Oerlis:Sjajinnen
Wie der in boarne foar dat "Sajinne"? Ik soe sizze dat it mear Tsajinne wie. Aliter 25 apr 2009, 23.32 (CEST)
- Ik ha der nei sjoen hoe Cheyenne yn oare talen skreaun wurdt. Mar Tsajinne mei om my ek wol. --Geoffrey 25 apr 2009, 23.53 (CEST)
Nee, "ts" is te folle; earder "sj". "Sjajinne"? Aliter 28 apr 2009, 18.11 (CEST)
Ik wol net altiten de dwerslizzer wêze, mar moatte wy de nammen fan Yndianestammen wol feroarje? Ieneach fan 'e Esk (talk) 23 jan 2013, 23.23 (CET)
- Dat kinne wy rêstich dwaan Ieneach. It binne meast al oersettings/transliteraasjes. Drewes (talk) 24 jan 2013, 17.26 (CET)
- Ja, mar de nammen wurde wol folslein ûnwerkenber, fansels. Ik bedoel, ik fyn Sjajinne noch wol kreas fûn, mar Sioux soe dan Sû wurde moatte, want sa sprekke je dat út. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 jan 2013, 17.56 (CET)
- de nammen wurde wol folslein ûnwerkenber, sa is't. It docht jin frjemd oan en gjin minske sil op dy ferfryskings sykje! It is al jierren pielen op dat mêd en dat sil ek sa bliuwe, bin ik benaud foar. Wy hawwe it der noch wolris faker oer. Drewes (talk) 24 jan 2013, 18.12 (CET)
- It bliuwt yndied in punt fan diskusje. --Geoffrey (talk) 24 jan 2013, 18.50 (CET)
- de nammen wurde wol folslein ûnwerkenber, sa is't. It docht jin frjemd oan en gjin minske sil op dy ferfryskings sykje! It is al jierren pielen op dat mêd en dat sil ek sa bliuwe, bin ik benaud foar. Wy hawwe it der noch wolris faker oer. Drewes (talk) 24 jan 2013, 18.12 (CET)
- Ja, mar de nammen wurde wol folslein ûnwerkenber, fansels. Ik bedoel, ik fyn Sjajinne noch wol kreas fûn, mar Sioux soe dan Sû wurde moatte, want sa sprekke je dat út. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 jan 2013, 17.56 (CET)
Allegear wier, mar miskien soene wy no dochs mar in knoop trochhakje moatte. Want as it oars moat, is it no noch gjin grut probleem om dizze iene side om te neamen. Ik stel út om eefkes in ynformele stimming te hâlden oer de fraach: binne jo foar of tsjin it ferfryskjen fan 'e nammen fan Yndianestammen. Sa ja, dan moatte wy fansels ek all-out gean, om it mar geef Frysk te sizzen, mei nammen as Sjajinne, Sû, Tsjeroky (Cherokee), Tsjoktôf (Choctaw), Jût (Ute), Pajût (Paiute), Apatsje (Apache), Komantsje (Comanche), Kajowa (Kiowa), ensfh. Jimme merke wol, it wetter rint my suver yn 'e mûle. (Ik haw dizze diskusje dan ek net oanswingele om't ik sa bot op ferfrysking tsjin wie, mar om't ik my ôffrege oft jim de konsekwinsjes fan "Sjajinne" wol goed trochtocht hiene.) Yn elts gefal sille der trochwiissiden komme moatte fan Cheyenne nei Sjajinne ensfh. Dus, wa is hjirfoar? Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 jan 2013, 19.12 (CET)
Iksels bin der yn prinsipe wol foar, salang't sa'n beslissing mar breed droegen wurdt. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 jan 2013, 19.12 (CET)
Ast net mear sjen kinst wêr't de namme wei komt bin ik tsjin. Oars moat der nei in boarne (bûten de Wikipedy) ferwiist wurde. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 24 jan 2013, 20.34 (CET)
foar, mar it is foar my net in halssaak --Geoffrey (talk) 24 jan 2013, 20.50 (CET)
It is konsekwint. Drewes (talk) 25 jan 2013, 17.59 (CET)
Dreech, dreech, dreech. Drewes hat gelyk: wy moatte konsekwint wêze. Ik kin my ek wol fine yn de miening fan Kening Aldgilles. Ik soe yn it artikel dan wol de Ingelske namme der ek by sette. MeinRei (talk) 25 jan 2013, 18.07 (CET)
Ik bin der wol foar en ja hear dêr komt de mar. Mar der moat altiten in Ingelske redirekt nei ferwize en yn de earste rigel soe ik begjinne met de útspraak fan de stam sels. Dus fet de útspraak - wêr mooglik - fan de stam sels, dêrnei (Frysk dat en dat) (Ingelsk dat en dat).Yn 'e Wâlden (talk) 6 feb 2013, 19.42 (CET)
No, dan tink ik dat wy sa wol in kwoarum hawwe. Der liket brede stipe te wêzen om op 'e ynsleine wei fierder te gean (d.w.s. mei it ferfryskjen fan 'e nammen fan Yndiaanske folken), dus dat dogge we. Sij it fansels mei dúdlike trochferwizings en it neamen fan lânseigen en Ingelske nammen boppe-oan yn 'e artikels, sa't Yn 'e Wâlden mei rjocht oanstippet. Ieneach fan 'e Esk (talk) 15 feb 2013, 18.56 (CET)