Kazan (stêd)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kazan (stêd)
KAZ Collage 2015.png
Flagge Wapen
Flag of Kazan.svg Coat of Arms of Kazan (Tatarstan).svg
Sifers
Ynwennertal 1.143.535 (2010)
Oerflak 425,3 km²
Befolkingstichtens 2.689 / km²
Hichte 116 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Steat Flag of Tatarstan.svg Tartarije
Distrikt Wolga
Oar
Stifting 1005, 1391 (stedsstatus)
Tiidsône UTC+3
Simmertiid UTC+4
Koördinaten
Webside www.kzn.ru

Kazan (Russysk: Казань, Tataarsk: Qazan of Казан) is in grutte stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân oan de iggen fan de Wolga, haadstêd fan de autonome republyk Tatarije.

Kazan is in drok hannelssintrum op de grins fan Jeropa en Azië, mei in ryk kultureel libben, dat ferlike wurde kin mei dat fan Moskou en Sint-Petersboarch. Sûnt 1801 is Kazan in universiteitsstêd en sûnt 2005 hat de stêd ien fan de grutste moskeeën fan Jeropa; de Qolşärifmoskee. Yn 2005 fierde Kazan syn tûzenjierrich bestean.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan de namme Kazan is net wis. De letterlike fertaling fan it Tataarske wurd qazan is "itensiederspot", mar soe ek ôflaat wêze kinne fan it wurd qazğan, dat "útdold" of "groppe" betsjut.

In qazan wie oarspronklik in soarte fan panne dy't wol wat fan in wok hie. De namme Qazan soe sa te meitsjen hawwe kinne mei de lizzing fan de stêd yn in delling dy't de foarm fan in qazan-panne hat. Teffens giet it romantysker ferhaal fan de Tataarske prinsesse Söyembikä, dy't by it ôfwaskjen in gouden qazan yn de rivier falle litten hawwe soe, op it plak fan de stêd fan no.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking fan Kazan sûnt 1800

De stêdekloft Kazan hat in befolking fan 1,57 miljoen.

Jier Befolking
1550 50,000
1557 7,000
1800 40,000
1830 43,900
1839 51,600
1859 60,600
1862 63,100
1883 140,000
1897 130,000
1917 206,600
1926 179,000
1939 398,000
1959 667,000
1979 989,000
1989 1,094,378 (folkstelling)
1997 1,076,000
2000 1,089,500
2002 1,105,289 (folkstelling)
2008 1,120,200
2009 1,130,717
2010 1,143,535 (folkstelling)

Stedsdistrikten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedsdistrikten fan Kazan

Kazan is ferdield yn sân distrikten:

Nûmer Distrikt Befolking (2010) Oerflak (km²)
1 Aviastroitelny 111.405 38,91
2 Vakhitovsky 86.202 25,82
3 Kirovsky 109.125 108,79
4 Moskovsky 130.537 38,81
5 Novo-Savinovsky 202.997 20,66
6 Privolsjsky 227.755 115,77
7 Sovetsky 275.514 167,00

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedssilhûet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kazan cityscape.jpg Kazanka right bank Both banks of Kazanka

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. N. Lobatsjevski/ Famous people / Officiële website van de stad Kazan