Kûl Sjarif-moskee

Ut Wikipedy
Kûl Sjarif-moskee

(ru) Кул-Шариф

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
autonome republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
bysûnderheden
type bouwurk moskee
boujier 1996-2005
offisjele webside
kazan-kremlin.ru

De Kûl Sjarif-moskee (Russysk: Кул-Шариф, Kûl Sjarif, Tataarsk: Колшәриф мәчете, Qolşärif mäçete) in in moskee yn Kazan, Ruslân. It is ien fan de grutste moskeeën fan de Russyske Federaasje. De moskee waard ferneamd nei Kûl Sjarif, de lêste imaam fan Kazan fan foar de Russyske oermastering fan de stêd. Mei de oanbuorjende Ferkundigingskatedraal stiet de moskee symboal foar it fredige tegearre libjen fan de islamityske en otterdokse befolking fan Tatarstan.

De moskee waard yn opdracht fan president Mintimer Sjajmiejev boud yn it kremlyn fan Kazan en moat in monumint wêze ta neitins fan de fallen Tataren by de oermastering fan Kazan troch Ruslân yn 1552. It wurk oan de nije moskee sette yn 1996 útein en op 24 july 2005 waard de moskee yn gebrûk nommen.

Tichteby de tsjintwurdige lokaasje fan de moskee stie yn de 16e iuw de haadmoskee fan it Kazaner kanaat. Fan de acht minaretten dy't dy moskee hie, waarden by de rekonstruksje yn moderne foarmen fjouwer oernommen. De histoaryske haadmoskee waard yn 1552 by de oermastering ferneatige. In pear boudielen binne nei alle gedachten yn de yn 1555 útein sette bou fan de Basiliuskatedraal fan Moskou werbrûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kul-Scharif-Moschee