap wol wat jo dermei woene, mar as je noch in tafoeging efter de plaknamme sette wolle (bgl.: Midtown (Michigan)), dan wurdt it te lang en skoot it op in net sa fraaie manier nei de folgjende regel. Dêrom liket it my de baas dat we dêr standert mar twa regels foar brûke, dan hawwe wy dat gedoch net mear. Fierders noch wat spul tafoege, lykas nasjonaliteit, de taal dêr't de skriuwer yn skriuwt, en de mooglike webside fan 'e skriuwer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mrt 2015, 00.47 (CET)
- P.S.: ik haw de ynfoboks by alle 6 keppele siden oanpast, dus alles wurket noch/wer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mrt 2015, 11.48 (CEST)
- A goeie. Dat is hielendal ynoarder. Tankewol! Groetnis, MeinRei (oerlis) 29 mrt 2015, 16.41 (CEST)
Friduwih
[boarne bewurkje]Goejûn. Wa is Friduwih Riemersma?Drewes (oerlis) 7 des 2015, 20.19 (CET)
- Goejûn. Sy is de dochter fan Trinus Riemersma en is de ôfrûne jierren (mear) aktyf wurden yn de Fryske literatuer, benammen as kollumnist en ûndersiker. Sy wie mei Abe de Vries oprjochter fan literêr ynternettydskrift Fers2. MeinRei (oerlis) 7 des 2015, 20.25 (CET)
Forjit my net
[boarne bewurkje]Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2012, groetnis. Drewes (oerlis) 19 mrt 2016, 18.03 (CET)
- Nochris. Drewes (oerlis) 8 apr 2016, 22.52 (CEST)
Foarstel 'oe'/'û'-kwestje
[boarne bewurkje]Goeie, MeinRei. Ik haw op 'e Oerlisside in foarstel dien om foar iens en foar altyd de strideraasje oer de 'oe'/'û'-stavering yn lannenammen út 'e wei te romjen. Ik soe graach wolle dat jo hjirre ris nei seagen en in stim útbrochten sadat de mearderheid fan 'e Wikipedy-mienskip oer dizze saak beslisse kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2016, 21.49 (CEST)