Juanita Growing Thunder Fogarty
Juanita Growing Thunder Fogarty | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Juanita Growing Thunder Fogarty | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1969 | |
berteplak | Castro Valley (Kalifornje) | |
etnisiteit | Assiniboin | |
wurkpaad | ||
wurksum as | kraleriuwster, borduerster | |
streaming | Yndiaansk | |
medium | lear, tekstyl, kralen, oerzonstikels | |
jierren aktyf | ±1980 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Juanita Growing Thunder Fogarty (Castro Valley (Kalifornje), 1969) is in Amerikaansk ambachtsfrou en keunstneresse fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja hat har fan bern ôf oan bekwaamd yn 'e tradisjonele wize fan kleanmakkerij fan har folk, de Assiniboin, en de oare stammen fan 'e noardlike Grutte Flakten. Dêrby leit se har yn 't bysûnder ta op fersiermetoaden lykas kraleriuwen en borduerjen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fogarty waard yn 1969 berne yn Castro Valley, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Har âlden kamen lykwols út it Fort Peck Yndianereservaat fan noardlik Montana, dêr't Fogarty sadwaande in grut part fan har jonkheid trochbrocht. Sawol sysels as har âlden binne etnyske Assiniboin en leden fan 'e federaal erkende stamme fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.
Fogarty komt út in lange line fan Yndiaanske kraleriuwsters. Har mem, Joyce Growing Thunder, is ek in foaroansteand kraleriuwster en borduerster, en hja is boppedat de iennichste keunstneresse dy't trije kear de haadpriis wûn hat op 'e Santa Fe Indian Market yn Santa Fe. Fogarty sels learde sadwaande al ier har memme ambacht, en is dwaande mei kraleriuwen sûnt hja trije jier wie.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fogarty makket de tradisjonele dracht fan har folk, de Assiniboin, en de oare stammen fan 'e noardlike Grutte Flakten. Dêrnjonken makket se ek assessoires, lykas tassen, pûden foar pipen, reiswidzen, poppen, foedralen foar gewearen en skieën foar messen. Al har wurk fersiert se mei kralewurk en borduersels wêryn't se oerzonstikels ynkorporearret.
It krale- en stikelwurk sa't Fogarty dat docht is tige arbeidsyntinsyf. Se sammelet har eigen stikels, dy't se ôfnimt fan farsk deade oerzons, en dy't se neitiid wasket en fervet. Dêrfoar brûkt se sawol syntetyske as natuerlike ferve, dy't se makket út û.m. Kanadeeske bloedwoartel (Sanguinaria canadensis), toarnbeien en wolfsmoas (Letharia vulpina). It sortearjen fan 'e stikels nei kleur en lingte is it meast tiidrôvende putsje fan it hiele proses. Dêrnei wurde stikels sêft makke troch se yn waarm wetter weakje te litten, sadat Fogarty se platknipe kin mei har eigen tosken. Dan kin se de stikels taheakje oan of ynrôlje yn lear fan elande- of wapityhûd, wêrmei't se komplekse patroanen makket.
De klean dy't Fogarty makket, is bedoeld as keunst, en net om droegen te wurden, útsein by tige útsûnderlike gelegenheden. Har ûntwerpen binne abstrakt of reälistysk. Yn it lêste gefal binne se basearre op 'e natoer en/of it deistich libben en de mytology fan 'e Flakte-Yndianen. Fogarty har wurk is op 'e Santa Fe Indian Market fjouwer kear útornearre as bêste fan syn klasse. Njonken har keunstwurk treedt Fogarty op powwows ek op as dûnseresse fan tradisjonele Yndiaanske dûnsen. Dêrfoar draacht hja selsûntwurpen tradisjonele klean dêr't sy, har mem en guon oare famyljeleden sân jier lang oan wurke hawwe. Fogarty wennet tsjintwurdich yn North San Juan, yn Kalifornje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |