Springe nei ynhâld

Karan Armstrong

Ut Wikipedy
Karan Armstrong
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Karan Armstrong
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 desimber 1941
berteplak Havre (Montana)
stoarn 28 septimber 2021
stjerplak Marbella (Spanje)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
sjenre opera
sjongtaal ferskaat
jierren aktyf 19652016
offisjele webside
Karan Armstrong yn 'e IMDb
Dizze side giet oer de Amerikaanske operasjongster. Foar de Britske publisiste op it mêd fan teology, sjoch: Karen Armstrong.

Karan Armstrong (Havre (Montana), 14 desimber 1941Marbella (Spanje), 28 septimber 2021) wie in Amerikaansk operasjongster fan etnysk Skotsk komôf. Hoewol't se yn 't earstoan foar pianiste learde, ûntpopte se har ta in talintearre sjongster. Armstrong fertolke ûnder har lange wurkpaad withoefolle rollen. Hja sette har karriêre yn 'e 1960-er jierren yn 'e Feriene Steaten útein, mar wie fan 'e 1970-er jierren ôf ek yn Jeropa aktyf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Armstrong waard yn 1941 berne yn Havre, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hja learde oarspronklik foar pianiste, en studearre yn 1963 ôf mei in bachelorstitel yn muzyk oan it Concordia Kolleezje yn Minnesota. Letter learde se fierder ûnder Lotte Lehmann, yn it Kalifornyske Santa Barbara.

Yn 1965 makke Armstrong har debút as operasjongster yn 'e rol fan Musette yn La Bohème, mei in twadderangs selskip út San Francisco. It jiers dêrop fertolke se rol fan Elvira yn L'Italiana in Algeri, mei de San Fransisco Spring Opera. Ek yn 1966 wûn Armstrong de Metropolitan Opera National Council Auditions, mei as gefolch dat se neitiid troch de prestizjeuze Metropolitan Opera fan New York oansocht waard foar ferskate lytse roltsjes. Datoangeande ûndergie se har fjoerdoop op 2 oktober 1966 as ien fan 'e tsjinstfammen yn Die Frau ohne Schatten.

Armstrong bleau aktyf foar de Metropolitan Opera oant mids 1969, doe't se in better kontrakt oanbean krige fan 'e New York City Opera. Har earste rol dêre hie se as de Keninginne fan Chémakhâ yn Le Coq d'Or. Oant en mei 1977 fertolke Armstrong withoefolle rollen foar de New York City Opera. Yn 1974 wurke hja dêrnjonken foar it earst yn Jeropa, dêr't se foar de Opéra du Rhin, út Straatsburch, de rol fan Micaëla yn Carmen spile. Letter wie se ek wurksum yn Feneesje, op it Bayreuth Ferstival yn Dútslân, en yn Berlyn, Wenen en Parys. Yn Londen song se yn Covent Garden, en yn Moskou yn it ferneamde Bolsjoj-teäter.

Armstrong song yn har karriêre ferskate premiêrestikken, wêrûnder Jesu Hochzeit fan Gottfried von Einem (as de Dea), Lou Salomé fan Giuseppe Sinopoli, Un Re in Ascolto fan Luciano Berio, Maître et Marguerite fan York Höller, en Desdemona und Ihre Schwestern fan Siegfried Matthus. Yn 1985 waard Armstrong yn Stuttgart útroppen ta Kammersängerin, en yn 1994 ûntfong hja deselde titel yn Berlyn. Resinte rollen song hja û.m. yn Erfurt, Berlyn, Antwerpen en Sjenêve. Nei 2016 wie se net mear aktyf as sjongster.

Armstrong wie troud mei de toanielregisseur en ympressario Götz Friedrich. Mei him krige hja in soan, Johannes. Fan 2000 ôf wie se widdo.

Karan Armstrong kaam op 28 septimber 2021 yn 'e âlderdom fan 79 jier te ferstjerren yn it Spaanske Marbella.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.