Springe nei ynhâld

Madeara

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Madeara (koloanje))
Madeara
Flagge Wapen
Lokaasje yn Portegal
Algemien
Haadstêd Funchal
Oerflakte 801
Befolking 267.785
Befolkingstichtens 308,5
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes
Kaart fan Madeara

Madeara (Portegeesk: Madeira) is in arsjipel yn de Atlantyske Oseaan, ûngefear 700 kilometer westlik fan Afrika en 1000 kilometer súdwestlik fan de Portegeeske kust. De eilannegroep bestiet út it haadeilân, dat ek Madeara hjit, en fierders Porto Santo en de mear nei it suden ta lizzende Ilhas Desertas en de Ilhas Selvagens. De arsjipel heart ta Makaroneezje, dat geografysk sjoen in diel fan Afrika is. Krekt as de fierder nei it noardwesten lizzende Azoaren foarmet Madeara in autonome regio binnen Portegal. De grutste stêd op Madeara en tagelyk de haadstêd fan de autonome regio is Funchal.

It klimaat op Madeara is tige myld (temperatuer leit meastentiids tusken de 16 en 22 °C.) en is fanwege de natoer, in protte bosken en bergen populêr by kuierders en natoerleafhawwers. Omdat de kust benammen út steile rotswannen bestiet en sânstrannen sawat net foarkomme, komt op Madeara gjin massatoerisme foar. De eilannen hawwe in fulkanyske oarsprong. De heechste berch is de Pico Ruivo (1862 m).

De bekendste spesjaliteit fan Madeara is de sterke wyn dy't nei it eilân ferneamd is. Utsein de Madeara wyn is it eilân ek bekend troch de espada; in lange swarte fisk dy't op in protte ferskillende wizen tamakke wurde kin.

Tige karakterisearre foar it eilân binne de protte eksoatyske blommen dy't yn it wyld foarkomme. It eilân wurdt dêrtroch ek wol it blommeneilân neamd. Bûten de Kanaryske Eilannen is Madeara it ienige plak dêr't de kanary yn it wyld foarkomt.

Madeara wurdt skaaimerke troch syn unike netwurk fan yrrigaasjekanalen, de levada's: smelle yrrigaasjekanalen dy't oer it hiele eilân troch de bergen hinne oanlein binne. Troch de steile noardkust, is de kolonisaasje fan it eilân begûn oan de minder steile súdkust, dêr't ek de haadstêd leit. It wetter waard fanút de bergen yn it noarden fia de levada's nei it relatyf skrokke suden brocht. Lâns de levada's waarden eartiids kuierpaden oanlein om't ûnderhâldswurksumheden makliker te meitsjen. Op guon plakken binne dizze paadsjes mar 20 sintimeter breed en rinne tichtby in steile ôfgrûn. Op oare plakken kinne sy wol 2 meter breed wêze. At je goed op de boerden lette en eventuele advizen fan de lokale befolking opfolgje, binne dy paden goed om te kuieren.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madeara is opdield yn de folgjende gemeenten:

Berne op Madezra

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Distrikten fan Portegal Border
Aveiro - Beja - Braga - Bragança - Évora - Faro - Guarda - Leiria - Lisboa - Portalegre - Porto - Santarém - Setúbal - Viana do Castelo - Vila Real - Viseu
Autonome regio's:
Azoaren - Madeara
· · Berjocht bewurkje
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje