Springe nei ynhâld

Majlinda Kelmendi

Ut Wikipedy
Majlinda Kelmendi
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Majlinda Kelmendi
nasjonaliteit Kosovaarsk
Albaneesk
bertedatum 9 maaie 1991
berteplak Peć
etnisiteit Albaneesk
gewicht <52 kg
sportive ynformaasje
sport judo
O.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020 (2021)
debút 2009
karriêre-ein 2023
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2016
2x goud WK 2013, 2014
1x brûns WK 2019
4x goud EK 2014, 2016, 2017, 2019
1x brûns WK 2013

Majlinda Kelmendi (Peć (Kosovo), 9 maaie 1991) is in earder Kosovaarsk judoka fan etnysk Albaneesk komôf. Hja wûn de judotitel by de froulju ûnder de 52 kg op 'e Jeropeeske kampioenskippen fan 2014, 2016 en 2017, op 'e wrâldkampioenskippen fan 2013 en 2014 en op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro fan 2016. Yn 2014 stie Kelmendi boppe-oan 'e frouljusranglist fan 'e Ynternasjonale Judo Federaasje (IJF), en op 7 augustus 2016 wûn se as earste Kosovaarske dielnimmer in Olympyske medalje. Behalven de Kosovaarske hat Kelmendi ek de Albaneeske nasjonaliteit.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kelmendi waard yn 1991 berne yn it Kosovaarske Peć (Servysk) of Peja (Albaneesk), as de dochter fan yllegale ymmigranten út Albaanje. Yn 1999 sette se yn har berteplak útein mei in judokarriêre, dy't se foar it earst bekroande op it wrâldjunioarekampioenskip fan 2009 yn Parys, dêr't se in goudene medalje helle. Yn 2010 waard se fyfde op it wrâldjunioarekampioenskip yn Marokko en njoggende yn 'e kategory ûnder de 52 kg op it wrâldkampioenskip judo yn Tokio. Yn 2012 kaam Kelmendi op 'e Olympyske Spullen fan Londen út foar Albaanje, om't Kosovo doe troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) noch net talitten waard. Yn Londen slagge it har lykwols net om in poadiumplak te besetten. Se wûn yn 'e earste omgong fan 'e Finse Jaana Sundberg, mar ferlear doe yn 'e twadde omgong fan Chistianne Legentil, in Mauritsiaanse.

Op it Jeropeesk kampioenskip fan 2013, yn Boedapest, wûn Kelmendi in brûnzene medalje, en datselde jiers fersloech se op it wrâldkampioenskip yn Rio de Janeiro yn 'e finale de Brazyljaanse Erika Miranda, wêrmei't se de goudene medalje wûn. Yn 2014 ferlingde Kelmendi har wrâldtitel op it kampioenskip yn it Russyske Tsjeljabinsk, wylst se dat jiers ek de Jeropeeske titel wist te winnen op it kampioenskip yn it Frânske Montpellier. Dat jiers klom Kelmendi op ta it earste plak op 'e prestizjeuze frouljusranglist fan 'e Ynternasjonale Judo Federaasje (IJF). Ek yn 2014 ûntfong se út 'e hannen fan presidinte Atifete Jahjaga fan Kosovo de nasjonale Presidinsjele Medalje fan Fertsjinste.

Om't se yn 2015 útskeakele wie troch in blessuere, ferlear se doe beide titels, mar yn 2016 wûn se yn Kazan op 'e nij it Jeropeesk kampioenskip, dat se in jier letter yn Warsjau prolongearre. Letter dat jier kaam se foar har heitelân Kosovo út op 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro. By yntocht fan 'e atleten ûnder de iepeningsseremoanje fan 'e Spullen fan Rio, op 5 augustus 2016, droech Kelmendi de flagge fan Kosovo. Dat wie de earste kears dat Kosovo oan 'e Spullen meidwaan mocht. Op 6 augustus besoarge Kelmendi har lân de earste Olympyske medalje, doe't se it earste plak wûn yn 'e judokompetysje foar froulju ûnder de 52 kg.

Yn 2019 wûn Kelmendi op it WK yn Tokio de brûnzen medalje yn har kategory. Op 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, dy't yn 2021 yn Tokio holden waarden, wie Kelmendi by de iepeninsseremoanje ien fan 'e beide flaggedragers fan 'e Kosovaarske ploech. Hja naam diel oan it judo foar froulju ûnder de 52 kg, mar waard teloarstellend al yn 'e earste omgong útskeakele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: (in) Majlinda Kelmendi.