John Wick (franchise)
| John Wick | ||
| betinker | Derek Kolstad | |
| eigner | Lionsgate Films | |
| lân | ||
| begjinjier | 2014 | |
| films | ||
| langspylfilms | ● John Wick ● John Wick: Chapter 2 ● John Wick: Chapter 3 – Parabellum ● John Wick: Chapter 4 ● Ballerina | |
| tillefyzje | ||
| searjes | The Continental | |
| spultsjes | ||
| fideospultsjes | ● Payday 2: John Wick ● John Wick Chronicles ● John Wick Hex | |
| literatuer | ||
| strips | John Wick | |
| muzyk | ||
| soundtracks | ● John Wick ● John Wick: Chapter 2 ● John Wick: Chapter 3 – Parabellum | |
John Wick is in Amerikaanske mediafranchise op basis fan in rige neo-noir-aksjefilms. De franchise waard yn 2014 skepen troch senarioskriuwer Derek Kolstad, de auteur fan it senario fan 'e earste film, John Wick. It haadpersonaazje fan 'e franchise is John Wick, in uterst gefaarlike hiermoardner dy't 'mei pinsjoen' gien is. Yn 'e earste film giet er wer oan it wurk as er it slachtoffer wurdt fan in ynbraak troch leden fan 'e Russyske maffia dy't syn auto stelle en syn hûntsje deameitsje. De franchise John Wick is eigendom fan filmstudio Lionsgate Films en bestiet anno 2023 út trije films mei noch trije oaren yn preproduksje. Fierders is der ek in tillefyzjesearje pland en besteane der ferskate fideospultsjes en in stripsearje basearrre op 'e films.
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John Wick
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn John Wick komt de sjogger yn 'e kunde mei John Wick (Keanu Reeves), in rêstend hiermoardner dy't rout om syn koartby oan in terminale sykte ferstoarne frou. Der wurdt in jonghûntsje by him brocht, in kado wêrfan't de besoarging beävensearre is troch syn frou foar't se stoar, sadat er yn dizze drege tiid net hielendal allinne wêze sil. Op in nacht brekke in stikmannich leden fan 'e Russyske maffia by Wick yn. Hja steane û.l.f. 'e arrogante Iosef Tarasov (Alfie Allen), de bedoarne soan fan maffiabaas Viggo Tarasov (Michael Nyqvist), dy't Wick syn Ford Mustang Mach 1 begeart. Hja slane Wick folslein yninoar en stelle de auto, mar wat Wick poerrazen makket, is it feit dat Iosef sûnder lykfol hokker needsaak it jonghûntsje dea skopt. As Viggo Tarasov ûntdekt wat syn soan dien hat, is er yn alle steaten, mar tsjin dy tiid is it te let om 'e yn gong sette keatling fan foarfallen noch te kearen. Wick komt spesjaal werom út syn pinsjoen om mei Iosef en syn trewanten ôf te weven, en Viggo, dy't syn soan beskermje wol, hat gjin oare kar as om in oarloch tsjin Wick te begjinnen.
John Wick waard regissearre troch Chad Stahelski nei in senario fan Derek Kolstad. De film gie op 24 oktober 2014 yn premiêre, en brocht $86 miljoen op tsjin in budget fan $20 oant 30 miljoen.
John Wick: Chapter 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn John Wick: Chapter 2 wurdt John Wick (Keanu Reeves) ûnder druk set troch Santino d'Antonio (Riccardo Scamarcio), in baas fan 'e Camorra, de Napolitaanske maffia. Dyselde wol dat er syn suster Gianna (Claudia Gerini) foar him fermoardet, sadat hy har plak oernimme kin oan 'e Hege Tafel, de bestjoersrie fan alle organisearre misdie wêr ek yn 'e wrâld. Mei tsjinnichheid stimt Wick ta, mar neitiid besiket D'Antonio om Wick te eliminearjen, sadat der gjin tsjûgen binne fan wat er dien hat. Dat brekt him lykwols raar op, want Wick is net maklik út 'e wei te romjen. Ynstee giet Wick op jacht nei D'Antonio, en as er yn 'e lytse loege komt te sitten, wit er help te besetten fan 'e kening fan 'e Bowery (Laurence Fishburne), dy't ek gjin trien om it ferskieden fan D'Antonio litte sil. D'Antonio siket op 't langelêst beskûl yn it Continental Hotel, dat neutrale grûn is. Wick lit dan sjen dat er him neat oan 'e regels fan 'e ûnderwrâld gelegen lizze lit. Dat liedt ta syn 'ekskommunikaasje', mar Winston, de manager fan it Continental, jout him in oere om te ûntkommen foar't dy straf yngiet.
John Wick: Chapter 2 waard regissearre troch Chad Stahelski nei in senario fan Derek Kolstad. De film gie op 30 jannewaris 2017 yn premiêre, en brocht $171,5 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen.
John Wick: Chapter 3 – Parabellum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn John Wick: Chapter 3 – Parabellum is John Wick (Keanu Reeves) 'ekskommunisearre' troch de ûnderwrâld om't er in lid fan 'e Hege Tafel deade hat op neutrale grûn. Der stiet in priis op syn holle en hy moat flechtsje om it faaie libben derôf te rêden, wylst er oeral efterfolge wurdt troch kriminelen dy't de preemje opstrike wolle. Troch in âlde skuld te ynjen fan 'e Direktrise (Anjelica Huston), dy't yn New York oer it misdiesyndikaat fan 'e Wytrussyske Roma hearsket, wit er út 'e Feriene Steaten te ûntkommen. Hy bedarret yn Kasablanka, dêr't er help wit te besetten fan in oare hiermoardner, Sofia al-Azwar (Halle Berry). Wilens krije de lju dy't him holpen (Winston, de kening fan 'e Bowery en de Direktrise), in arbiter fan 'e Hege Tafel op besite, dy't harren straffe wol foar it ferlienen fan bystân oan him. Wick siket de Aldste op, de iennichste dy't boppe de Hege Tafel stiet, mar dy stelt him foar in aaklike kar.
John Wick: Chapter 3 – Parabellum waard ek wer regissearre troch Chad Stahelski nei in senario dat diskear skreaun wie troch Derek Kolstad, Shay Hatten, Chris Collins en Marc Abrams. De film gie op 9 maaie 2019 yn premiêre, en brocht $327,3 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen.

John Wick: Chapter 4
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn John Wick: Chapter 4 blykt in troch de Hege Tafel deawaande John Wick (Keanu Reeves) dochs net dea te wêzen. Hy set syn syktocht nei wraak tsjin 'e Hege Tafel fuort en lit dêrby in spoar fan liken nei. De Hege Tafel reägearret troch Vincent Bisset markys de Gramont (Bill Skarsgård) de frije hân te jaan om regaad te meitsjen. Dyselde twingt de bline hiermoardner Caine (Donnie Yen) om efter Wick oan te gean. Winston Scott (Ian McShane), de manager fan it New York Continental, dy't syn eigen griven tsjin Gramont hat, oertsjûget Wick derfan dat er Gramont ûnder de regels fan 'e Hege Tafel útdaagje moat ta in duël. Gramont giet dêrop yn, mar besiket út alle macht om foar te kommen dat Wick op 'e tiid it plak fan it duël berikke kin. Tsjin 'e ferwachting yn wit Wick dat mei help fan syn freonen dochs op te rêden. Gramont lit syn plak by it duël ynnimme troch Caine, mar troch in mûklist slagget it Wick om Gramont reglemintêr te deadzjen. Hy is lykwols sels by it duël fataal ferwûne rekke en komt koarte tiid letter te ferstjerren. Winston soarget derfoar dat er njonken syn frou Helen silger begroeven wurdt.
John Wick: Chapter 4 waard wer regissearre troch Chad Stahelski nei in senario dat skreaun wie troch Shay Hatten en Michael Finch. De film gie op 6 maart 2023 yn premiêre, en brocht $447,3 miljoen op tsjin in budget fan $100 miljoen.
Ballerina
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ballerina is in spin-off-film fan 'e John Wick-filmsearje, wêrfan't de foarfallen plakfine tusken dy yn John Wick: Chapter 3 – Parabellum en John Wick: Chapter 4 yn. It giet oer de ballerina en hiermoardneresse Eva Macarro (Ana de Armas), in lid fan it Ruska Roma-misdiesyndikaat dêr't ek John Wick ta heart. Hja moetet Wick koart wannear't dy de Direktrise (Anjelica Huston) besiket (lykas toand yn John Wick: Chapter 3 – Parabellum. By tafal ûntdekt Eva dat de moard op har heit, doe't se noch lyts wie, it wurk wie fan in misdiesyndikaat dat "de Sekte" hjit. De Direktrise ferbiedt har om 'e Sekte tenei te kommen, mei't der in langjierrige wapenstilstân tusken de Ruska Roma en de Sekte fan krêft is. Eva slacht dat ferbod yn 'e wyn en giet dochs efter de Sekte oan. Dêrby lit se in spoar fan liken efter, oant de Direktrise, om in oarloch mei de Sekte foar te kommen, John Wick (Keanu Reeves) opdracht jout om Eva út 'e wei te romjen. De útkomst fan 'e moeting tusken har beiden is lykwols net wat de Direktrise derfan ferwachte hie.
Ballerina waard regissearre troch Len Wiseman nei in senario skreaun wie troch Shay Hatten. De film gie op 6 juny 2025 yn premiêre, en brocht $140,2 miljoen op tsjin in budget fan $90 miljoen.
Takomstige films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caine
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Caine, in spin-off-film oer de bline hiermoardner Caine, dy't yntrodusearre waard yn John Wick: Chapter 4, waard yn maart 2023 oankundige. Letter waard bekend dat akteur Donnie Yen foar dizze film op 'e nij yn 'e hûd fan Caine krûpe sil, en dat er de film sels ek regisearje sil. De opnamen setten útein op 25 april 2026.
John Wick: Chapter 5
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In fyfde film yn 'e haadrige fan 'e franchise, dy't John Wick: Chapter 5 komme moat te hjitten, waard troch Lionsgate Films formeel oankundige yn april 2025. Hoewol't John Wick oan 'e ein fan John Wick: Chapter 4 deagiet, wurdt er dus wer út 'e dea opwekke. De driuwende krêft dêrefter is Lionsgate, dat mei gragens de hege opbringst fan John Wick: Chapter 4 duplisearje wol. Keanu Reeves hat syn meiwurking oan John Wick: Chapter 5 tasein. De Hege Tafel sil gjin rol spylje yn 'e film; ynstee sil Wick nije fijannen te liif gean nei't er syn frijheid fan 'e Hege Tafel wûn hat.
Oare filmprojekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oare filmprojekten yn 'e John Wick-franchise, dêr't praat fan is, binne:
- in animaasjefilm oer John Wick
- in crossover fan John Wick mei Atomic Blonde
- in crossover fan John Wick mei Nobody
- in spin-off oer it personaazje Sofia al-Azwar, dat yn John Wick: Chapter 3 – Parabellum spile waard troch Halle Berry
- in spin-off oer it personaazje de Kening fan 'e Bowery, dat yn 'e John Wick diel 2 oant en mei 4 spile waard troch Laurence Fishburne
- in ferfolch op Ballerina mei Ana de Armas op 'e nij yn rol fan Eva Macarro
- in samoerai-western yn deselde wrâld as de John Wick-franchise
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Continental
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 2017 waard bekendmakke dat der wurke waard oan in spin-off-tillefyzjesearje dy't basearre wurde soe op personaazjes en settings út 'e John Wick-franchise. it moast in minysearje wurde, dy't de titel de The Continental: From the World of John Wick krige, of koartwei The Continental. (Yn 'e films is The Continental de namme fan in ynternasjonale keatling fan hotels dy't fungearje as neutrale grûn foar alle ûnderwrâldfigueren.) It útgongspunt fan 'e minysearje wie om sjen te litten hoe't in jonge Winston Scott (dy't yn 'e films de hotelmanager is fan it New York Continental) yn 'e 1970-er jierren opklimt ta dy posysje. De rol fan Winston (dy't yn 'e films spile wurdt troch Ian McShane) waard yn 'e searje fertolke troch Colin Woodell. Mel Gibson spile de rol fan Cormac O'Connor, de manager fan it New York Continental yn 'e 1970-er jierren. The Continental bestie út 3 ôfleverings en waard produsearre troch Lionsgate Television en Thunder Road Films. De searje waard yn oktober 2023 útbrocht fia de streamingtsjinst Peacock.
John Wick: Under the High Table
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 2023 waard bekendmakke dat der in twadde tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e John Wick-franchise op steapel stie. Betinker Chad Stahelski sei dat de searje, dy't John Wick: Under the High Table komme moat te hjitten, bedoeld is om byrollen út 'e John Wick-films better te beljochtsjen. Yn augustus 2024 waard de searje formeel yn preproduksje nommen.
Fideospultsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e John Wick-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:
- 2014 – Payday 2: John Wick
- 2017 – John Wick Chronicles
- 2019 – John Wick Hex
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e John Wick-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:
- 2014 – John Wick
- 2017 – John Wick: Chapter 2
- 2019 – John Wick: Chapter 3 – Parabellum
Strips
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In striprige yn it ramt 'e franchise en yn 'e foarm fan in fiifdielige minysearje ferskynde op 29 novimber 2017 by útjouwerij Dynamite Entertainment. Dy wie makke troch striptekeners Giovanni Valletta (diel 1 en 2) en Matt Gaudio (diel 3 o/m 5) en tekstskriuwer Greg Pak. De searje is in prequel fan 'e filmsearje en giet oer in jonge John Wick dy't nei syn frijlitting út it tichthûs foar it earst op wraak út is.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
| John Wick | |
|---|---|
| John Wick (2014) • John Wick: Chapter 2 (2017) • John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019) • John Wick: Chapter 4 (2023) • Ballerina (2025) | |
| The Continental: From the World of John Wick (2023) | |