Peter Blangé
Peter Blangé | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Peter Blangé | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 9 desimber 1964 | |
berteplak | Foarburch | |
lingte | 2,05 m | |
gewicht | 94 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
O.S. | Seoel 1988, Barcelona 1992, Atlanta 1996, Sydney 2000 | |
debút | Nederlânske ploech yn 1984 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1996 1x sulver Olympyske Spullen 1992 |
Peter Blangé (Foarburch, 9 desimber 1964) is in Nederlânsk follybalspiler en -trainer. Hy die fjouwer kear mei oan de Olympyske Spullen. Yn 1992 helle er yn Barselona sulver en fjouwer jier dêrnei, yn 1996 waard er yn Atlanta Olympysk kampioen. Peter Blange wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen. Tusken maaie 2006 en desimber 2010 wie Peter Blangé bûnstrainer fan it Nederlânsk follybalploech.
Karriêre as spiler
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy begûn syn follybalkarriêre as alvejierrige by Tonegido yn syn berteplak. Dêrnei spile er ûnder oare foar Startlift en Brother Martinus. Fan 1990 ôf komt hy út yn Itaalje foar Paeletti Catania (1990-1991), Maxicono Parma (1991-1996), Sisley Volley Treviso (1997-1999). Ek kaam er foar Moerser SC (Dútslân) út, dan wie yn it seizoen 1996-1997.
Blangé debutearre yn de Nederlânske ploech yn 1984. Hy makke diel út fan de "lange mannen" dy't by de Olympyske Simmerspullen yn 1992 en 1996 sulver en goud wûnen. Hy kaam yn totaal 500 kear út foar Oranje en is dêrmei Nederlânsk rekordinternational. Der is gjin follyballer op de wrâld dy't sa'n protte wedstriden foar de nasjonale ploech spile hat as Peter Blangé. Mei de nasjonale ploech waard er yn 1997 Europeesk kampioen en wûn er njoggen kear de World League Volleyball.
Karriêre as trainer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn karriêre as spiler waard Blangé trainer fan ORTEC.Nesselande yn Rotterdam. Hy brocht dy klup nei twa lânstitels, de nasjonale beker en de finale fan de Top Teams Cup. Besykers fan de webside volleybalstatistieken.nl keazen him ta bêste trainer fan 2004/2005.
Bûnstrainer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt maaie 2006 is Peter Blangé bûnstrainer fan Nederlân. Yn maaie 2007 makke er bekend dat er him folslein rjochtsje woe op de Nederlânske ploech en dat er ophâlde soe by ORTEC.Nesselande. Op 29 desimber 2010 waard bekend makke dat Peter Blangé ophâlde soe as bûnstrainer fan de Nederlânske ploech. Troch tsjinfallende resultaten, it WK fan 2010 en it EK fan 2011 waarden net helle, is nei in petear mei it NeVeBo besletten dat Blangé direkt ophâldt mei it trainen fan de Nederlânske follyballers. [1] Op 22 maart 2011 waard bekend makke dat Edwin Benne de opfolger wurde soe fan Blangé, hy sil dêrby assistearre wurde troch Henk-Jan Held. [2]
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blangé wennet yn Oestgeest mei atlete Brigitte Pletting. Tegearre hawwe hja trije bern: in dochter en twa jonges (twilling).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|