Ferkundigingskatedraal (Kazan)
Ferkundigingskatedraal
Благовещенский собор | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
republyk | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 55° 47' N 49° 06' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | katedraal | |
boujier | 1555-1562 útwreiding 1841-1843 restauraasje 1996-2005 | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 1610053018 | |
offisjele webside | ||
abalak-monastery.cerkov.ru |
De Ferkundigingskatedraal (Russysk: Благовещенский собор; Blagovetsjeski sobor) is in russyske-otterdokse yn it kremlyn fan Kazan, Ruslân. Yn de arsjitektatuer fan de katedraal wurde eleminten út de bouskoallen fan Pskov, Moskou, Vladimir en de Oekraïne ferienige. It is de âldste tsjerke fan Kazan.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei de bou fan in earste Ferkundigingstsjerke waard yn opdracht fan Ivan IV op 4 oktober 1552 útein set. Dat gyng om in houten gebou dat wijd waard oan de ferkundiging fan de Heare. Al yn de jierren 1555-1562 waard in tsjerke fan wite stien mei fiif koepels en trije apsissen boud. Yn de 17e iuw waard in fiif ferdjippings tellende toer tafoege. De oarspronklik helmfoarmige koepels op de hoeken waarden yn de 18e iuw ferfongen troch sipelfoarmige koepels.
Nei de grutte brân yn 1815 waard de katedraal yn de jierren 1817-1821 fernijd. Letter, yn 1841, waarden neffens in ûntwerp fan F.I. Petond twa apsissen en in foarse refter oanboud. It duorre oant yn de twadde helte fan de 19e iuw dat it ynterieur beskildere waard troch N.L. Safonov.
Oant 1918 wie de katedraal de haadkatedraal fan it bisdom Kazan. It belangrykse relikwy fan de katedraal wie iuwenlang de skryn fan biskop Goeri, de earste biskop fan Kazan. Yn 1841 ûntdieken se by wurksumheden de sel fan de biskop dêr't er altiten yn iensumens hinne gyng te bidden. Foar lange tiid wie de sel foar pylgers in belangrike bestimming.
Sovjet-Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn septimber 1918 rekke de katedraal by gefjochten om it kremlyn skeind. Gjin koepel waard by de besjittings sparre en foar in hiele tiid moast de tsjerke it sûnder dwaan, oant koart foar de perestrojka by de restauraasje fan 1973-1984 de koepels rekonstruearre woarden. Fuort nei de ynname fan it kremlyn troch de bolsjewiken waard it kremlyn sletten foar publyk en as militêr terrein ornearre. Alle sân kremlyntsjerken waarden sletten en de biskop ferhûze nei it Jehannes de Doperkleaster fan Kazan. It waard allinne tastien de skryn fan Sint-Goeri en in pear ikoanen út de âlde katedraal mei te nimmen. As ferfanger fan de âlde katedraal tsjinne de Kazankatedraal fan it Bogoroditski-kleaster. De meast weardefolle saken lykas ikoanen, manuskripten, liturgysk reau waarden yn beslach nommen en fan in soad guod is ûnbekend wêr't se úteinliks bedarre binne. Fan de âlde ikonostaze binne mar trije ikoanen bewarre bleaun (Keunstmuseum fan Kazan). Yn 1920 mochten de revationisten de katedraal brûke, mar yn 1925 folge in nije sluting. Yn de jierren 1920 folge de ôfbraak fan de klokketoer. Fanwegen it tekoart oan boumaterjaal wie al tastimming jûn om in begjin te meitsjen mei de ôfbraak fan de katedraal, lykas in soad oare tsjerken yn en om Kazan. De treppen en de galerij waarden sloopt, mar de katedraal bleau bewarre en yn de jierren 1930 waarden de argiven yn de eardere katedraal ûnderbrocht. Dêrfoar waarden houten ferdjippings yn it gebou oanbrocht. De benedentsjerke, dêr't de biskoppen fan Kazan begroeven leine, wie in opslach fan griente.
Yn de jierren 1977-1984 folge in restauraasje fan de bûtenkant fan it bouwurk, wêrby't de tsjerke werom brocht waard nei de foarm fan 1841. De katedraal krige wer koepels en de sintrale koepel waard fergulde. It sintrale diel mei de trije apsissen en seis pylders (fjouwer yn de tsjerke en twa yn de alterromte) dy't 12 bôgen ferbine binne noch 16e iuwsk. Ek binne der noch fragminten fan 16e iuwske fresko's bewarre bleaun.
Restauraasje en weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In lêste grutte restauraasje waard yn de jierren 1995-2005 útfierd. Sûnt 2000 waard de tsjerke fan binnen beskildere ûnder tafersjoch fan it Ministearje fan Kultuer fan de Russyske Federaasje. In team fan ikoanenskilders út Moskou rekonstruearre de ikoanen fan de ikonostaze fan de katedraal. De restauraasje waard tagelyk foltôge mei de fiering fan it 450-jierrich jubileum fan it bisdom Kazan.
Op 19 july 2005 waard de katedraal op 'e nij ynwijd troch de aartsbiskop Anastasi fan Kazan. De earste godlike liturgy waard troch patriarch Aleksi II op 21 july 2005 opdroegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Благовещенский собор Казанского кремля
|