Jan Adolf Hillebrand
Appearance
(Trochferwiisd fan J.A. Hillebrand)
Jan Adolf Hillebrand (Lotte, 1786 – Ljouwert, 6 april 1846) wie in oargelbouwer út Westfalen dy't yn Fryslân wenne en wurke.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hillebrand festige him yn 1812 yn Ljouwert. Hy wie in learling en meiöparbeider fan Albertus van Gruisen en Willem van Gruisen. Tegearre mei syn broer Gerhard Heinrich Hillebrand hie er in oargelmakkerij dy't 1835 tichgie. De tsjerkoargels waarden boud foar fral tsjerken yn Fryslân.[1]
List oargels (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Plak | Tsjerke | Ofbyld | Opmerkings |
---|---|---|---|---|
1813 | Easternijtsjerk | Sesiliatsjerke | In 1831 uitgebreid door Willem van Gruisen | |
1816 | Raerd | Laurentiustsjerke | Oargelmakkerij Reil út Heerde restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2011-2012. It oargelfront waard werombrocht yn de kleuren fan foar 1909. By dy gelegenheid waard ek it yn 1909 oerskildere gerdyn wer bleatlein en restaurearre. | |
1818 | De Burch | Herfoarme tsjerke | Oargel fan J.M Gerstenhauer makke en troch J.A. Hillebrand foltôge | |
1818 | Nijewier | Herfoarme tsjerke fan Nijewier | Johan Adolf Hillebrand hat it oargel sels net hielendal ôfmakke; dat hat N.A. Lohman yn 1822 dien. | |
1820 | Drachten | Grutte Tsjerke | Yn 1986 útwreide. | |
1821 | Akkrum | Terptsjerke | Yn 1856 ferhûze nei de Koepeltsjerke fan Feanhuzen. | |
1831 | Mantgum | Marijetsjerke | Yn 1879 ferfongen troch in oargel fan Van Dam en Soannen. | |
1831 | Marrum | Godehardustsjerke | It oargel waard yn 1831 boud, mar it ynstrumint waard ôfkard en yn 1834 ôfmakke troch Lohman en Soannen. It ynstrumint waard nochal ris restaurearre en feroare, itjinge it oargel net altiten ten goede kaam. Sûnt 1985 wie it ynstrumint net mear te bespyljen. Lang waard der hope op in restauraasje, dy't yn 2010 troch Mense Ruiter (Zuidwolde) yn gearwurking mei de oargelbedriuwen Flentrop Orgelbouw (Saandam) en Winold van der Putten (Finsterwolde) lang om let syn beslach krige.[1] In pear jier wie der ek genôch jild om it oargel wer te foarsjen fan in selsstannich pedaal mei trije registers. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|