Kûzma Minin

Ut Wikipedy
Minin en Pozjarski

Kûzma Minin (Russysk: Кузьма Минин, folsleine namme: Russysk: Кузьма Минич Захарьев Сухорукий, Kûzma Minitsj Zacharev Sûchorûky, berne yn de lettere jierren 1500, ferstoarn op 21 maaie 1616) wie in Russyske keapman út Nizjni Novgorod en waard tegearre mei prins Dmitry Pozjarski in nasjonale held fanwegen it oandiel yn de ferdigening fan Ruslân tsjin de ynfaazje fan Poalen en Litouwen yn de 17e iuw.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan syn jonge jierren is net in soad bekend. Oarspronklik komt er út Balachna, dêr't syn famylje nei alle gedachten yn de sâltwinning wurke. It praat gyng dat er in doopte Tataar wie, dy't foar syn doop Kirisja Minibajev hiet.

Minin docht in berop op de ynwenners fan Nizjni Novgorod (Konstantyn Egorovitsj Makovsky)

Yn 1610 besocht de Poalske kening Sigismund III syn soan Władysław IV op de tsarentroan te setten en yn Ruslân it katolike leauwen yn te fieren. De patriarch fan Moskou Hermogenus of it Trije-ienheidskleaster fan Sergiev Posad stjoerde dêrom in fersyk om it otterdokske leauwen te ferdigenjen en rôp op ta ferset tsjin de Poalsk-Litouwske besetting fan in rige Russyske stêden. Kûzma Minin stipe de oprop yn Nizjni Novgorod en begûn mei it ynsammeljen fan jild en oanhingers. Doe't der genôch jild wie stelde er de foarst Pozjarski út as oanfierder fan it leger. Dy koe him dêr wol yn fine, mar hy stelde wol it betingst dat Minin foar it logistike diel fan de ûndernimming ferantwurding nimme soe.

Al gau diene mear stêden mei en yn it begjin fan april 1612 waard yn Jaroslavl in folksleger ûnder lieding fan Pozjarski en Minin organisearre, dat yn augustus 1612 it Poalske leger ûnder lieding fan hetman Chodkiewicz fersleach. In pear moanne letter moast ek it Poalske garnizoen Moskou opjaan. Yn july 1613 waard Michael Romanov ta tsaar kroand en al in dei letter waard Minin fan 'e adel makke en waard er lid fan de Bojaar-Dûma.

Minin hie it fertrouwen fan de tsaar, itjinge ek die bliken dat er de lieding oer Moskou krige doe't de tsaar op in reis nei it Trije-ienheidskleaster fan Sergiev Posad makke. Minin ferstoar yn de kontreien fan Kazan doe't dêr in opstân ûnder de Tataren wie. Hy waard yn it kremlyn fan Nizjni Novgorod yn de katedraal fan de Aartsingel Michael begroeven.

Mini en Pozjarski wurde mei it 'Minin en Pozjarsky-monumint' op it Reade Plein fuort by de Basiliuskatedraal yn Moskou betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kuzma Minin