Springe nei ynhâld

Ronald Zoodsma

Ut Wikipedy
Ronald Zoodsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 septimber 1966
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
lingte 2.01 m
gewicht 90 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Seoel 1988,
Barcelona 1992
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 1992

Ronald Zoodsma (Snits, 5 septimber 1966) is in eardere Fryske follybalynternational. Ronald Zoodsma wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Ronald Zoodsma die twaris mei oan de Olympyske Spullen. De earste Olympyske Simmerspullen dêr't Zoodsma oan meidie wie yn 1988 yn Seoel. Yn Súd-Korea waard it Nederlânsk follybalteam fiifde. Yn 1992 waard hy by de Simmerspullen fan 1992 yn Barselona mei it Nederlânsk team twadde efter Brazylje. Yn totaal hat Ronald Zoodsma 349 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Nei syn karriêre as proffollyballer is Ronald Zoodsma follybaltrainer wurden. Hy is no (2010-2011) trainer by de follybalklup Lycurgus yn Grins.

Op 13 febrewaris 2011 waard bekend dat Ronald Zoodsma yn byld wie om Peter Blangé op te folgjen as bûnstrainer fan de Nederlânske ploech. Der soene noch trije gadingmakkers wêze foar dy funksje.[2] Op 22 maart 2011 waard lykwols bekend dat Edwin Benne de nije bûnstrainer wurde soe, mei as assistint Henk-Jan Held.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: