Katedraal fan Udine

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Udine

Duomo di Udine

Lokaasje
lân Itaalje
regio Friuli Venezia Giulia
plak Udine
koördinaten 46° 3' N 13° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Udine
Arsjitektuer
boujier 1236-1335
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer
Webside
Side aartsbisdom
Kaart
Katedraal fan Udine (Itaalje)
Katedraal fan Udine

De Domtsjerke fan Udine (Italjaansk: Duomo di Udine, Cattedrale di Santa Maria Annunziata) is in oan Marije wijde katedraal yn Udine yn it noardeasten fan Itaalje. It is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Udine.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan 'e katedraal begûn yn 1236 as in trijeskippich, krúsfoarmich gebou mei sydkapellen. De bou fan 'e tsjerke wie yn 1257 al sa fier eine, dat de tsjerke brûkt wurde koe foar de earetsjinst. Yn 1335 fûn de ynwijing fan 'e tsjerke plak as de Santa Maria Maggiore.

De ierdskodding fan 1348 brocht skea oan it gebou, mar net sa slim dat it gebou net mear brûkt wurde koe foar de earetsjinst. De Fenesjaanske arsjitekt Pierpaolo dalle Masegne waard yn 1368 frege om de katedraal te restaurearjen. Hy fersterke de muorren, fernijde it dak en brocht feroarings oan 'e gevel oan, wêrûnder it ferfangen fan it eartiids grutte roasfinster troch in folle lytserenien fan hjoed-de-dei. Ek de twa roasfinsters fan 'e sydskippen waarden feroare en mei inoar ferbûn troch in dekorative rige fan inoar krusende bline bôgen.

Op fersyk en de kosten fan 'e famylje Manin waard it ynterieur fan 'e tsjerke oan it begjin fan 'e 18e iuw radikaal feroare. It ûntwerp wie ôfkomstich fan 'e arsjitekt Domenico Rossi. De foltôging fan 'e ferbouwing fûn yn 1735 plak en patriarch Daniele Delfino konsekrearre de katedraal doe op 'e nij mei de nije namme Santa Maria Annunziata.

Oan it begjin fan de 20e iuw waard by in restauraasje besocht om de gevel fan 'e katedraal it 14e-iuwske oansjen werom te jaan.

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokketoer.

Noardeastlik fan 'e katedraal stiet de klokketoer, dy't yn 1441 boud waard op in besteande doopkapel. Oarspronklik wie it it doel om de klokketoer like heech te bouwen as de toer fan it kasteel. Boppe de klokketoer fan 'e katedraal moast dan in byld fan Marije komme, sa't it, tegearre mei it byld fan 'e ingel op 'e klokketoer fan it kasteel, it kristlike tema fan 'e Ferkundiging fan de Hear symbolisearje soe. Om't de kasteeltoer op in heuvel stiet, soe dat betsjutte dat de katedraaltoer folle heger wurde moast. Dat lêste wie in riskante ûndernimming, mar benammen brek oan boumaterjaal wie de oarsaak dat it projekt sa net útfierd waard en ûnfoltôge bleau. Yn 'e klokketoer is in museum ûnderbrocht mei keunstwurken, it Museo del Duomo di Udine (Dommuseum fan Udine). De bylden bûten fan Marije en de ingel Gabriel datearje út de twadde helte fan 'e 14e iuw.

Portalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Detail Portale della Redenzione.

It mei heechreliëfs fersierde 14e-iuwske haadportaal, it Portale della Redenzione, is it wurk fan in ûnbekende Dútske master. It oare portaal, de Portale dell'Incoronazion, stamt út 1395-1396. De bylden fan dit portaal binne ek troch in Dútser makke, mar yn de rin fan de tiid troch waar en smoargens slim oantaast. It portaal is fersierd mei bylden fan hilligen, wapens, de Ferkundiging en de Hillige Geast. Op e e argitraaf fan it timpaan binne foarstellings út de bernetiid fan Jezus: de oanbidding fan 'e Wizen en Herodus, dy't opdracht jout foar de bernemoard. Yn it timpaan is de foarstelling oanbrocht dy't de namme oan it portaal joech: de kroaning fan 'e Jongfaam yn 'e himel.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst it eksterieur romaansk-goatysk is, fertsjintwurdiget it trijeskippige ynterieur foar it measte de barok. Yn 'e tsjerke binne in soad keunstwurken fan ferneamde keunstners: Maffeo Verona, Giovanni Battista Tiepolo, Pomponio Amalteo en Ludovico Dorigny. De skilder Pellegrino da San Daniele tekene foar it alterstik fan Sint-Joazef en de doarren fan it oargel.

It heechalter yn it koer toant mei de grutte bylden fan Giuseppe Torretto in foarstelling fan 'e Ferkundiging. Under it alterblêd is in lizzend byld fan in slim ferwûne patriarch Bertrando te sjen, dy't op 6 juny 1350 yn 'e âldens fan 90 jier op in reis nei Udine by Spilimbergo fermoarde waard.

It alter lofts fan it haadalter is wijd oan 'e namme fan Jezus, it alter rjochts fan it haadalter oan 'e namme fan Marije. De alters binne makke troch de barokke keunstner Giuseppe Pozzo.

Efter it heechalter rint in trep nei de krypte, dêr't de grêven binne fan aartsbiskop Alfredo Battisti en biskop Lucio.

Oan beide sydskippen binne fjouwer kapellen tafoege, dy't nei inoar ta iepen binne:

Sint-Markuskapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alterstik fan de Markuskapel.

De earste kapel oan 'e lofter kant is wijd oan 'e evangelist Markus. De kapel waard tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw boud, mar feroare en rekonstruearre yn 1720 troch Giorgio Massari en út dy tiid datearret de barokke dekoraasje. It alterskilderij mei in foarstelling fan Markus, Jehannes de Doper, Stefanus en oare hilligen is ien fan 'e wichtichste wurken fan 'e renêssânseskilder Giovanni Martini. It skilderij stamt noch út de earste kapel en waard makke yn 1501.

Skryn fan patriarch Bertram fan Sint-Genesius.
Kapellen.

Sint-Joazefkapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twadde kapel oan 'e lofter kant waard yn 1500 boud yn opdracht fan 'e stedsried as in ûnthjit oan Joazef om sa beskerming tsjin de ynfallen fan 'e Turken ôf te smeken, dy't in jier earder Friuli hiene ferneatige. It alterstik fan Jozef mei it bern Jezus is it wurk fan Pellegrino da San Daniele. De tawijde man lofts fan 'e sintrale foarstelling soe it portret wêze fan 'e skilder sels. Troch restauraasjes troch de jierren hinne is it skilderij net hielendal orizjineel mear. Under it alter is de skryn fan 'e sillich ferklearre Bertram fan Sint-Genesius, de patriarch fan it eartiidske patriarchaat Aquileja (1077–1400).

Kapel fan Us-Leaffrouwe fan de Foarsjennichheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it plak fan it alterstik hinget in ôfbyld fan 'e Madonna fan e Godlike Foarsjennichheid, in kopy fan 'e ikoan dat fereare wurdt yn 'e Santa Maria Maggiore yn Rome en bekend stiet ûnder de namme Salus populi Romani. It waard op fersyk fan 'e bruorskip fan 'e kleanmakkers op 8 septimber 1789 oanbrocht.

Kapel fan de Reliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It alter fan 'e Kapel fan 'e Reliken (Cappella delle reliquie) is it wurk fan de arsjitekt Francesco Riccatti. It alter is fersierd mei skilderijen fan Fred Pittino fan Theresia fan Lisieux (lofts), in Hillich Hertfoarstelling fan Jezus (midden) en de lokaal fereare en yn 'e 19e iuw sillich ferklearre non Elena Valentinis. Under de altertafel leit yn in glêzen kist it lichem fan Elena Valentinus. It masker oer it gesicht en de hannen is it wurk fan 'e byldhouwer Max Piccini. Fierder binne der yn 'e kapel fresko's fan Pietro Antonio Novelli.

Kapel fan de Hillige Trije-ienheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kapel fan 'e Hillige Trije-ienheid (Cappella della Santissima Trinità) is by it yngean fan 'e katedraal de earste kapel oan 'e rjochter kant. It troch Francesco en Simone Perioto boude alter hat in alterstik út 1738 fan Giambattista Tiepolo (1696-1770), dat de Trije-ienheid fertsjintwurdiget.

Kapel fan de Hermagoras en Fortunatus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alter fan de Cappella dei Santi Ermacora e Fortunato.

Patriarch Daniele Dolfin joech op eigen kosten opdracht ta de bou fan 'e Cappella dei Santi Ermacora e Fortunato en fertroude de bou ta oan Francesco en Simone Perioto. It alterstuk is in wurk (1736) fan Giovambattista Tiepolo en stelt de hilligen Hermagoras en Fortunatus foar, dy't om 304 hinne de martlersdea stoaren yn Singidunum (it hjoeddeiske Belgrado). Harren reliken kamen om likernôch 400 nei Aquileia. De twa wiene de patroanhilligen fan it patriarchaat Aquileia.

Eastachius en Jehannes de Doperkapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik stie de oan Eastachius en Jehannes de Doper wijde kapel by it preesterkoer. De kapel ferhûze mei de 18e iuwske renovaasje nei it tsjintwurdige plak. Op it alterstik wurdt Jehannes de Doper ôfbylde mei in knibbeljende Eustachius en efter him in hert mei in krúsbyld tusken de hoarnen. It skilderij is it wurk fan Francesco Salvatore Fontebasso.

Freskodetail Sakramintskapel.

Kapel fan it Hillich Sakramint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fresko's yn 'e Cappella del Santissimo Sacramento waarden útfierd troch de Feneesjaanske skilder Giambattista Tiepolo yn 1726. De skilder brocht yn in dekor fan ingels lofts it offerjen fan Izaäk oan en rjochts it ferkinen fan de ingel oan Abraham. Oan 'e muorren hingje panelen fan Pomponio Amalteo mei de suvering fan de timpel troch Kristus, dy't eartiids as de doarren fan it noardlike oargel tsjinnen.

Sakristy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjintwurdige sakristy bestiet út trije keamers en is ryk fersierd mei 18e-iuwske fresko's.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Cattedrale di Udine