Lynda Kinkade

Ut Wikipedy
Lynda Kinkade
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Australysk
berne ±1983
berteplak Sydney? (Nij-Súd-Wales)
etnisiteit Angelsaksysk Australysk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, nijslêzeresse,
ferslachjouster, produsinte
medium tillefyzje
wurksum by CNN
bekend fan CNN Newsroom
International Desk
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
Lynda Kinkade op Twitter

Lynda Kinkade (Sydney?, ±1983) is in Australysk sjoernaliste, nijslêzeresse, ferslachjouster en tillefyzjeprodusinte, dy't fanôf 2014 by de nijsstjoerder CNN International wurket. Dêr docht se de presintaasje fan it programma CNN Newsroom en yn 'e wykeinen ek fan International Desk.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kinkade studearre kommunikaasjekunde en sjoernalistyk oan 'e Technyske Universiteit fan Sydney, en behelle dêr yn 2003 in bachelorstitel yn. Under har stúdzje wurke se earst yn 'e wykeinen as stazjêre by Network Ten, in pleatslike stjoerder yn Sydney, wylst se teffens bydragen levere oan ferskate kranten. Under har lêste stúdzjejier wurke Kinkade fan july 2002 oant augustus 2003 by de Australyske tillefyzjestjoerder Seven Network Australia, dêr't se allerhanne putsjes opknapte, mar fral belutsen wie by tariedend wurk.

Nei't se har stúdzje ôfrûne hie, fûn Kinkade yn jannewaris 2004 wurk as ferslachjouster by de regionale tillefyzjestjoerder NBN News, yn Lismore, yn noardlik Nij-Súd-Wales. Yn septimber fan dat jier stapte se oer nei de nasjonale stjoerder Nine Network Australia, yn Melbourne, dêr't se behalven as ferslachjouster ek foar it earst nijslêzeresse wie. Teffens wie se dêr efter de skermen aktyf as produsinte. Yn 2008 kearde se wer werom by har eardere wurkjouwer Seven Network, dêr't se wurksum wie as ferslachjouster en produsinte, foar't se yn 2013 as korrespondinte yn New York kaam te stean.

Yn augustus 2014 ferfear Kinkade nei Atlanta, dêr't se as nijslêzeresse op it CNN-haadkertier kaam te wurkjen. Hja presintearret CNN Newsroom, ien fan 'e wichtichste nijsprogramma's fan 'e stjoerder CNN International, en teffens de wykeinútstjoerings fan International Desk. By útfal fan kollega's is se ek wolris te sjen yn programma's as Newscentre, Around the World en Connect the World. Under de lju dy't Kinkade ynterviewd hat, binne de Australyske premiers John Howard en Kevin Rudd, akteurs Russell Crowe, Cate Blanchett, John Travolta en Sylvester Stallone en de eardere Amerikaanske fise-presidint Al Gore.

Los fan har sjoernalistike karriêre is Kinkade as frijwillichster belutsen by ferskate goede doelen, wêrûnder de USA Brain Tumor Alliance, Heartkids NSW en it Symfony-orkest fan Sydney.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: