Springe nei ynhâld

Bogoroditski-kleaster (Kazan)

Ut Wikipedy
Bogoroditski-kleaster fan Kazan

Каза́нский Богоро́дицкий монасты́рь

Lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Kleastergegevens
oprjochting 1579
Ynformaasje bou
boujier gebouwen 19e en 21e iuw
sloopjier jierren 1930
boustyl neoklassisisme
monumintale status Monumint fan lokaal belang
monumintnûmer 1610018000
Webside
Side fan it Bogoroditski-kleaster
Kaart
Bogoroditski-kleaster (Kazan)
Bogoroditski-kleaster

It Bogoroditski-kleaster fan Kazan (Russysk: Казанский Богородицкий монастырь) is in otterdoks kleaster yn Kazan, Ruslân. It eastlik fan it kremlyn lizzende kleaster is it plak dêr't de ikoan fan 'e Mem Gods fan Kazan bewarre wurdt.

Fynst ikoan en stifting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 8 july 1579 fûn it 9 jier âlde famke Matrona in ikoan op it plak, dat har yn in dream oanwiisd waard. Dat en de earste mirakels waarden foar it earst optekene troch in tsjûge fan dy ferhalen, de doedestiidske preester en lettere patriarch Germogen († 1612). De fynst fan 'e mirakuleuze ikoan, noch mar 27 jier nei't Russyske troepen Kazan oermasteren, waard yn dy tiid troch de minsken as in symboalysk barren fan grut belang wurdearre. Noch yn itselde jier waard op it plak fan 'e fynst mei in dekreet fan Ivan de Ferskriklike it Kleaster fan 'e Jongfaam Marije stifte. De earste non fan it kleaster soe neffens de oerlevering Matrona sels west ha, dêr't fierder net in soad fan bekend is.

It kleaster yn it twadde fearn fan 'e 19e iuw.

De ikoan waard yn 1612 troch de troepen fan Minin en Pozjarski foar de kampanje nei Moskou meinommen. Nei de kampanje waard de orizjinele ikoan werom brocht nei it Bogoroditski-kleaster fan Kazan, ek al wolle guon Moskoviten ha dat de kopy yn 'e Kazan-katedraal op it Reade Plein de orizjinele wie.

De grutte mannichte pylgers makke fan it kleaster in ferneamd hillichdom fan 'e Midden-Wolga. De herfoarmings fan Katarina de Grutte yn 1764, dy't in yndieling fan 'e Russyske kleasters neffens status brocht, makke fan it kleaster in kleaster fan 'e twadde graad. Yn 1809 waard it Bogoroditski-kleaster by de kleasters fan 'e heechste graad yndield. Stadichoan naam it tal nonnen ta fan mear as 100 yn it begjin fan 'e 19e iuw oant 500 doe't de revolúsje fan 1917 útbriek.

Op 29 juny 1904 waard de ikoan fan 'e Mem Gods fan Kazan út de katedraal stellen, mooglik fanwegen de kostbere list. Sûnt is de ikoan net wer sjoen en mooglik ferneatige.

Sicht op it kleaster út it kremlyn wei (likernôch 1917).

It kleaster wie hektares grut en hearde ta ien fan 'e grutste en moaiste fan 'e Wolga-regio.

De katedraal fan it kleaster, dêr't de ikoan bewarre waard, wie in neoklassisistysk gebou út 1798-1808. De neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Ivan Starov boude katedraal ferfong doedestiids in brekfallige stiennen katedraal út de jierren 1590. De ôfmjittings fan 'e fiifkoepelige katedraal wiene 49 meter by 43 meter mei in hichte fan 44 meter. Oan alle kanten fan 'e katedraal (útsein oan 'e alterside) hie de katedraal portiko's mei pylders.

Noardlik fan 'e katedraal stie de Sint-Nikolaastsjerke út 1810-1816 en súdlik dêrfan de Krúsferheffingstsjerke út 1820-1840; beide gebouwen wiene ek yn neoklassisistyske styl boud.

Njonken dy gebouwen stie der ek noch in 55 meter hege klokketoer, ien fan 'e heechste klokketuorren fan Kazan, en de lytse poartetsjerke, de Sofiatsjerk. Sawol de klokketoer as de Sofiatsjerke datearren út it midden fan 'e 17e iuw.

Kleaster nei 1917

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn de jierren 1930 ferneatige katedraal en klokketoer.

Nei it sluten de tsjerken fan it kremlyn fan Kazan yn septimber 1918 waarden de belangrykste hillichdommen fan it bisdom oerbrocht nei it Bogoroditski-kleaster: de reliken fan 'e hilligen Gûri en Varsonofi.

Alhoewol't it kleaster opheft waard, bleau der noch oan yn 'e jierren 1920 in offisjeel registrearre otterdokse mienskip wurkjen. Yn 1931 kaam ek dêr in ein oan en waarden de measte kleastergebouwen ferneatige. Sûnt 1942 besette in tabaksfabryk it eardere kleasterterrein en op it westlike diel fan it fernielde kleasterkompleks waarden letter flats fan fiif ferdjippings boud. De Krúsferheffingstsjerke waard brûkt troch de filologyske fakulteit fan it Pedagogysk Ynstitút fan Kazan (tsjintwurdich de universiteit).

De rekonstruksje fan it kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Opgravings yn 2016 op de lokaasje fan de noch te rekonstruëarjen katedraal.

Yn 1994 waard de Sofiatsjerke weromjûn oan 'e otterdokse mienskip en yn 'e jierren 2004-2005 folge de weromjefte en de restauraasje fan 'e grutte Krúsferheffingstsjerke. Pariarch Aleksi II droech op 21 july 2005 de saneamde Fatikaan-ikoan fan 'e Mem Gods fan Kazan oan it bisdom oer, in ikoan út likernôch 1730 en net needsaaklik in eksakte kopy fan it oarspronlike ikoan. Dy ikoan dûkte yn 'e jierren 1970 yn in keunsthannel yn it Westen op en kaam oer in omwei yn it Fatikaan telâne. Paus Jehannes Paulus joech de ikoan yn 2004 oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en dy ikoan krige in plak yn de Krúsferheffingstsjerke en wurdt tige fereare troch pylgers.

De krúsferheffingstsjerke mei op de foargrûn de opgravings fan 'e âlde katedraal; hielendal rjochts de Sofiatsjerke (ôfbyld 2016).

Sûnt 2005 is it kleaster wer in aktyf kleaster, mar ynstee fan nonnen wenje der tsjintwurdich muontsen. De tabaksfabryk út de tiid fan 'e Sovjet-Uny ferdwûn fan it kleasterterrein en der waarden opgravings útfierd. By de opgravings waarden resten fan nonnen werom fûn, dy't op 12 oktober 2019 op 'e nij begroeven binne op it kleastertsjerkhôf.

Op 4 novimber 2015, op de dei fan it feest fan de Ikoan fan de Mem Gods fan Kazan, ûndertekene de presidint fan Tatarstan, Rûstam Minnichanov, it dekreet om de stifting fan 'e Bulgaarske Islamityske Akademy en de weropbou fan de Kazankatedraal te beoarderjen. Op 2 april 2016 waard op it plak fan 'e ferneatige katedraal útein set mei argeologysk ûndersyk en op 21 july fan dat jier wijde patriarch Kirill de boulokaasje en de earste stien foar de nije katedraal, dy't yn 2021 foltôge wie en ynwijd waard.

De werboude katedraal.

De weropbou fan 55 meter hege klokketoer dy't eartiids oeral yn Kazan te sjen wie is noch net oan 'e oarder. De reden is dat it fiif ferdjippings tellende Chrûsjtsjov-gebou op it histoaryske plak fan de klokketoer stiet.

Yn 1910 besocht grutfoarstin Elisabeth Feodrovna it kleaster. Hja fersocht ûnder de katedraal in grottsjerke oan te lizzen en te wijen oan 'e berte fan de Jongfaam Marije. De tsjerke waard yn 1913 foltôge en by de opgravings fan 2016 waarden ek de oerbliuwsels fan dy tsjerke weromfûn. Besletten waard ek dy tsjerke te rekonstruearjen. Op 25 febrewaris 2020 waard de grottsjerke ynwijd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Казанский Богородицкий монастырь