Springe nei ynhâld

Santa Maria Maggiore

Ut Wikipedy
Hillige Marije de Meardere

Santa Maria Maggiore

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
plak Rome
adres Piazza di S. Maria Maggiore
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier fanôf 432
arsjitekt Ferdinando Fuga, Domenico Fontana, Arnolfo di Cambio, Giacomo della Porta
boustyl Romaanske en barokke arsjitektuer
offisjele webside
Side fan de Santa Maria Maggiore

De Santa Maria Maggiore (Hillige Marije de Meardere), ek Santa Maria della Neve, Basilica Liberiana of Maria ad Praesipe is ien fan de fjouwer pauslike basiliken yn Rome. De fanwegen de mozaïeken ferneamde tsjerke is yn rang in basilica maior en ien fan de sân pylgertsjerken.

De basilyk stiet yn it sintrum fan Rome oan it Piazza di S. Maria Maggiore net fier fan it Roma Termini-stasjon op it eks-territoariale gebiet fan it Fatikaan. it is de iennige fan de grutte basiliken wêrfan't de orizjinele struktuer noch yntakt is.

Grûnplan

Neffens de leginde liet paus Liberius de tsjerke bouwe nei't yn de nacht fan 4 op 5 augustus 358 yn in dream Marije oan de eigner fan de grûn ferskynde. Hja droech him op om in tsjerke te bouwen op in plak dêr't de deis derop snie falle soe. De oare deis foel der midden yn 'e simmer snie op it heechste plak fan de Esquilyn-heuvel en noch deselde dei tekene paus Liberius it grûnplan fan de noch te bouwen tsjerke. Hjoeddedei wurdt it mirakel noch alle jierren op 5 maaie betocht troch yn in misse wite blombledsjes út it kassettenplafond del dwarrelje te litten. Dêrom wurdt de tsjerke ek wol Basilica Liberiana (Liberiusbasiliek) of Santa Maria della Neve (Us-Leaffrouwe fan de Snie) neamd. In oare namme foar de basilyk is de Maria ad Praesipe (Marije foar de Krêbe).

Ynterieur

De earste tsjerke waard ûnder paus Sikstus III yn 432 boud, dy't it middenskip en de apsis mei mozaïeken fersiere liet. De wijing fan de tsjerke oan Marije fûn koart nei it Konsylje fan Efeze plak, dat de jongfaam as de Mem fan God útrôp. Alhoewol't de tsjerke yn de rin fan de tiid faak ferboud waard, bygelyks nei de ierdskodding fan 1348, bleau it oarspronklike grûnplan fan it gebou yntakt. Binnen is it konsept fan in romeinske basilyk noch dúdlik te werkennen troch de lange rjochthoekige hal, dy't troch rigen pylders mei ionyske kapitelen yn in middenskip en twa smellere sydskippen ferdield wurdt en ôfsletten wurdt mei in apsis.

De klokketoer stamt út 1377. De toer waard yn de 15e iuw ferhege mei in ferdjipping. Mei 75 meter is it de heechste klokketoer fan Rome.

Yn de 17e iw waarden oan wjerskanten fan de tsjerke kapellen oanboud.

Paus Benediktus XIV joech yn 1743 opdracht oan Ferdinando Fugo ta it bouwen fan in nije gevel, dy't it risseltaal foar in âlde basilyk lykwols wat al te frivoal fûn. Resten fan de âlde gevel en in 13e-iuwsk mozaïek fan de leginde binne te sjen efter it balkon yn de gevel. Yn it skip binne op 36 fjilden foarstellings te sjen fan ferhalen út it Alde Testamint.

Lofts fan de haadyngong is de Hillige Doar. Mei in jubeljier wurdt de doar iepene.

5e-iuwske mozaïeken koerbôge

De Santa Maria Maggiore is ferneamd fanwegen de mozaïeken dy't paus Sikstus III (432-440) oanbringe liet yn de tsjerke. Bewarre binne de fresko's oan de triomfbôge mei foarstellings út de bernetiid fan Jezus. De âlde apsis hie soartgelikense mozaïeken, mar waard tsjin it ein fan de 13e iuw ferfongen troch in nije apsis, dy't yn 1295 fersierd waard mei mozaïeken fan Jacopo Torriti. Ek hjoeddedei siere dy mozaïeken de apsis. Se stelle de kroaning fan Marije troch Jezus foar. Ek de mozaïeken fan it middenskip boppe de architraaf binne 5e-iuwsk. Se bringe op de 36 fjilden tusken de pilasters ferhalen út it Alde Testamint yn byld.

De twa grutte kapellen oan wjerskanten fan it haadalter ferfange in oarspronklik net oanwêzich transept. De Cappella Paolina (of Cappella Borghese) ûnstie yn de tiid fan de Borghese-paus Paulus V om it ikoan fan de Salus Populi Romani (beskermer fan it romeinske folk) yn ûnder te bringen, dat neffens de tradysje troch de evangelist Lukas makke wêze soe. De tige ryk dekorearre kapel is ek it lêste rêstplak fan paus Paulus V.

Krêbe-relikwarium

De Capella Sistina (Sikstynske kapel; net te betiizgjen mei de Sikstynske kapel fan it Apostoalysk Paleis yn Fatikaanstêd) oan de oare kant fan it alter datearret fan 1585 en waard troch Domenico Fontana yn opdracht fan paus Sikstus V boud. De pausen Sikstus V en Pius V krigen hjir harren lêste rêstplak. It alter yn it sintrum fan de kapel hat de foarm fan fjouwer ingels dy't in siboarium yn de foarm fan de kapel drage.

Njonken de Capella Borghese leit de Cappella Sforza. De kapel is twa jier foar syn dea troch Michelangelo ûntwurpen. De arsjitekt Tiberio Calcagni fierde it plan út, dat it beskôge wurdt as it lêste wurk fan Michelangelo.

De Capelle San Michele is fersierd mei fresko's fan de evangelisten.

Maria ad Praesipe

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Salus Populi Romani

De namme Maria ad Praesipe (Marije foar de Krêbe) draacht de tsjerke fanwegen in de relyk fan de krêbe fan Jezus, dat yn de krypte ûnder it haadalter yn in kostber relikwarium fan Giuseppe Valadier bewarre wurdt. De Sacra Culla (Hillige Widze) kaam nei Rome doe't de Arabieren yn de 7e iuw it Hillige Lân feroveren. Ek is yn de krypte in krystgroep te sjen, dy't oan de 13e iuwske byldhouwer Arnolfo di Cambio taskreaun wurdt. De bylden wiene oarspronklik makke foar in net mear besteande kapel, dêr't yn 1587 de Cappella Sistina boud waard. Foar de Sacra Culla oer is op earbiedige ôfstân in byld fan in knibbeljende paus Pius IX te sjen.

Grêfmonuminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Santa Maria Maggiore binne de grêfmonuminten fan de folgjende pausen te finen:

  • paus Klemens IX (rjochts fan de yngong)
  • paus Nikolaas IV (lofter sydskip, flak by de yngong)
  • paus Pius V (linker muorre fan de Sikstuskapel)
  • paus Sikstus V (rjochter muorre fan de Sikstuskapel)
  • paus Klemens VIII (yn de Cappella Paolina of Cappella Borghese)
  • paus Paulus V (linker muorre Cappella Paolina of de Cappella Borghese)

It grêfmonumint fan paus Honorius III waard by in ferbouwing ferneatige.

Grêfmonumint Klemens VIII

Fierder binne it neamen wurdich:

  • it grêf fan Hieronymus yn de krypte, de 4e iuwske tsjerkfaar dy't de bibel oersette yn it Latynsk (de Fulgata).
  • it grêfmonumint foar kardinaal Rodriguez (oan it ein fan it rjochter sydskip; datearre 1299, makke troch Cosma)
  • it grêfmonumint foar de bruorren De Lévis (Aartsbiskop fan Arles Eustache de Lévis en aartsbiskop fan Auch Philippe de Lévis; rjochter sydskip fuort by de yngong)
  • rjochts efter it pausalter it ienfâldige grêf fan Gian Lorenzo Bernini.
  • yn de krypte binne ferskate leden fan de famylje Borghese byset.

It grutste oargel fan de meiïnoar fjouwer oargels dy't de tsjerke besit hat 67 registers en waard yn 1955 troch de firma Mascioni boud. It oargel stiet oan beide kanten fan it koer. De spyltafel en it posityfwurk stiet lofts fan it alter yn de krusing

Yn de toer hingje fiif klokken út de 13e, 14e, 16e, en 19e iuw. De âldste en lytste klok waard yn 1239 of 1289 getten.

Under de tsjerke binne opgravings fan in grut bouwurk te sjen. Nei alle gedachten giet it om in gebou út de tiid fan keizer Augustus of keizer Hadrianus. De haadyngong wie ûnder de apsis fan de hjoeddeiske tsjerke. Under keizer Konstantyn waarden twa muorren beskildere mei in agraryske kalinder, dy't letter troch dekoraasje fan moarmer út it sicht rekke. Yn it museum fan de tsjerke (rjochts efteroan) kin ek in diel fan de fynsten besichtige wurde. Ek de opgravings binne te besjen, mar allinne ûnder begelieding.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: