Springe nei ynhâld

Trije-ienheid-Sergius Lavra

Ut Wikipedy
Trije-ienheid-Sergius Lavra
Троице-Сергиева лавра
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Sergiev Posad
koördinaten 56° 18' N 38° 07' E
Kleastergegevens
oprjochting 1337
opheffing 1919
weriepening 1946
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 501821313170006
Webside
www.stsl.ru
Kaart
Trije-ienheid-Sergius Lavra (Moskou)
Trije-ienheid-Sergius Lavra
Lokaasje fan it lavra yn 'e oblast Moskou.

It Trije-ienheid-Sergius Lavra (Russysk: Троице-Сергиева лавра; Troits-Sergieva lavra) is ien fan 'e wichtichste religieuze sintra fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Ruslân en in belangryk beafeartsplak foar otterdokse leauwenden. It kleaster leit yn it sintrum fan Sergiev Posad, it eardere Zagorsk, likernôch 70 km. noardeast fan Moskou rjochting Jaroslavl.

Yn in tiid dat Ruslân slim te lijen hie ûnder ynfallen fan Tataren en it Russyske machtssintrum him fan Kiëv nei Moskou ferskode, boude Sergius fan Radonezj, ien fan Ruslân's meast fereare hilligen, yn 'e bosken noardlik fan Moskou in klús. Dêr op 'e Makevetsheuvel boude hy om 1340 hinne in earste houten tsjerke, dy't wijd waard ta eare fan 'e Hillige Trije-ienheid. Muontsen út Moskou foegen harren yn 1345 by Sergius en sa ûntstie it kleaster.

Sergius segenet Dmitri Donskoj foar de Slach by Kûlikovo (Ernst Lissner, 1907).

Op beskate mominten yn 'e midsiuwen spile it kleaster in promininte rol yn it politike libben fan Ruslân. Sergius sette him û.o. yn foar de ienheid fan 'e Russyske foarstedommen en harren oansluting by it Grutfoarstedom Moskou. Yn 1380 joech Sergius grutfoarst Dmitri Donskoj syn segen foar de slach mei de Mongoalen. Sergius foarsei dat de Slach by Kûlikovo einigje soe mei in Russyske oerwinning en dat barde sa ek. It hege oansjen fan Sergius late ta in soad jeften út alle lagen fan 'e befolking en brocht it kleaster grutte wolstân. Seis moannen foar syn dea droech Sergius it bestjoer fan it kleaster oer oan syn favorite learling Nikon. Nei de dea en benammen nei de hillichferklearring fan Sergius waard it kleaster boppedat in wichtich pylgersplak.

Trije-ienheidskatedraal.

Yn 1408 waard it kleaster troch brân ferneatige, doe't in ienheid fan 'e Mongoalske khan Edigu it gebiet plondere. Sergius waard yn 1422 ta patroanhillige fan Ruslân ferheft. Itselde jier waard op it plak fan 'e earste houten tsjerke in earste stiennen katedraal boud troch in groep Servyske muontsen, dy't dêr nei de Slach fan Kosovo hinne flechte wiene. Noch jimmeroan lizze de reliken fan Sergius yn dy katedraal, dy't krekt as de earste houten tsjerke oan 'e Trije-ienheid wijd waard. De bêste ikoaneskilders fan midsiuwsk Ruslân, Andrej Rûbljov en Daniel Tsjorny, krigen de opdracht om de katedraal mei fresko's te beskilderjen. Tradisjoneel waarden yn 'e katedraal de Moskovityske keningsbern doopt en de tanksizzingstsjinsten fierd.

Yn 1476 noege Ivan III boumasters út Pskov út om de Tsjerke fan 'e Hillige Geast te bouwen. Dat bouwurk is ien fan 'e seldsum bewarre foarbylden fan in Russyske tsjerke, dy't mei in klokketoer bekroand is. Yn 'e tsjerke binne dekoraasjes fan glazuere tegels te sjen, in tapassing dy't dêr foar it earst útfierd waard.

De Katedraal fan Marije-Himelfeart.

Al oan it begjin fan 'e 16e iuw besiet it kleaster sa'n soad oansjen, dat ek tsaren en harren famylje as pylgers en om ried nei it kleaster teagen. Yn 1559 waard yn opdracht fan Ivan de Grousume útein set mei de bou fan de Marije-Himelfeartkatedraal. De bou fan 'e op seis pylders rêstende tsjerke naam 26 jier yn beslach. De katedraal is folle grutter as de katedraal yn it kremlyn mei de deselde namme, dy't model stie foar de bou. De ikonostaze út de 16e-18e iuw bewarret in masterwurk fan Simon Usjakov, de ikoan fan it Lêste Nachtmiel. In groep masters út Jaroslavl beskilderen yn 1684 de muorren mei fiolette en blauwe fresko's. By it westlike portaal fan de katedraal leit yn in mausoleum tsaar Boris Godûnov en syn famylje begroeven. De krypt ûnder de katedraal tsjinne as plak dêr't metropoliten en letter patriarchen begroeven waarden.

In oar bekend bouwurk dat yn 'e 16e iuw yn 'e kleastermuorren boud waard, is de yn 1538 boude en yn 1623 ferboude Nikon-tsjerke, dy't oer it grêf fan 'e opfolger fan Sergius, de hillige Nikon, boud waard. Ek waarden yn 'e jierren 1550 de fersterkings om it kleaster fernijd en de houten pallisades ferfongen troch in nije, hast 1300 meter lange stiennen ferdigeningsmuorre mei 11 tuorren.

Mei't it kleaster ien fan 'e rykste lâneigners fan Ruslân waard, kapten de muontsen de bosken om it kleaster hinne. Oan 'e muorren fan it kleaster ûntstie in delsetting (posad), dy't him stadichoan ûntjoech ta de hjoeddeiske stêd Sergiev Posad.

Otterdokske muontsen holpen by de ferdigening tsjin Poalske troepen yn 'e Poalsk-Russyske Kriich
(Sergel Miloradovitsj (1851—1943).
Refektoarium (1686-1692).

De stiennen ferdigeningsmuorre dy't yn 'e jierre 1550 om it kleaster lein waard, spile sechtich jier letter in beslissende rol by de ferdigening fan it kleaster. It kleaster, dat Moskou foar oanfallen fanút it noardeasten beskermje moast, waard yn desimber 1608 troch in Poalsk leger omsingele. De bewenners fan 'e omlizzende doarpen hiene harren huzen en pleatsen yn 'e brân stutsen en sochten taflecht efter de kleastermuorren. De ferhâldings wiene ûngelyk, de ferdigeners wiene minmachtiger en it like der op dat de Poalen in flugge oerwinning wachte. Mar alle oanfallen mislearren om't de seis meter hege en trije meter dikke kleastermuorre ek de artillerybesjittings wist te wjerstean. Ek it dollen fan in tunnel ûnder ien fan de ferdigeningstuorren mei it doel om in gat yn 'e muorre op te blazen mislearre, om't in ploech ferdigeners op kosten fan harren eigen libben in útfal diene en de krûdfoarrie fan 'e fijân eksplodearje liet. It belis duorre 16 moannen en waard op 12 jannewaris 1610 opbrutsen, doe't in leger fan Michael Skopin-Sjoejsky de Poalen twong harren werom te loeken nei Dmitrov. De bewenners fan it kleaster hiene ûnder ekstreme omstannichheden stân holden, mar honger, kjeld en sykten hiene mear libbens easke as alle Poalske oanfallen op it kleaster byinoar.

Tsjerke fan Sint-Jehannes de Doper (1692-1699).

Tanksij in soad jeften koe de oarlochsskea al rillegau ferholpen wurde en waarden de fersterkings fan it kleaster noch better útboud. En mear as dat: de jeften makken it ek mooglik nije bouwurken ta te foegjen, dêr't de measten ek hjoeddedei noch fan steane. Dêrûnder falle û.o. it hospitaal (1635–1638), it refektoarium (1686–1692), de Kapel oer de Marije-Himelfeartsboarne (midden 17e iuw) en de Jehannes de Dopertsjerke (1692–1699).

Oan de ein fan de 17e en it begjin fan de 18e iuw berikte it kleaster troch jeften en skinkings it hichtepunt fan har rykdom. Hast oeral yn it lân besiet it kleaster grûn, doarpen en ûndernimmings. Yn de rin fan de tiid sammele it kleaster ek keunstskatten, wêrûnder kostbere ikoanen en skilderijen út meardere perioades. Ek de keunstwurken út âlde, ferwoastge tsjerken waarden oan it kleaster oerdroegen.

De ûnbidige rykdom fan dy tiid droech ek by oan 'e ûntjouwing fan 'e stêd Sergiev Posad. Njonken de omlizzende plakken ûntstiene foar de muorren ferskate delsettings fan ambachtslju. Ikoaneskilders, houtfikers en lju dy't boartersguod makken wiene foaral oanwêzich; it wurk smiet in soad op want hast alle pylgers namen nei't hja it kleaster besochten wat foar thús mei.

Klokketoer.

It kleaster krige boppedat jimmeroan nauwere bannen mei it tsarehûs. Sa waard it wizânsje dat it haad fan it kleaster ek kroaningen en oare plechtichheden fan 'e steat bywenne en by eltse oarloch gyngen de hearskers foar it begjin fan 'e fjildtocht en dêrnei nei it kleaster op beafeart. Yn 1682 bea it Trije-ienheidskleaster oan 'e takomstige tsaar Peter I, syn healbroer Ivan en suster Sofia taflecht foar de opstannige streltsy. Sân jier letter joegen de kleastermuorren op 'e nij beskerming oan Peter I foar in opstân fan 'e streltsy's, dy't dizze kear stipe waarden troch syn suster Sofia.

Yn 1744 waard it Trijefâldichheidskleaster mei in dekreet fan tsarina Elisabeth mei de earetitel Lavra ûnderskieden, dat yn 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke it kleaster de heechste status jout, in titel dy't mar troch in pear kleasters droegen wurde mei. Sûnt is de folsleine namme "Lavra fan 'e Trije-ienheid en de Hillige Sergius".

Mei in dekreet fan Katarina II út 1764 ferlear it lavra in grut diel fan it grûnbesit, dat oan 'e steat oerdroegen wurde moast. Ynstee dêrfan krige it kleaster foar it ûnderhâld alle jierren in fêst bedrach takind. Yn dy tiid waard ek it arsjitektoanysk ensemble fan it kleaster foltôge. De klokketoer (1741–1770), de Tsjerke fan Smolensk (1748) en de metropolitenapparteminten (1778) datearje út dat tiidrek.

Oan 'e ein fan 'e 19e iuw foarme it lavra it sintrum fan 'e yntusken om it kleaster hinne boude stêd Sergiev Posad en nettsjinsteande de ûnteigening fan 'e grûn hearde it kleaster noch jimmeroan ta de meast fermogende tsjerklike ynstituten fan it Russykse Keizerryk. It kleaster hie boppedat in alles oerhearskjende ynfloed op it ekonomyske en politike libben fan 'e stêd. Gjin inkeld beslút fan belang koe sûnder de meiwurking fan it kleaster ta stân komme. Oan it begjin fan 'e 20e iuw hearde ta it kleaster, dêr't 400 muontsen wurken, in printerij, twa hotels, ferskillende saken en meardere hierhûzen yn Sergiev Posad. Ek joech it kleaster sûnt 1814 plak oan 'e âldste hegeskoalle fan Ruslân, de Moskouse Akademy foar Geastliken.

It lavra yn it begjin fan de 20e iuw.

De revolúsje brocht in ein oan it geastlike libben yn it kleaster, sa't dat ek by oare tsjerken, katedralen en kleasters it gefal wie. Mei yngong fan jannewaris 1918 waarden alle kleasters yn it lân ûnteigene. De muontsen fan it kleaster waarden yn 'e nacht van 2 op 3 novimber 1919 fuortstjoerd en guon moasten sels flechtsje. In diel fan de muontsen fûn ûnderdak yn 'e muorren fan it Tsjernigovsky-skit, dat earder ûnder de jurisdiksje fan it lavra foel. Ek de Akademy foar Geastliken waard mei de nasjonalisaasje fan it kleaster sletten.

De Trije-ienheidskatedraal yn it begjin fan de 20e iuw.

It grut part fan 'e bouwurken fan it kleaster waard troch de bolsjewiken sekularisearre en krige in oare funksje. Bysûndere gebouwen, lykas de Trije-ienheidskatedraal, waard offisjeel in museum. De oerheid liet lykwols in soad gebouwen ferkomme en tsjin 'e ein fan 'e jierren 1930 wie de tastân fan it ûnderhâld fan it kleaster net botte bêst. Pas nei't it lavra yn 1940 de heechste momumintestatus fan it lân krige, koene de gebouwen troch renovaasjes foar fierder ferfal bewarre wurde. Nei de oarloch rekke it anty-religieuze belied fan Stalin de skerpste rânen kwyt en krige de tsjerke yn 1946 tastimming om in diel fan it kleaster wer te brûken. Op it kleastergebiet mocht yn 1948 ek de Akademy foar Geastliken wer útein sette.

It lavra bleau oant 1983 de sit fan it Moskouske Patriargaat. Yn dat jier krige de patriarch tastimming om de sit te ferhûzjen nei it Danilov Kleaster yn Moskou.

Yn 1993 waard it kleaster as earste monumint fan Ruslân op 'e list fan it UNESCO-Wrâlderfgoed opnommen. Net yn it lêste plak wie dat mooglik om't de restauraasjes yn 'e jierren 1940 en 1960 in grut tal kleastergebouwen werom brocht hiene yn 'e oarspronklike steat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Dreifaltigkeitskloster von Sergijew Possad]