Pieter van Althuis
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Pieter Sikke van Althuis | ||
Pieter van Althuis tidens de PC 2012 | ||
Namme | Pieter Sikke van Althuis | |
Bertedatum | 25 oktober 1983 | |
Berteplak | Peins | |
Sportive ynfo | ||
Sport | Keatsen | |
Funksje | foar-bêstopslagger | |
Earste titel | Manlju Haadklasse útnûging Boalsert 2010 | |
PC | PC 2009 - PC 2010 - PC 2011 - PC 2012 | |
Ekstra | 2de op de PC 2010 |
Pieter van Althuis (Peins, 25 oktober 1983) is in keatser út Frjentsjer. Sûnt 2011 keatst er yn de Haadklasse fan it KNKB.
Van Althuis waard yn 2010 twadde op de PC dy't benammen kenmerkt waard troch de rein dy't der dy dei foel. Van Althuis begûn mei keatsen by Keatsferiening Pieter Jellema yn Peins. Hy waard dêr yn syn jonge jierren treend troch Durk Gjaltema. Yn 1998 waard er mei Peins 5de op de Freule yn Wommels. Op de Bûnspartij fan 2002 waard Van Althuis 6de mei Peins.
Pieter van Althuis stiet op it fjild foaral bekend om syn oansteklike entûsjasme.
Yn it deistige libben is Pieter van Althuis dosint gymnastyk op de CSG Annamaria van Schurman skoalle yn Frjentsjer.